Tsjinst op 13 novimber 2011 op De Jouwer
1. Tarissing
Wy binne fan ‘e moarn yn dizze Fermanje kommen
om mei elkoar it Nachtmiel te fieren
yn de ferwachting dat bôle en wyn
ús de ienheid mei Kristus
ûnderfine litte.
En yn de ferwachting dat God ús bystean sil,
yn dizze tsjinst en yn hiel ús fierdere libben.
Dêr sille wy fan sjonge yn de ‘Bemoediging’.
2. Bemoediging
Marjan en Hinke sjonge foar.
Dêrnei folget barsang.
3. Sjonge
Tuskentiden 1: 1, 3, 4 en 6
4. Tema
Faak komt de wrâld op ús ôf as in mannichte fan berjochten,
in mannichte fan lûden dy’t in rûnte foarmje
en om ús hinne sirkelje.
Dan is it goed om as gemeente sels in rûnte te foarmjen
om de stilte te hearren…
te iten fan de bôle yn neifolging fan Kristus
en te drinken út ‘e boarne fan syn heil.
5. Sjonge
Tuskentiden 5: 1 en 2
6. Gebed
Hear, sjoch ús fan ‘e moarn oan sa’t wy as gemeente
in rûnte foarme ha as teken fan ienheid mei Jezus
en mei elkoar.
Lit it sa wêze dat wy de frede fiele dy’t Jezus
ús foarlibbe hat. Dan kinne wysels frede útstrielje,
sadat ús neisten waarm wurde fan it boadskip
dat wy alle sneinen hearre.
Lit it sa wêze dat op dizze snein de bôle en wyn
ús ferbine mei it lijen, mar boppe-al de opstanning
fan Jezus, sadat wysels opstean ta in fernijd libben.
Lit is sa wêze dat wy ús oansprutsen fiele
as hearden wy ús eigen namme neamen.
Dan kinne wysels de nammen neame
fan wa’t yn it tsjuster fan it lijen ferkeare.
Wy neame biddend dy nammen yn stilte…
En as wy ús namme heard ha, Hear,
en de nammen fan ús neisten
yn ús omgean litten ha,
dan earje wy jo sjongend
en dit hûs sjongt mei.
Amen
7. Sjonge
Tuskentiden 5: 4 en 5
8. Ynlieding
Op 16 novimber 1951, sawat sechtich jier lyn, wie it Saailân yn Ljouwert swart fan it folk. It hie wat fan in keppel sûnder hoeder. Dy hoeder, Fedde Schurer, stie yn it Rjochtsgebou foar de rjochter. Hy waard oanklage fanwege mislediging fan de rjochterlike macht. As haadredakteur fan de ‘Friese Koerier’ hied er in kritysk artikel skreaun, om’t de rjochter ferbean hie om yn de rjochtbank it Frysk te brûken.
Doe’t de keppel op it plein fernommen hie dat har hoeder feroardiele wie, kaam der reboelje. De plysje sloech der mei kneppels op.
Nei sechtich jier wurdt kneppelfreed betocht mei de útspraak: ‘Net kneppelje, mar keppelje’.
Der net op slaan, mar ferbine. Fan de keppel skiep in ienheid meitsje.
Dat hat hoeder Fedde Schurer foar de Friezen dien mei syn opkommen foar de Fryske identiteit en mei de prachtige lieten dy’t er skreaun hat en dy’t noch altyd songen wurde.
Sa hat hoeder Mozes dien troch op te kommen foar syn folk, dat troch de farao as slachtskiep en slaven brûkt waard om festingstêden te bouwen.
Mozes as hoeder fan de skiep fan skoanheit Jethro en figuerlik as hoeder fan syn folk.
Sa hat hoeder Jezus dien troch syn folgelingen te keppeljen ta in ienheid om út te kommen yn Jeruzalem, dêr’t er mei har it Pesach-miel brûkte foar’t er as laam slachte waard.
Sa docht neffens de profeet Ezechiël God de Heare, dy’t as de Goede Hoeder syn ferstruide skiep ta in keppel makket, dy’t weidet yn de beekdellings en op ‘e bergen.
Mozes, Jezus en God as hoeder.
Past de rol fan skiep ús noch?
De rol fan liuw leit ús better: ferskuorrende sterk en machtich.
Mar machthawwers meie net it lêste wurd ha.
Dat wurd is oan de hoeder dy’t keppelet.
Lit ús dan fan ‘e moarn earst mar skiep wêze.
De keppel dy’t fredich yt yn de beekdelling.
Kom nei de Goede Hoeder om it miel te fieren… it Nachtmiel.
Byzantynske keunst
detail
9. Sjonge
Liet fan it keppeljen: 1 en 2
Wize: Tuskentiden 5
Yn de wrâld mei mannich kneppel
slacht geweld foar hoeder op,
wurdt ferstruid de bange keppel,
dy’t ferstiet net mear de rop.
’t Roppen fan de goede hoeder
bringt de keppel op it plak
dêr’t it goed is, want hoe soed er
ek net stean foar har gerak.
10. Lêze
Ezechiël 34, 1-3
Romanino
detail
11. Sjonge
Liet fan it keppeljen: 3
God ropt sels wa’t is fersille
by de fiere folken wei,
sil it laam oer bergen tille,
nimt as Hoeder elk skiep mei.
12. Ferkundiging 1
Hoeder Mozes
Fan Egyptyske prins mei bloed oan de hannen, fanwege deaslach, ta hoeder. Dat is de earste episoade fan it ferhaal fan Mozes. Minder kin net, soe men sizze. Nei it paleismoarmer de keale rotsen fan de woestyn. En dan noch wol hoeder tusken skieppekeutels, in iensum berop mei allinnich as oanspraak it blêtsjen fan de keppel. Soe men dan de hoedersstôk net yn de toarre struken smite?
Ikoan nei Domenico Fetti
En krekt út dat strewelleguod, yn fjoer en flam noch wol, komt oanspraak, sels godlike oanspraak. In oprop om yn beweging te kommen, nee, net omdoarmje op it brânende sân, mar in streekrjochte beweging, earst nei de minsklike keppel dy’t minder as bisten behannele wurdt, syn eigen folk, it slavefolk yn Egypte. Dêrnei de streekrjochte beweging nei it sintrum fan de macht, it blinkende moarmer fan it paleis. Sjedêr, Mozes as hoeder fan syn folk, dy’t opkomme moat foar de keppel dy’t ferlern driget te gean ûnder de kneppelslaggen fan Egypte.
Hoeder Mozes beweecht, mar de farao ferhurdet en sit stiif op syn troan: ‘Ik lit it folk net gean!’
De godlike oanspraak is net allinnich yn de woestynstrúk, mar klinkt ek yn it sintrum fan de ûnderdrukkende macht, no fol grime. Tsien pleagen komme del, fertsjusterje it blinken fan Egypte. Earst nei’t de tsiende ramp it hert fan de machthawwer troffen hat mei de dea fan syn âldste soan, komt de farao yn beweging: ‘Fuort jim, gean by myn folk wei!’
William Turner
Men hat yn de wrâld goede, mindere en poerminne hoeders. It model fan de goede hoeder hat de profeet Ezechiël ús al foarholden: God de Heare, dy’t de ferstruide skiep ta in keppel makket en weidzje lit op ‘e bergen en yn de beekdellings. De mindere hoeders ha de keppel wol op it each wylst dy yn de woestyn omdoarmet, binne sels ree om in ein mei de skiep op te rinnen, mar sitte sels ûnder de palmbeammen yn de oaze. De wrâld is fol fan dy mindere hoeders. En de poerminne hoeders kin men ferlykje mei de farao, de machthawwers dy’t it eigen folk útrûpelje en it jild op ‘e Switserske banken sette as eigen gewin. En dan ha wy it net allinnich oer politike hoeders, mar ek oer finansjele, dy’t de wrâld yn 2008 yn in krisis rommele ha.
‘Fuort jim, gean by myn folk wei!’
Beweging soe men sizze, mar foar’t it safier is, moat der iten wurde, it nachtmiel foar’t de dei fan de úttocht begjint:
– in roastere laam;
– ûnsuorre koeken, want der is gjin tiid om it daai troch soardaai rize te litten;
– bittere krûden as oantinken oan de bittere slavetiid yn Egypte;
Der sil bloed floeie yn dy nacht, net it bloed fan de Egyptner dat Mozes oan de hannen krige,
mar it bloed fan it laam. Dat bloed moat strutsen wurde oan de boppedrompel en doarposten,
opdat de deadsingel foarbygiet oan de doarren fan it Godsfolk. In beweging dy’t foarbygiet, want dizze beweging is deadlik. Alle âldste soannen fan Egypte stjerre yn dy nacht.
En as de sinne opkomt, komt it folk yn beweging mei as hoeder Mozes, dwers troch de woestyn hinne nei it lân fan belofte.
13. Sjonge
Liet fan it keppeljen: 4 en 5
Mozes hat as hoeder tsjinne
yn it gea fan strúk en fjoer,
learde God syn Namme kennen,
joech him oan de ropping oer.
Mozes soe de hoeder wurde
fan it folk út slavernij,
klear foar ’t miel neffens de wurden
fan God sels: ‘Ik bin derby.’
14. Lêze
Jehannes 10, 14-16
15. Sjonge
Liet fan it keppeljen: 6
Jezus hat as Hoeder libbe,
koe syn skiep, dy koene Him;
jong en âld oan Him besibbe,
wurde lutsen troch syn stim.
16. Ferkundiging 2
Hoeder Jezus
Georges de la Tour
detail
Net berne yn in paleis, mar midden tusken de skiep op ‘e fjilden fan Betlehem. De earsten dy’t op kreambesite kamen, wiene hoeders, yn dy tiid folk dêr’t op delsjoen waard. En dat slach folk stie as earste om de lytse poppe Jezus hinne, harren lettere kollega, mar dan yn figuerlike sin.
Is it net ferwûnderlik dat Jezus him identifisearret mei de hoeder?
Yn ús tiid soe Hy miskien de identiteit oannimme fan in wurknimmer fan de sosjale wurkfoarsjenning, dy’t de gemeentlike perken kreas makket. Jezus as skjinmakker en skoffelder fan de wrâld om dy wer yn bloei te bringen.
Trije jier lang is Jezus Hoeder, earst fan in keppeltsje fan tolve, dat linkendewei oangroeit fanwege syn hege beropsmoraal as Hoeder, noch sterker, it berop fan hoeder kriget in religieuze diminsje. Jezus tilt it hoeder-wêzen boppe it meanfjild út nei de hichte fan God de Heit. De Heit ken de Soan as Hoeder en de Soan ken de Heit… as goede Hoeder. En dan binne wy wer by Ezechiël: ‘Iksels sil nei myn skiep omsjen.’
Is it net ferwûnderlik dat ien fan de minste beroppen op it nivo komt te lizzen fan de Ivige. It hoeder-wêzen rint net oer it moarmer fan de paleizen, mar yn de hoeder blinkt de ivichheid troch.
Wie dat al net sa by hoeder Mozes, doe’t de ivichheid oplôge yn dy toarre woestynstrúk? De Ivige makke Him doe bekend as ‘Ik bin derby’. En dêrom koe Mozes it tsjin de wrâldmacht Egypte opnimme en as hoeder syn folk troch de woestyn liede.
Wie dat ek net sa by Hoeder Jezus, doe’t de ivichheid opljochte op ‘e berch fan de ferhearliking, dêr’t Mozes en Elia ek wiene? De Ivige wie der doe ek by: ‘Dit is myn Soan, myn ynleave Jonge, dêr’t Ik sa wiis mei bin. Harkje nei Him.’
En se harken nei Him as de goede Hoeder. De keppel op wei nei Jeruzalem waard grutter en grutter. Der wie folop beweging, it hie der in protte fan as gie it nei it beloofde lân mei Jeruzalem as de stêd fan de belofte. It soe ommers meikoarten Pesach wêze, it feest fan it foarbygean fan de ingel fan de dea en fan de úttocht út it slavelân.
17. Sjonge
Liet fan it keppeljen: 7 en 8
Berne by in stille keppel
yn de nacht fan Betlehem
op it plak fan liuw en kneppel,
noch altyd klinkt Davids stim.
Oan de ein fan Hoeders jierren
ljochte op Jeruzalem,
dêr hat Pesach iepenbierre
hoe’t it fierder rûn mei Him.
18. Lêze
Mattéus 26: 18
Jezus sei: ‘Gean de stêd yn, nei dy en dy, en sis tsjin him: De Master lit sizze: It is myn tiid hast. By Jo wol ik it peaskemiel hâlde mei myn learlingen.’ De learlingen diene sa’t Jezus it hjitten hie, en makken it peaskemiel ree.
19. Sjonge
Agapèlied: 1, 2, 3, 4 en 5
20. Lêze
Mattéus 26: 26
Under iten naam Jezus it brea (it ûnsuorre brea), tanke, briek it yn stikken en joech it oan de learlingen mei de wurden: ‘Nim en yt, dit is myn lichem.’
Ikoan nei Leonardo da Vinci
Utdielen en iten fan de bôle
Lit ús de bôle ite as teken fan it lichem fan Jezus.
21. Sjonge
Liet fan it keppeljen: 9
Sa’t wy om de tafel sieten,
ha wy sjoen it brutsen brea,
dêr’t wy mei elkoar fan ieten,
tinkend oan syn brutsen lea.
22. Tekst
Germeente fan Kristus, kom yn beweging, as keppel dy’t de stim fan de goede Hoeder ken en Him folgje wol, kom nei de tafel mei de bekers.
23. Lêze
Mattéus 26: 27
Doe naam Hy de beker, tanke en joech him oan de learlingen mei de wurden: ‘Drink hjir allegearre út, want dit is myn Ferbûnsbloed.’
It ynjitten fan de wyn en it drinken út ‘e beker
Lit ús drinke de wyn as teken fan it bloed fan Jezus.
24. Sjonge
Liet fan it keppeljen: 10
Doe’t wy nei de tafel rûnen,
foel ús each op bekers wyn,
drinkend fielden wy de wûnen
fan twatûzen jier ferlyn.
25. Lêze
Mattéus 26: 31
Doe sei Jezus tsjin harren: ‘Fannacht sille jimme jim allegearre fan my ôfkeare, want yn de Skrift stiet:
Ik sil de hoeder slaan en de keppel skiep sil útinoar jage wurde.’
Francisco Zubarán
26. Ferkundiging 3
Wy as skiep of hoeders
It Nachtmiel rint út op it slaan fan de hoeder en it ferstruid wurden fan de skiep. Hoe is it mooglik dat dit bart: skiep sûnder hoeder, oerlevere oan de machten fan de wrâld.
Wy kinne dat ferhaal fan 2000 jier lyn, mar ús ferhaal, dat fan de mennisten fan De Jouwer yn 2011, is hiel oars… of net?
Wy ha ús net ôfkeard fan Jezus, mar krekt oarsom, ús takeard nei de goede Hoeder, binne oereinkommen, hawwe stappen set nei de beker en de wyn dronken as teken fan syn fergetten bloed.
Mar no dan? Nei dit Nachtmiel? Jawis, jim binne as mennisten ien fan geast, ien keppel, net ferstruid lykas de dissipelen nei it Pesach-miel. Mar binne wy der sa? Jim tinke dochs net dat wy skiep bliuwe kinne?
Binne wy de lêste wiken net as skiep achter de ûntwikkelings oanrûn? Wat hasto dien doe’t Mauro it ferlerne skiep drige te wurden? Bist doe mei de mooglikheden dyst hast, hoeder foar him wurden? Of bist achter de mindere hoeder Leers oanrûn, dy’t de wet boppe barmhertigens úttilde?
En Jezus sei: ‘Wa’t dat foar ien fan de minste bruorren dien hat, hat dat foar My dien.’
Nammentlik it húsfestjen fan de flechtling en frjemdling. Dat docht in goede hoeder.
It foarbyld fan Mauro is mar ien fan de mannichte kwestjes dêr’t kristenen har lûd yn hearre litte moatte. Want nei it Nachtmiel is it wis dat skiep net skiep bliuwe kinne, mar hoeders wurde moatte.
Amen
27. Sjonge
Liet fan it keppeljen: 11
Fan in keppel hoeders wurde,
is de ropping fan it Miel,
want dan wurde Jezus’ wurden
yn de wrâld in libjend diel.
28. Oargelspul
29. Iepen romte
30. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
31. Sjonge
In spyltúch bin ik yn Gods hân: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
32. Seine
Wy binne as skiep fan de goede Hoeder
yn de Fermanje kommen,
bliuwe dat ek yn it deistige libben,
mar geane hjoed ek nei hûs
mei de ropping as hoeder
as dy rop klinkt.
Dat God de Heit ús dêryn bystiet,
de leafde fan Jezus de Soan ús trochstrielet
en de Geast ús ynspiraasje jout.
Amen
33. Sjonge
Liet 456: 3
|