februari 3, 2018
fan Caravaggio*
It lêste wat ik doe noch hearde:
‘Lit ús Jezus boade dwaan,
oars komt it grif net goed.’
Myn susters koene it net rêde,
hoe soe ’t oars, ik wie te siik,
dus sieten se yn noed.
Hoe soe ik fan mysels mear witte?
Dea wie ik, in grut swart gat,
ferslach kin ik net jaan.
Myn susters ha der wol mei sitten,
earder draafd, want ik wie dea,
ik hie dêrfan gjin aan.
It earste wat ik doe wer hearde:
‘Lazarus, kom no derút!’
Dat wurd kaam op ’e hûd.
’k Moat sizze, Jezus hat it rêden,
freegje my net nei it hoe,
twa wurden noch: hy woe ’t.
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De ferrizenis fan Lazarus’
februari 2, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2011
De skipper hat it roer út hannen jûn,
de amateur is hjoed de baas,
hy treft it, tusken stoarmen yn
stiet op ‘e mar in waarme wyn
foar Kevin, Knut en Klaas.
Sjedêr wa’t ek it roer yn hannen hat
sa tusken stielen reuzen yn,
hy treft it, nee, no gjin geseur,
in prof start nei de amateur,
as ’t moat sylt hy se fyn.
Dêr brûst de Pan al om de wâl mei reid,
sa tusken mar en Siebesleat,
de Snitsers tinke fier op kop,
mar Durk sylt as in goede mop
al by de Jousterfeart.
De reuzen gean de lêste rûte yn,
sa foar de wyn nei ’t eilân ta,
ien rige yn deselde sleur,
foar Durk in saak fan amateurs,
as prof kin hy se ha.