oktober 12, 2017
fan Victor Patricio de Landaluze*
Hy is de iennige dy’t sit
en droegen wurdt nei wêr’t er wol
om mei syn stok te wizen,
want hy is it dy’t fan alles wit,
syn mage sit jûns barstend fol,
hy hat mar út te kiezen.
De oaren steane, mar net him,
sy hawwe neat te sizzen, want
hy hat de bekken sletten
mei te wizen en syn hease stim,
it swiete lûd is foar de klant
om nei syn hân te setten.
En lûkt de dei dreech nei de jûn,
dan rôlje tsjillen noch de fracht
nei skoarstiens dy’t smoarch rikje;
swiete rook hâldt wurge skreppers sûn
en sis no sels (’t mei yn de nacht):
se wurkje foar in prikje.
* Victor Patricio de Landaluze (1830-1889)
Skilderij ‘Rispinge fan sûkerreid’
oktober 11, 2017
fan ûnbekend*
Wy hiene ’t bêste mei him foar
as Fariseeërs dy’t goed witte
hoe’t it moat en wat der bart,
hy joech ús lykwols gjin gehoar
as hiene wy neat witte litten.
Herodes sinde op syn dea,
dêr ha wy him oer ynformearre,
mar hy hie it net oan tiid,
want better moasten geast en lea
fan siken, dan koe hy wol stjerre.
Dat soe heve yn Jeruzalem,
de stêd dêr’t hy raar guod oer spuide,
stêd fan de profetemoard;
wy krigen klap nei klap fan him,
sa as hy mei ferwiten struide.
* Yllustraasje ‘Fariseeërs’