november 26, 2016
fan Armand Boni*
De rop rûn troch it hiele lân
dat Judas fierde ’t leger oan,
it gie fan heit op tredde soan,
hy hie it swurd fêst yn de hân.
It swurd fan Apoloanius,
dy’t hy fersloech yn fûle striid,
syn rom rûn troch, waard wiid en siid
bekend, it slagge Judas dus.
Hy sloech mei ’t swurd it leger del
fan Searon, Gorgias en ek
stie Lysias op ’t fjild foar gek,
in liet hat doe syn lof ferteld:
Judas eage yn syn harnas grut,
lykas in reus liet hy him sjen
mei yn de hân in spear en swurd,
sa teach er moedich nei ’t gefjocht,
hy âle, sprong, in jonge liuw gelyk,
syn proai hie ’t libben rap ferlern,
syn fijân, deabenaud, oerstjoer,
socht krûpend om in goed ûntwyk,
de goddeleazen misten elke kâns,
want hy kaam op foar wet en rjocht,
it ûnrjocht fan de kening wie him oer,
as held wie Judas hiel wat mâns.
* Armand Boni
Boek ‘Judas de Makkabeeër’
november 25, 2016
Ut it skûtsje-argyf 2004
In memoriam Dicky van der Werf
Hy wie de man fan ’t bûchsum lear,
fertsjinne dêrmei kapitalen,
mei de mûle stie er altyd klear
en struide oer hiel Snits ferhalen.
Fan iisclub oant de Snitser Pan,
hy koe oeral syn wei wol fine,
wie yn elk fermidden lang de man
en liet syn ljocht yn hiel Snits skine.
De Snitser Pan foer yn syn bloed,
hy fielde ’t brûzjen yn de ieren,
nea ferlear er nei ferlies de moed,
mei jild liet hy de skoaten fiere.
In stoarm stiek yn syn libben op,
de fleantúchramp fan Tenerife,
fiif kear rôp de dea foar him doe stop,
it libben stie in skoft ferstive.
Nea wie er wer as bûchsum lear,
fleksibel wol mei kapitalen,
hy fertsjinne rynsk de lêste ear,
noch altyd klinke syn ferhalen.