oktober 14, 2017
fan ûnbekend*
De tredde kear doarst ik it oan
om sûnder klop deryn te gean,
’t wie by in Fariseeër,
ik rûn derút troch kwaal en klean,
foel by it selskip út ’e toan.
Myn lichem hold it wetter fêst,
dat rinne koe ik amper mear,
wol nei de Fariseeër,
dêr wie, sa seine se, de Hear,
dy’t siken fan har kwaal genêst.
Dêr stie ik mei myn wettersucht
op sabbat, dat dan witst it wol,
mar ek de Fariseeër?
De itenstafel stie dêr fol,
wa joech doe oan syn hertsear lucht?
Ik fielde ’t klopjen fan myn hert
en ek de Hear syn hân op ’t hier,
mar net oerstallich wetter,
it rinnen foel my net mear swier,
de Fariseeër hearde ’k net.
* Ofbylding út Missale Romanum – 048
oktober 13, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2006
Al fyftjin jier gjin earste priis
en nea noch wûn op eigen wetter,
dat it waard de heechste tiid;
it smakke Klaas* syn soannen fiis
dat heit syn skip ferlear de striid…
wat deale, ’t moast meikoarten better!
It startskot klonk, wêr wie Wâldsein?
De W wie achter tugen rekke,
kriich it rom, kniep elk derút,
sa waard de earste slach al slein,
de striid gie om de folle bút,
fan ’t omsjen skeat it yn de nekke.
Al jierren langstme nei de priis
en foar ’t gefoel koe ’t altyd better,
sa woe heit it ommers ha;
sjedêr, fan freugde lang net wiis,
jûchheiden sy it einskot ta:
de earste priis op eigen wetter.
* Klaas van der Meulen
Soannen: Keimpe, Teake en Ype