Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Kleare en barre tiden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It barde yn de fûgelhut
en yn de lette simmer
dat in swel fleach fan it nêst,
in flits, ik seach noch krekt de sturt,
wat soe sa’n fûgel ûndernimme?

Image

Ik fielde, koe der amper by,
en telde trije aaien,
mar fidúsje hie ik net
dat útkaam wat foar ’t gripen lei,
it soe yn dizze tiid net meie.

Der giene yn de fûgelhut
noch withoefolle fingers
oer wat al op brekken stie,
it like dizich, ’t hie gjin nut
om no al op te hingjen slingers.

Yn slingers fleach de memmeswel
fan klearebare blidens
om in sûne trijeling;
de giele snaffels ljochten fel
om enerzjy foar barre tiden.

Image

admin

Op ‘e Feanhoop

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch blinkt it glês, in blauwe sinne,
mar der is gjin fjoer
mear Op ‘e Feanhoop,
it bouwurk bliuwt allinne oer.

In spegel is it foar de blêden,
mear as alle bern
fan Op ‘e Feanhoop,
it leave libben gie ferlern.

It byld sa leaflik yn beweging
bliuwt in rest fan oer
nêst Op ‘e Feanhoop:
in houten skûte en in toer.

Image

In inkeld bern rint noch dertusken,
op ‘e syk nei mear
yn ’t hôf fan Eden,
mar Eva stiet net langer klear.

Dochs ûnnatuerlik yn de hichte
sprekt him oan in ko
yn ’t hôf fan Fryslân,
it leave libben yn it no.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum