Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Topresultaat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As de bloei der gong yn set,
is der gjin hâlden oan,
it resultaat komt net te let,
fertsjinnet oan de ein de kroan.

Image

Klaut de bear nei boppen ta,
hy bliuwt op ’t selde plak,
dus moat hy ’t fan de hichte ha,
krijt mei de kroan kreas syn gerak.

Rinners komme earst ta bloei
as ’t aard wurdt fan beton
nei jierren fan in flakke groei
fan meters nei de maraton.

Klauwen wurdt it oan de ein,
it hâldt no ienkear op,
de kroan is oan ‘gean troch’ fersein,
dus klimt dy rinner nei de top.

Image

admin

Op ‘e kop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Noch foar ’t it wrâldspul heve soe,
klonk yn it lân it needsinjaal
fan lit ús tomkje foar Van Gaal,
want sjoch: de doelpeal is ferware,
boppe rustket troch it stiel,
’t wie mei de latte in gepiel
en op it fjild ha se besparre.

Image

Dus wat deryn sit, wit gjinien,
de bal is rûn, it gers is grien:
Hup Hollân Hup!

Mar doe’t it spultsje ienkear rûn,
wie útsicht op it doel in feit
en swaaiden hiele fjilden reid,
want wat net mooglik wie, soe barre:
tomkes songen yn har taal
in liet foar ’t alftal fan Van Gaal
en mei song hiel de blide skare.

Image

Dus allegearre wisten wol,
wat yn de bus siet, wie… ja, goal!
Hup Hollân Hup!

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum