fan Jozef Israels*
Dêr leit er op ien knibbel,
greve Floris mei de eagen ticht,
doe wied er noch in bern,
wat dien wurdt, sjocht er as syn plicht,
’t is net om oan te sjen.
It komt him dochs foar eagen:
greve Willem wie syn grutske heit,
dêr’t hy gjin byld fan hat,
mar Floris wit no wêr’t er leit,
’t wurdt foar syn eagen swart.
Op ’t swarte komme bylden:
greve Willem yn in fûl gefjocht,
wylst sakjend troch it iis,
de kneppels ha syn holle socht,
in moardzjen as in griis.
In tsjûge wiist nei jierren
’t hurdstee dêr’t de greve ûnder leit,
syn lyk komt sa foar ’t ljocht,
mar is dat noch syn grutske heit?
’t Is oars as Floris tocht.
* Jozef Israels (1824-1911)
Skilderij ‘Greve Floris V by it plak
dêr’t it lyk fan syn heit leit’
|