Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Swiergewicht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sis net dat hy neat sjocht
en sjoch ek nei syn earen,
heinend alle lûden fan de wrâld,
hy makket skean wat wie earst rjocht,
sa’n swiergewicht is net te kearen.

Hy hat net gau syn nocht
mei ’t wrotten troch komplotten
yn de mande mei slûchslimme rôt,
hy makket tsjuster wat wie ljocht,
mei syn gewicht falt net te spotten.

Syn draaien is fertocht,
hy giet oer grinzen hinne,
stekt snút en earen yn de wrâld,
fynt op syn wize wat er socht…
hoe wurdt sa’n swiergewicht wat tinner?

Image

admin

Befrijingsmoarn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken ’t fjouwerkante gaas
siet hy al jierren op ‘e stok
as útsichtpost foar frijheid,
wachtsjend op syn kâns, de gok
nei ’t paradys fan eigen baas.

Bjusterbaarlik, want syn kâns
soe komme op befrijingsdei
doe’t wachters frijheid fierden;
’t paste krekt, syn sturt gie mei
as flagge, want hy wie wat mâns!

’t Frije libben foel him ôf,
want yn it gânse paradys
wie Eva net te finen;
dat gjin flagge yn de hys,
hy sette ôf nei mem de frou.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum