Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kwerulant

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Soe oars, sa koe it net,
se fleagen alle kanten út,
’t moast rinne nei in  fêst beslút:
de rjochte wet.

It minskdom as model:
op basis fan de wittenskip
in rjochte streek fan stip nei stip
en sa yn tel.

Foarearst de rjochte dyk
en twads en treds de berm en sleat,
sa rûn gjin parallel ferkeard,
elk streekgelyk.

De hazzemaster spant
syn eachstreek by de rige lâns,
mar ien hat dwerse streken: Hâns,
de kwerulant.

Image

admin

Wite ljurk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sy kaam yn de betide jûn
sa út it neat en op ‘e mar
mei beide fuotten op it dek,
oan gjin elektratriedden bûn,
se naam har eigen trie foar kar,
it wie genôch, se hie neat brek.

It wyt foarsei in lette jûn
mei weagen oer de hiele mar
as kaam wat út ‘e himel wei,
gjin bolder wie in tou oan bûn,
mar ’t skip lei stil, fier bûten ’t far,
it lêste ljocht loek út ‘e dei.

Se loek har trie nei boppen ta,
de oare hân lei op it hert,
doe ljochten op de durk en jurk
en rûnen weagen fan komsa
oer mar en lea, yn trilling set
waard elk, sy song lykas in ljurk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum