juni 8, 2018
fan ûnbekend*
De froulju sûnder rjochterboarst,
yn plak dêrfan de pilebôge,
gongen streekrjocht nei de striid,
se waarden as in hynst,
sa sterk beskôge.
Gjin frou hie noch in soan oan ’t boarst,
dy waard ta slaaf of moast ier stjerre,
mar in dochter kriich de tiid
om foar de winst te gean,
sy waard wurdearre.
It hynder jage lykas ’t moast,
de amasône hie de skonken
sletten oan deselde kant
en jage as in earn,
wylst gjalpen klonken.
Troch har is Artemis ferrast:
in hillichdom foar dy goadinne,
want dy stie oan frouljus kant,
de timpel wie in fynst
om from te winnen.
* Ofbylding yn stien
‘Griken yn gefjocht mei Amasônes’
juni 7, 2018
fan Vassily Kadinsky*
fan Gabriele Münter**
Sa skildere Kadinsky:
eksploasjes fan nij libben,
want yn bange tiden is der hoop,
dus lit de kleuren sprekke
lykas it universum
troch de teleskoop.
Sjedêr de man Kandinsky,
yn ’t swart hat hy posearre
foar Gabriele Münter, sy hie hoop
om him ek te berikken
yn ’t eigen universum
as har filantroop.
Syn hert is fierder swalke,
eksploasjes fan nij libben
joegen him wer hoop om troch te gean
en folken oan te sprekken:
gjin striid en revolúsje,
mar in rom bestean.
* Vassily Kadinsky (1866-1944)
Skilderij ‘Komposysje VII’
** Gabriele Münter (1877-1962)
Skilderij ‘Kadinsky’