Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Linich swaaie

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Lit hjoed de wyn mar waaie,
’t is de geast dy’t oer it wetter strykt,
it wolkom ropt oan folk dat linich is
en foar gjin hege weagen wykt,
dat wa soe dan noch kleie?

Lit motors folút draaie
as de bolder frij is fan it tou,
se sjonge foar it folk dat linich is
it liet… de bist fan alles ôf,
lit hjoed de klachten waaie.

Mar as de tsjillen draaie,
hâldt de geast de siken efkes yn
foardat it wolkom oer it wetter strykt:
it is al wer in jier ferlyn
dat jimme linich swaaiden.

Image

admin

Gay

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

Hoefolle wurdich is in namme
op it asfalt fan it paad?
Allinnich letters kin men telle,
kwantiteit is net gelyk oan ’t aard,
soks docht de kriter ûnbeskamme.

Wa kin dy jonge net, ’t is Maikel
dy’t gjin fuotbal reitsje kin,
fansels, hy sil it net fertelle,
mar ’t is oan dat suertsje wol te sjen,
hy is no ienkear gay, in eikel.

Hy doart it oan gjinien te sizzen,
wit it sels net… hielendal,
kin ien foar ien de pesters telle,
alve tsjin mar ien, dat wit er wol,
syn namme wol er leafst net misse.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum