Ut it skûtsje-argyf 1973
De float lei sylleas op De Lemmer
mei de flagge yn de mêst healstok;
se seagen nochris om, de mannen
yn de bus nei Starum, sûnder nok
omheech en ’t roer út hannen.
Se sieten skoatleas yn de tsjerke,
hiene ’t touwurk net yn eigen hân,
mar waarden meisleept troch de wurden
fan it wetter nei ’t beloofde lân,
in oarde sûnder swurden.
Se rûnen skraalwyns nei de finish
sûnder aspiraasje nei de priis
fan blommen op ‘e houten skûte
fan de skipper, solidêr en wiis,
mar moarn… har eigen rûte!
|