Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fereale wiisheid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Sy hat se sjoen, de wizen
dêr’t de skilder har op wiisd hie:
‘Sjochst, Saskia, se binne yn berie,
har wiisheid is te priizgjen.’

Har Rembrandt koe it witte:
Paulus dy’t mei Petrus praat hie
oer hoe’t it yn syn eigen brieven stie,
dêr moast men it oan mjitte.

Sy koe der net mei sitte,
woe dat sy it him mar sein hie
dat sy folslein foar eigen wiisheid gie,
soks soe sy witte litte.

Har Rembrandt hat it murken,
klaaide har sa’t hy it sjoen hie
yn syn ferbylding, wie gau út ‘e rie
en hat mei ferve wurke.

Sy seach it oan as eale
dame, om’t sy ek wol wiis wie…
mei him foaral, mar dan yn stil berie,
fan top oant teil fereale.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Petear fan wizen’
Skilderij ‘Laitsjende Saskia’

admin

De ljedder

Keunst
PDF Print E-mail
fan Akseli Gallen-Kallela*

Image

It woe net, alles wie te wiet,
sa moast er it net ha
mei mar en wolken,
’t like dat de ferve glied,
dat slingerje mar ta.

It jongste wie derôf, mar âld?
’t Woe net mear streekje
hjoed, want bûten wie it kâld.

Hy moast derút, it sniedún op,
en fierder noch, omheech,
mar nei de wolken?
Ynspiraasje, gleone kop,
as skilder wied er steech.

Sa rûn de ljedder nei it dak
en mei wat streken
kriich de keunstner syn gerak.

Image

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
Skilderij ‘Wolken boppe de mar’
Skilderij ‘Kalela yn de winter’
Yn dit hûs yn de wyldernis
hie de skilder syn atelier.

< Foarige Oare >

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum