Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Neakene wierheid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Epigonus*
fan Boethos**

Image

Dêr sit er, dwyl en hymjend fan de striid,
de beide hannen sykje stipe,
want syn krêft streamt fuort mei ’t bloed,
wat jout dan noch syn heldemoed,
hy kin nei swurd noch libben gripe.

Hy wie noch jong doe’t ljochte op syn tiid
fan aventoer yn ’t winnend leger
dat marsjearre sûnder noed
oer moarn, de sege wie foar hjoed,
’t ferlies fan ’t libben like dreger.

De ieuwen troch hat hy as neaken byld
fertelt hoe’t leger, hieltyd leger fielt.

Mar ’t byld dat hy mei nuete guozzen dielt,
is tusken wjukken fleane, hieltyd heger.

Image

* Epigonus (sirka 200-100 foar Kristus)
Moarmeren byld ‘Stjerrende Galliër’

** Boethos (sirka 200-100 foar Kristus)
Moarmeren byld ‘Jonge mei goes’

admin

Wurk, wask en stopje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Wouter van Troostwijk*
fan Wybrand Hendriks**

Image

It lânskip wie in paradys,
by ’t wetter wei nei hegerop
as rûn men oer in himelpaad
al harkjend nei de fûgelrop
sa nei ús Leave Hear
en boppedat, de beammen joegen skaad.

Der wie gjin ingel mei in swurd,
mar ’t libben snie der djipgeand yn
mei foar de boer acht kij en bou
en njoggen biggen by it swyn,
dus nea wie ’t lânwurk klear,
o ja, de wite wask wie foar de frou.

De simmerdagen binne lang,
dan wurdt de holle wolris swier
en jout de pipe him ek del;
in wite ingel ropt fan fier:
‘De nuddel docht my sear,
sis leave, wannear hâldt dit stopjen op?’

Image

* Wouter van Troostwijk (1782-1810)
wie ien fan de belangrykste skilders
fan de Romantyk, hoewol’t er jong
stoarn is.

** Wybrand Hendriks (1744-1831)
skildere lânskippen en sjenrestikken.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum