Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan twa healbroers

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 2 novimber 2014 yn Drylts

Image1. Tarissing

Op dizze sânde snein fan de hjerst,
yn de rooms-katolike tsjerke ek
de snein fan it betinken fan de ferstoarnen,
binne wy by elkoar kommen
om nei te tinken oer it ferhaal
fan twa jonge minsken,
de iene in jier of trettjin en de oare trije.

Wy dogge dat yn it fertrouwen
dat it Wurd fan God, de Iene,
wier is,
dat Hy mei âld en jong, âlders en bern
troch it libben giet en gjinien loslit
ek al skiede de wegen.
Amen

2. Sjonge
Tuskentiden 1: 1, 2, 3, 4 en 5

3. Bea

Heit yn de himel, wy ha songen fan de freugde
dy’t ús fan ‘e moarn hjir brocht hat,
dus it past ús om earst tank te bringen.

Tankewol dat ús eagen noch yntakt binne
om de rûte nei tsjerke te folgjen
en dat de fuotten ús hjir noch bringe koene.
Tankewol dat de mûle jo lof noch sjonge kin
en de earen noch goed binne om jo Wurd op te heinen.

Wy ha songen oer dit gebou dêr’t minsken fan earder tiid
ek hinnegiene.
Tankewol dat wy yn de rûte fan de generaasjes opnommen binne.

Wy ha songen fan ingels, jo fertsjintwurdigers,
dy’t it boadskip foar de takomst bringe.
Tankewol dat wy mei Hagar dat boadskip
fan ‘e moarn hearre meie, it libbensboadskip foar Ismael.

Wy ha songen oer jo plan fan ivichheid betocht
en dan wurde wy in telmannich stil…
sjogge wy dat plan noch wol skimerjen
troch safolle ellinde hinne?

Dêrom bidde wy earst foar de wrâld yn need:
foar minsken yn oarlochssituaasjes,
foar de flechtlingen,
foar de asylsikers,
foar minsken besmet mei ebola,
foar minsken dy’t honger ha.

Wy bidde ek foar ússels,
want elk minske hat wol soargen,
elke húshâlding hat syn krús
en yn elke famylje spylje problemen op.

Untfermje jo oer de wrâld en oer ús.
Amen

4. Sjonge
Tuskentiden 9: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Solo: Alida en
Gemeente: Kyrie eleison

5. Ynlieding

It libben kin raar ferrinne yn in famylje. Is der tsjintwurdich noch wol in famylje dy’t yn folle harmony troch it libben giet? Faak is der wol in swart skiep dy’t him net mear by de keppel jout of sels ferstjitten is.
Yn de oanrin nei it ‘Famyljediner’, in EO-programma op ‘e televyzje, steane de partijen fijannich foar elkoar oer en beskuldiget de iene de oare fan de rúzje. Lytse ynsidinten rinne soms út op in jierrenlange ferwidering. Lokkigernôch is der dan ien yn de famylje dy’t besiket om de partijen oan deselde tafel te krijen om mei elkoar te iten.

Yn de maatskippij fan hjoed de dei wurde de famyljerelaasjes troch bygelyks skiedingen en twadde houliken sa kompleks dat de kâns op konflikten grutter wurdt. Styfheiten en styfmemmen, healbroers en healsusters, pleechsoannen en pleechdochters en adopsjebern hawwe it troch de ferskillende ferhâldings net maklik. As de problemen sa grut wurde dat de âlders dermei oan binne, dan wurde helpferlieners ynskeakele om de húshâlding wer yn lykwicht te bringen. Mar hoe moat it as de relaasjes sa fersteurd binne dat de skealjes net mear yn lykwicht komme kinne?

Fjouwertûzen jier lyn wie der al in húshâlding mei fersteurde ferhâldings. It wie in húshâlding mei twa healbroers, ien fan in jier of trettjin en syn broerke fan likernôch trije. En frjemd genôch gong it om laitsjen.

No kin men ferskillend laitsje: bolderje, skatterje, gewoan laitsje, glimkje, gnize, spytgnyskje en folle net genôch.
Doe’t it lytse broerke berne waard, lake de mem fan lok nettsjinsteande de bertepine. It jonkje krige sels in namme dy’t op laitsjen sloech, nammentlik ‘sy laitsje’. De takomst lake de húshâlding ta, soe men sizze.
Mar trije jier letter bestoar it laitsjen op ‘e gesichten, behalve op ien gesicht, dat fan de grutte broer, dy’t spytgnyske. Yn plak fan laitsjen waard gûld, net lûdop, mar fan binnen:
Mem Sara, dy’t sa lang wachte hie op ‘e berte fan de lytse Izaäk, gûlde fan grime.
Heit Abraham skriemde fan fertriet.
Hagar, de mem fan de spytgnyskjende healbroer, gûlde fan wanhope.

Image
Giovanni Francesco Barbieri

Yn dy tiid wie der gjin programma ‘It famyljediner’, dat der moast in oare oplossing komme.
It waard in dramatyske oplossing. As it yn ús tiid sa bard wie, soe der in draaiboek foar in film út fuortkomme kinne. Wy sille yn dizze tsjinst mei wurden de bylden foar eagen krije.
It tredde part fan de film spilet yn ús eigen tiid.

6. Sjonge
Liet fan Sara: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Psalm 134

De Iene rôp en Abraham
ferliet mei Sara lân en stam,
gjin bernestim klonk op ‘e wei,
sy naam har godsfertrouwen mei.

It wie in lange, drege reis,
ien lêst droech Sara ûnderweis:
de lege skurte foel har swier,
’t beloofde lân lei fierste fier.

Sy kamen oan yn Kanaän,
ûnfruchtber gea foar frou en man,
de honger ware troch it lân,
dat har fertrouwen hold gjin stân.

Egypte noege mei asyl,
dêr’t Abraham ferkocht syn siel
oan ’t leagenryk, joech Sara wei
oan farao foar nacht en dei.

Werom yn it beloofde lân
joech Abraham mei golle hân
syn trije gasten ’t middeismiel,
mar Sara kriich har eigen diel.

Sy lake om ’t beloofde bern,
koe net de fierte lizzen sjen,
dochs hope sy op ’t eigen plak
bestimd foar lytse Izaäk.

Image
Rembrandt

7. Lêze
Genesis 21, 1-7

8. Sjonge
Liet fan Izaäk: 1 en 2
Wize: Liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken

Gjin twivel mear, hy sil gau komme,
it lange wachtsjen is foarby,
it gnyskjen is de mem ûntnommen,
it folút laitsjen stiet har frij,
it berntsje krijt in skoander plak,
dus laket elk foar Izaäk.

Gjin twivel, fan it boarst ôfkomme,
de tosken dogge no it wurk,
foar ’t jonkje wurdt de wrâld ferromme,
hy libbet ûnder ’t wide swurk,
it gnyskjen makket him net kjel,
hy is te jong foar Ismael.

9. Ferkundiging 1
Izaäk

Dêr leit Sara as mem mei in lytse poppe yn de earms, is it net in oandwaanlik? Oandwaanlik, de mem is der oandien fan en wy mei har.
Oandwaanlik dus! In jier earder is Sara ek wat oandien, troch Jahweh, God of de Iene. Der is doe wat troch Sara hinnegien, nammentlik de belofte fan de Iene dat se in soan krije soe. Hoe is it mooglik… Abraham 100 en Sara 90 jier. Nei it lichem fan de minske sprutsen is dat ûnmooglik. Mar mei de geast fan de Iene is neat te wûnderlik. Soe de Iene mei syn geast it lichem fan de minske net oandwaan kinne?

De wurden yn de Naardenske Bibel, dy’t it tichtst by it Hebrieusk komme, binne sa:
De Ene heeft Sara bezocht
zoals hij heeft gezegd;
de Ene doet aan Sara
zoals hij heeft gesproken.
Tink no net dat Abrtaham der net oan te pas kommen is, want de Iene is gjin ynseminator.
Boppedat binne Abraham en Sara, doe’t yn it beloofde lân Kanaän de honger omware, nei Egypte reizge om te oerlibjen. En yn dat lân waard doe al yn hiëroglyfen, tekeninkjes yn stien, it ferhaal ferteld dat in god de keninginne oandie, sadat se swier waard en nei ferrin fan tiid in bern krige: de berte út ‘e faam wei (maagdelijke geboorte).
Soe it ferhaal fan de njoggentichjierrige Sara en har soantsje dan net fuortkommen wêze út it byldferhaal yn Egypte: de Iene docht oan Sara wat er ûnthjitten hat.
Oandwaanlik troch it wûnderbaarlike en oandwaanlik hoe’t Izaäk yn de earms fan syn mem leit. Elke frou dy’t mem is, kin hjirfan sprekke en elke heit dy’t dit prachtige byld sjocht, kriget of de triennen yn de eagen of laket fan lok.

Laitsje, folút laitsje as befrijing nei njoggen moannen ûnsichtber libben yn it memmeliif.
Mar earder ha Abraham en Sara ek lake. Abraham lake doe’t de Iene him tasei dat Sara in soan krije soe. Hoe koe in man fan hûndert jier noch heit wurde?
En doe’t trije fertsjintwurdigers fan de Iene by Abraham op besite kamen en de belofte nochris klonk, spytgnyske Sara yn har tinte.
It gnyskjen oer it mem wurden fan in frou dy’t al âlde beppe wêze koe, mar dochs…
De spyt oer de swierte fan har libben dy’t amper te dragen wie, mar dochs…
Dochs klonk yn it spytgnyskjen de hope troch, noch sterker de ferwachting.
En Sara rekke yn ferwachting troch tadwaan fan de Iene.
Doe’t de lytse poppe ienkear yn de earms fan syn mem lei, wie de namme al gau jûn. As der al safolle lake is, earst spytgnyske om de frjemde belofte, en by de berte folút, dan moast it jonkje wol Izaäk hjitte: se laitsje.

Tolve jier letter rint Izaäk mei syn heit de berch op, Abraham mei bûgde holle, Izaäk noch fan neat wittend. Der falt neat mear te laitsjen. Der hat gjin belofte mear klonken, wol de opdracht om de soan te offerjen.

Image
Rubens

Yn it begjin die de Iene oan Sara it wûnderbaarlike sa’t de Iene dat ek oan Marije die, doe’t de ingel Gabriël de berte fan Jezus oankundige: it ferhaal fan de berte troch de faam.
Kinne wy dan it ferhaal fan it offer fan Izaäk ek ferlykje mei de krúsdea fan Jezus? It offer fan soan Izaäk gie net troch, soe de Iene dan wol syn soan Jezus offere ha, sa’t de lear fan de measte tsjerken troch de ieuwen hinne west hat?

10. Sjonge
Liet fan Izaäk: 3 en 4

As memmesoan is hy allinne
en fantasearret him in maat,
hy boartet hoeder yn de sinne
en bringt in lamke yn it skaad,
dus krijt it dier in skoander plak,
sa is de aard fan Izaäk.

As heitesoan moat hy meirinne
de berch op, sa giet it omheech
oant heit en soan der einlings binne,
it offermes slacht net omleech,
in raam komt foar him yn it plak,
dus laitsje heit en Izaäk.

11. Lêze
Genesis 21, 8-21

12. Sjonge
Liet fan Ismael: 1 en 2
Wize: In spyltúch bin ik yn Gods hân

It libben is foar Ismael,
dat fielde Hagar oan,
sy joech har net by ’t lijen del,
wist wis: ik krij in soan;
dat hie de ingel tsjin har sein
doe’t sy gjin útkomst seach:
‘Kom, mem fan Ismael, oerein,
hâld dit ûnthjit yn ’t each.’

It libben wie foar Ismael
al by de earste skreau,
syn lûden skel, syn eagen fel,
de earste drokte bleau:
mei pylk-en-bôge yn de wear
skeat hy de dieren del
en wie rap mei it strûpen klear,
sa wie dy Ismael.

13. Ferkundiging 2
Ismael

Yn it ferhaal fan fan ‘e moarn is Ismael de âldste jonge, al in puber. Hoewol’t it hâlden en dragen fan Ismael wol wat puberaals hat, wisten se yn de tiid fan Abraham fan gjin puberteit.
Ismael, de soan fan Hagar, de Egyptyske slavinne, de reservemem. Jawis, reservemem, want it útstel fan Sara oan Abraham om Hagar mar as byfrou te nimmen, om’t sysels net mear leaude yn har mem-wêzen, hie resultaat: Hagar waard swier en mem fan in soan, Ismael. Doe yn de eagen fan Abraham noch de earste soan, mar nei de berte fan Izaäk reserve-soan. Hy sit by wize fan sprekken op ‘e reservebank, wylst om Izaäk hinne it feest fan it boarst-ôf fierd wurdt. It jonkje fan trije jier hoecht net mear oan it boarst fan mem Sara, dy’t nei alle gedachten ek net mear genôch tate leverje koe. Izaäk sil tenei mei oan tafel sitte te iten.

Wat in hiele feestdei wêze moatten hie, wurdt in heale. Want wylst de hiele húshâlding oan de feesttafel sit te iten, te praten en miskien ek wol te laitsjen, lûkt it gesicht fan mem Sara ynienen strak. Sy hat wat sjoen wat Abraham en Hagar ûntgien is en fansels lytse Izaäk ek. Ismael hat ûnder de tafel troch syn healbroerke rekke: hy narret spytgnyskjend. De puber laket, mar op in manier dy’t de mem noch folle mear rekket: har soantsje, dat sy njoggen moannen ûnder it hert droegen hat en hjoed foar it earst krekt boppe de tafel útkomt, wurdt troch de soan fan har slavinne leech dellein.
Dan begjint it inerlike gûlen, earst fan Sara, in grimmitich gûlen. Har grime rint út op wurden mei Abraham: ‘Jei dy slavinne en har soan fuort, want hy sil net ervje mei myn soan.’
Sara besiket fan de heale feestdei wer in hiele te meitsjen, want de hiele erfenis sil foar Izaäk wêze. Mar foar heit Abraham is der gjin sprake mear fan in feest. Hy gûlt inerlik fan fertriet. Moat er syn âldste soan opofferje, om’t hy spytgnyskjend lake hat? Hat Sara sels ek net spytgnyske oer de belofte fan in soan?
Abraham is dermei oan. Wat him oanbelanget giet it net oan mei wat Sara him oansein hat. Der driget in kleau tusken man en frou, heit en mem. Dy beide komme der net út. En de Iene dan? Nei it ôfbrutsen feest hearsket de stilte, lykas nei de measte rúzjes. It liket as is de Iene der ek mei oan. Minsklikerwiis is der gjin oplossing: oan de iene kant waait de hjitte woestynwyn fan Sara en oan de oare kant leit de woestyn sûnder iten en drinken. As der gjin ienheid mear is yn de húshâlding, jout de Iene de skieding oan: ‘Harkje nei alles wat Sara tsjin dy seit.’
Dus de brânende woestyn yn, mei brea en in sek wetter, lang net genôch om der trochhinne te kommen. Yn de leechte fan de woestyn is de sek samar leech.

Dêr leit Ismael, ûnder in strúk, op bôge-ôfstân fan de mem. Sy kin it net oansjen hoe’t de deadlike pylk fan de toarst har soan reitsje sil. Mar harkje, de Iene heart it kreunen fan Ismael.
God heart is yn it Hebrieusk Jisjma’el. Yn it hearren fan de Iene klinkt Ismael syn namme troch.

Image
Giovanni Battista Tiepolo

It offer fan Ismael, de dea fan de âldste soan yn de woestyn, wurdt (lykas it offer fan Izaäk) troch de Iene opkeard. Net allinnich troch it wetter út ‘e put, mar foaral troch de belofte dat Ismael ek útgroeie sil ta in grut folk.

De twa healbroers komme net foar elkoar oer te stean, de hiele erfenis foar Izaäk en neat foar Ismael, mar beide wurde troch de Iene hiel makke.       

14. Sjonge
Liet fan Ismael: 3 en 4

It libben liet ek Izaäk
’t ferrin fan dingen sjen,
hy krige oan de tafel plak,
wie net mear tatebern,
mar Ismael skeat op him ta,
lei gnyskjend ’t broerke del,
hy moast it fan it sjitten ha,
sa wie dy Ismael.

It libben wie foar Ismael
foargoed foarby by heit,
hy joech him ûnder tûken del,
besljochte like ’t pleit,
mar hie de ingel mem net sein
doe’t sy gjin útkomst seach:
‘Kom, mem fan Ismael, oerein,
hâld it ûnthjit yn ’t each.’

15. Ferkundiging 3

Ik sil it net freegje, jim hoege yn alle gefallen de finger net op te stekken, mar de fraach soe wêze: wa hat it foarrjocht om yn in folslein harmonyske famylje te libjen? …
Ik ha efkes in stilte falle litten om de gelegenheid te jaan inerlik disharmoanyske bylden te sjen. Want lit ús earlik wêze, gjin famyljeskiednis is sûnder in swarte bledside. Lokkich de famylje dêr’t dan in fredestichter oereinkomt, opdat elkenien wer oan in mienskiplik feestmiel sitte kin. By Abraham en Sara koe dat net… wa soe dêr ek fredestichter wêze? De beide memmen net, dy keazen partij foar har eigen soan. En Abraham, de stichter fan nije folken, koe ek gjin fredestichter wêze, want hy stie tusken twa fjurren: de lôgjende grime fan Sara en it smeulende fertriet fan Hagar. Dan bliuwt mar ien wei oer: de skieding, de tocht troch de woestyn mei de ferwachting dat de Iene útkomst jaan sil. Dy útkomst barde foar Hagar en Ismael, sy kamen út ‘e woestyn wei.
Wêrom soe dat net yn de famyljes fan hjoed de dei kinne? Neat is foar de Iene te wûnderbaarlik: de berte fan Izaäk net, dan ek net de berte fan nije famyljerelaasjes. Mar dan moatte de famyljeleden wol oereinkomme om, lykas Hagar, it suvere libbenswetter te skeppen.

Oan de ein komme wy by Izaäk en Ismael werom of better sein: by de bern fan Izaäk en Ismael.
Yn de Twadde Wrâldoarloch is mar in minderheid fan de bern fan Izaäk yn Nederlân opheind om oan it ûnhillige fjoer fan de Nazi’s te ûntkommen. De minsken dy’t dat diene, meie wy helden neame.
De bern fan Ismael wenje op plakken dy’t troch de IS al beset binne of troch it ûnhillige fjoer fan IS bedrige wurde. Hûnderttûzenen binne flechte, guon klopje oan op ‘e poarte fan Nederlân. Soene wy de bern fan Ismael hjoed de dei yn de woestyn swalkje litte mei inkeld in brea en in sek wetter?
Amen

16. Oargelspul

17. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

18. Sjonge
Liet 330: 1 en 3

19. Seine

Wy geane nei hûs, elk in kant út,
mar ús wegen skiede net foargoed,
want as gemeente komme wy wer by elkoar.

Wy nimme ôfskie
mei de seine fan God de Heit dy’t op ús wei meigiet,
mei de leafde fan Jezus de Soan dy’t ús foargien is
en mei de ynspiraasje fan de Geast dy’t ús foarljochtet.
Amen

20. Sjonge
Liet 456: 3

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum