Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Brillen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It jongste is derôf,
dus sjocht er ’t donker yn,
it skaait al wat nei blyn,
it libben eaget grau.

Sjedêr, in passend apparaat,
in masker, tagelyk in bril,
foar syn depressy adekwaat
en folle better as in pil.

Image

It jongste sit deryn
en komt der ek wer út
troch syn ferkenningsrút:
de fleur yn sinneskyn.

Hy hat fan ’t masker gjin ferlet,
bliuwt sa’t er is mei eigen wil,
de kleuren steane him coolfat,
dêrby komt noch de sinnebril.

admin

Skûtsjemodel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De koppen ha se byinoar,
se stekke nochal ôf
yn grutte en yn ûnderhâld,
de iene naam it net sa nau,
de oare gie derfoar.

De âlder tsjinne as model
en sa ûntstie it bern,
wat wenst is yn de hiele wrâld,
mar ’t is it spul hjir oan te sjen:
it bern is no yn tel.

De koppen ha se byinoar:
‘Sjoch, heit, hoe’t ik hjir lis,
do wiest dan wol in alde rôt
yn ’t silen, mar ’t is lang al mis,
gean do der no ris foar!’

It bernmodel hat einlings baat:
de kleur as resultaat.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum