juli 21, 2018
fan Pieter Pietersz. de Aldere*
Wêr moasten wy oars hinne
as nei Galiléa, dêr’t de mar
oan ús as fiskers loek;
it wie benammen Petrus’ kar,
hy foel werom op ús berop…
hoe soe hy him fersinne?
Dy nachts ha wy neat fongen,
dat it sin fan Petrus wie mar min,
want wiene wy sa tûk
wol bleaun as fiskers yn de rin
fan trije jier? It wie in strop
foar him en foar de ponge.
Wy hearden doe ien roppen
oft der yn de nacht wat fongen wie,
ús antwurd is bekend;
it kaam frjemd op ús oer: syn rie
wie ’t net moast oan de rjochterkant
as kaam de fisk fan boppen.
Ik ha ’t ynienen witten
dat mar ien de wrâld feroarje koe,
wy wiene it wol wend
fan Jezus, wat hy no ek soe,
dat Petrus sprong yn ’t wetter, want
hy seach it doe wer sitten.
* Pieter Pietersz. de Aldere (1540/1541-1603)
Skilderij ‘Jezus by de mar fan Tibearias’
juli 20, 2018
fan Sandro Botticelli*
Folwoeksen waard se berne
op ’e weagen út it wite skom
en droegen op in skulp nei ’t strân,
har skientme soe gjin god ûntkenne.
Har fuotstap liet de blommen
bloeie op ’en paad nei ’t hillichdom
Olympus, streakjend wie har hân,
oan leafde koe gjin god ûntkomme.
Sy wie ien fan de tolve,
spile ’t leafdesspul mei folle mear
en waard de mem fan mannich bern,
wa wit, miskien wol mear as alve.
Eros wie it jongste soantsje,
mei syn bôge skeat er kear op kear
en rekke ’t hert, sa’t leafde kin,
dat mem hie niget oan har mantsje.
* Sandro Botticelli (1445-1510)
Skilderij ‘De berte fan Aphrodite’