Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op jierren

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Hy seach werom op syn bestean,
dat bylden skoden foar him lâns,
in grut diel fan de Bibel;
hy streke teksten ta de kearn
en lei oer it gehiel in ierdske glâns.

Image

Doe’t hy al fier op jierren wie,
beseach er him yn dat gehiel
fan Abraham oant Paulus;
hy lies wat yn de teksten stie
en hie mei glâns oan ’t eigen byldwurk diel.

Ynienen waard er har gewaar,
de frou dy’t salang droegen hie
yn skurte en op hannen;
tsien fingers rekken doe in snaar
dy’t resonearre oant er by har wie.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret as de apostel Paulus’
Skilderij ‘In âlde frou’ (Rembrandts mem)

admin

Troch it kier

Keunst
PDF Print E-mail
fan Bodi*

Image

Hy wie de frijheid wend
en foel op oaren oan
foar eigen wolbehagen,
oars hie ’t bist net kend,
syn skreau joech oan de toan.

It komt elk wolris oer
dat mei in klap de wand
skoot ticht, de knyntsjedagen
binne oer, gjin foer
yn frijheid, fan gjin kant.

Foar wa’t net fierder fljocht,
op syk nei ’t iene kier
mei sicht op wêr’t it daget,
is gjin hoop op ljocht,
wurdt nea fan bist ta dier.

* Skilderij ‘De iene of oare reizger’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum