By gelegenheid fan
de oekumenyske tsjinst
op 30 april 2006 yn Itens

Hoewol’t de himel blau wie,
de greiden kleuren grien,
de moles stadich draaiden
en tuorren inkeld wiisden,
de pleats op ’t selde plak stie,
mar bûten wie gjinien,
allinnich skiep mei lammen,
mar dat wie hiel gewoan;
hoewol’t de sinne riisde,
it noch mar amper waaide,
omdat de flagge slop hong
op dizze sneintemoarn,
giet men noch ûnbeskamme
syn eigen bline gong.
Oant wurden krije nammen
fan minsken lykas wy,
sy iepenje de eagen
en jouwe der wat by.
Sa’n hûndert sinne-gielen
fan dêr dy hynsteblom,
sa tusken stien en stielen
stek, rekkenje mar rom.

En dan de hynste-eagen,
bedjipjend elke siel,
yn harren is gjin leagen,
se sjogge it gehiel.

It hiele fjild oereagjend
fan jonges oan de bal,
in lêste skot noch weagjend,
sa libjend yn ’t hielal.

Sjochst dan mei harren eagen,
fan jonges, bist en blom,
hast mei de leafde eage
en draaist de moarntiid om. |