maart 9, 2024
fan ûnbekend*
Holodomor,
Oekraynske hongersneed,
sa wie ’t belied fan Stalin,
genoside trof ’t ûnskuldich folk,
miljoenen deaden nei lang leed.
Holocaust,
net te leauwen al dat leed
troch pogroms en yn kampen,
genoside trof ’t ûnskuldich folk,
miljoenen deaden oan ien gleed.
Holy dominance**,
hillich is de hongersneed
as faktor yn de oarloch
tsjin Hamas en it ûnskuldich folk…
hoefolle binne der yn need?
Holle dommens
dat mynhear de presidint
fan Israel yn oarloch
tsjin Hamas en it ûnskuldich folk
hat him yn hjoed de dei fersind.
* Foto ‘Holodomor’
** Oerhearsking
maart 8, 2024
fan ûnbekend*
Aït-Ben-Haddou, de stêd
dêr’t mannich karavaan
de hannel brocht ta grutte hichte,
strielet no noch it ferline út.
Stêd dy’t mei de skiednis rêdt
yn searjes en yn films,
bringt hiel de wrâld no op ’e hichte
fan ferhalen út ’e Bibel wei.
Soms ferfart út Israel
in stêd nei de woestyn,
dêr’t moslims Allah noch heechachtsje,
fan in produsint komt sa’n beslút.
Kristus komt dan op bestel
nei Aït-Ben-Haddou
op godsbesite by Mohammed
om te praten oer de goede wei.
* Foto ‘Aït-Ben-Haddou yn Marokko’