Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sletten eagen fan Hale

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

It bleate each kin fierder sjen
as ’t paad dat nei de fierte liedt,
mar sjocht net fierder as de kym,
dêr’t stjerren boppe komme
yn de nacht, it slacht it acht.

It each wol folle fierder sjen
en freget om in ynstrumint
dat yn it universum kringt,
it sicht wurdt sa ferromme:
stjerren strielje yn de nacht.

De spegel fan de teleskoop
fan Hale wie folle grutter as
wat ynstrumint dêrfoar dan ek,
syn each soe fierder komme,
mar sloech hy de himel acht?

Nea seach er troch de teleskoop
dy’t hy sa grut ûntwurpen hie,
syn eagen wiene earder ticht,
de kâns waard him ûntnommen
om te eagjen yn de nacht.

* Foto ‘Palomar-observatoarium’
** Foto ‘Teleskoop fan George Ellery Hale’

admin

Ien tsjin fjouwer

Keunst

fan Francisco de Goya*

Wa moat it grutste offer bringe?
Wa’t de skiednis sprekke lit,
wit al gau it goede antwurd:
hoe’t sy stiet of leit of sit.

Sy stiet allinnich foar wol fjouwer
dronken, geile keardels oer,
dy’t besykje har te nimmen,
sy beskôgje har as hoer.

Sy sit slim oer har eigen wearde
yn as frou dy’t net krekt wit
hoe’t dy fjouwer har bespylje,
wat sy harren witte lit.

Sy lit har dus net leger lizze
as de manlju ha op ’t each,
bringt gjin offer oan de geilens,
wat de man nêst har al seach.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Wat in opoffering’
Print 14 út ’e searje ‘Los Caprichos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum