Hy stie earst op ‘e stoepe,
wachtsjend op syn maat,
dy moast de trui oanstrûpe
neffens fiskersaard.
Doe stiek er oer nei ’t wetter,
steatlik poat foar poat,
syn maat kaam efkes letter,
skealik oer dy boat.
Der wie wol plak foar beide,
wachtsjend nêst elkoar,
se stoarren wakker nei de
koark, dêr wied er foar.
Mar mear noch foar wat ûnder
wetter bite soe,
noch better wie it wûnder
dat er frette koe.
De lange en de koarte
wiene twa yn ien,
lykas de wetterpoarte,
duotoer yn stien.
|