Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Untrinne

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De loft wie skjin, it wetter flak,
de moarn begûn mei folop sinne,
dat de himel soarge foar it dak,
dêrûnder soe it goed ferrinne.

De skoaltiid rûn rap nei de ein,
dat bûten soe fan binnen winne
op it wetter, oeren sûnder rein,
wol spattend sa as pubers kinne.

De kano’s skeaten oer it wiet,
wylst rappe wolken ’t swurk berûnen,
dochs gjinien dy’t yn de knipe siet,
hoewol’t guon amper fierder koene.

Image

Se wiene net oan tonger wend,
mar wisten, bliksem kin it winne
fan de wettersport mei in aksint,
dus woene sy mar leaver rinne.

Image

admin

Itselde liet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It liet my op dy moarn net kâld,
hoewol’t it op it fjild noch dauwe,
dat it wie in moaie wrâld,
mar dochs, ik hearde dat ien rouwe.

Image

Myn each foel op it swart en wyt
dat op ‘e dyk lei, kontradiksje,
swart as tar en wyt as kryt,
’t kaam op my oer as wie it fiksje.

It foel my op hoe skitterjend
it wie, de dau en doe de sinne,
by dit oansjen waard my gund
hoe’t swart en wyt oan tinten winne.

Myn ear fong op it skatterjen
heech út ‘e beam, ’t wie klear te hearren
dat sy wie foar him ferlern,
hy song by libben en by stjerren.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum