Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

As foarbyld yn byld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lûkt foar him de dei ek nei de jûn
as foarbyld foar syn generaasje?
Hy skrept noch ta en eaget sûn,
dus libbet er mei faasje.

Image

Reade streken lûke him wol oan,
gjin jûnsread, mar de arkeplanken,
it twadde ûnderdak as kroan
op syn bestean… mei ’t famke.

Sechtich jier tegearre troch de tiid,
mar mei de arke no allinne
is ’t byld foar him wat minder wiid
om nei de jûn te rinnen.

Jûn komt hy mei ’t arkespul yn byld
as foarbyld foar syn generaasje,
it is mar krekt hoe’t ien him fielt,
men libbet by de graasje.

Image

admin

Ferskowende tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wolken binne net te kearen
troch in stek dat iepenstiet,
net troch it brein dat sjongt it liet
fan simmermoarn oan dy de eare.

Iepen stie ik foar de romte,
rinnend op ‘e Grienedyk
en oeral wie ik tagelyk,
behalve by dy iene kromte.

Bûgend hold ik op mei sjongen,
yn it brein krong djip it griis
oant donkerblau, wat makke wiis
dat tiden hawwe eigen gongen.

’t Ljocht lit ik net langer skine
oer in simmerskoft foarby,
mei greiden bûnt fan kleur en kij
en troch it hea in swylmasine.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum