Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Skippersfrou

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It gie mar troch, de iene nei de oare
waard berne yn de lytse roef,
gjin romte foar in stik of tsien,
mar dochs, wylst heit yn terpgrûn groef,
dêr hiest noch ien!

Wol trettjin ûnderbroeken oan de line
as ’t skûtsje tsjin de reiden lei
mei romte foar it bernespul,
wylst mem it mannewaar opsei:
gjin flauwe kul!

De tiid gie troch, it iene nei it oare
waard berne foar de twadde kear,
dat fjirtjin kamen yn de striid,
mar dochs, de frou as mem de ear:
deselde tiid!

admin

Om te learen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It rûn yn juny op it lêst,
dat alle hollen rekken leech,
it wie op skoalle net te kearen,
mar bûten lei it ark fiif heech
om troch te gean mei learen.

Yn ’t earst rûn alles like bêst,
de peddels rekken glimmend wiet,
de kano’s skeaten rap as spearen,
mar jonges songen ’t âlde liet
fan no net langer leare.

Image

De ien rûn fol, kaam yn de rêst,
de oar glied troch, it leedfermaak
wie yn de hollen net te kearen,
de wetterkano joech de taak
mei ’t easfet ek te learen.

De kano rûn de helling ôf,
wer leech, wylst trije jonges wiet
de holle nei de oaren kearden,
it wie diskear it nije liet
om fan de ramp te learen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum