Se hawwe tusken asbest wenne 
mei kleurich read en blau derfoar, 
de susterflat, ferpleechstersherne, 
tichtby it sikehûs en spoar, 
yn tsjinst it wyt, dêrbûten kleurich 
en doe’t se einlings giene foar 
emansipaasje, koe elk hinne 
dêr’t frijheid skreaun stie op ‘e doar. 
De susterflat wie gau feroare 
yn wenplak foar in grut ferskaat 
oan kleurich folk dêr’t winst foar gloare 
yn lege hier en hege steat 
fan frijheid, azemjend de romte 
dy’t útsicht joech as wie ’t in plaat 
natuerlik libben, reid en blomte 
mei op ‘e achtergrûn de stêd. 
Doe kaam de wize heit, de pater, 
dy’t spriek fan ôfbraak foar de bou 
fan trije hege flats mei pakes 
appartemint en fan syn frou, 
mar foar’t se dêr nei boppen klimme 
om te genietsjen fan de fleur 
fan âlde dagen, komt noch immen 
foar ’t swarte asbest, sûnder kleur. 
 
  |