Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan Trije

Religy
PDF Print E-mail
 Tsjinst op 19 juny 2011 op De Jouwer

1. Tarissing

It is hjoed de tsjinst fan de Hillige Trije,                                  
de Trije-Ienheid.
Alle sneinen fiere wy de tsjinst oan God.                                 
Wy ha mei Peaske de opstanning fan Jezus fierd.
En ferline wike fierden wy mei Pinkster it feest fan de Hillige Geast.

Dêrom stiet dizze tsjinst fan de Trije-Ienheid yn it teken
fan God, de Skepper fan himel en ierde,
fan Jezus, de Minskesoan dy’t ús draacht
en de Hillige Geast dy’t ús ynspiraasje jout.
Amen

Image
Masaccio

2. Koar
‘Be Holy’

3. Gebed

Hear, Jo komt trijefâldich tank ta,
foar it libben dat Jo foar ús skepen ha,
foar Jezus, jo Soan en Minskesoan tagelyk,
dy’t mei ús solidêr wêze wol oant de ein fan de tiid
en foar de Geast dy’t ús ynspirearje kin ta lytse en grutte dieden.
Wy tankje Jo dat wy ús libben sa belibje meie.

Mar tagelyk sjogge wy om ús hinne allerhande ellinde,
dy’t it sicht op Jo, Jezus en de Geast fertsjusteret.
Yn ús eigen lytse rûnte ûnderfine wy de lêst
fan sykte, iensumens en dea.
Untfermje Jo oer ús neisten dy’t dêrmei te krijen ha.
Untfermje Jo oer ús, wy dy’t soms ek ellinde ferneare moatte.

Yn de grutte rûnte fan de wrâld fine natuerrampen
en sosjale rampen plak dy’t minskelibbens bedriigje en fuortfeie.
Untfermje Jo oer harren dy’t dêrtroch troffen wurde.

Wy bidde foar ús eigen Menniste mienskip.
Dat wy noed steane foar jo skepping,
dat wy solidêr binne mei de neiste sa’t Jezus ús foarlibbe hat
en geastkrêft útstriele sa’t de Geast ús ynjout.
Amen

4. Sjonge
Liet 258: 1, 2, 3 en 4

5. Ynlieding

Trije is it rjocht fan de skipper.
Hoe’t se oan dy siswize komme, ik soe it net witte. Yn alle gefallen moat men der nei ien kear net mei ophâlde en ek net nei twa kear. Folhâlde dus… oant en mei de tredde kear? Nee, folhâlde oant de skipper op syn bestimming kommen is.

Trije kear is it rjocht fan de skûtsjeskipper.
De skûtsjeskipper hat trije rjochten, oars soed er net op syn bestimming komme kinne:
– Rjocht op syn skip.
– Rjocht op wetter, oars kin it skûtsje net farre.
– Rjocht op wyn, oars komt in skûtsje net foarút.

Eins hie ‘k fan ‘e moarn in skilderij fan it Jouster skûtsje meinimme moatten.
It is ien fan de grutste skippen fan de SKS-float.
It moat wetter ûnder it flak ha, dan sylt ‘Oeral thús’ it bêst; it hat oant no ta de measte prizen op de Iselmar by Starum helle.
It kin in protte wyn fersile: Dirk Jan Reyenga is ien fan de skippers dy’t it lêst in reef stekt.

Image

Skip, wetter en wyn, in trije-ienheid.
De skipper kin it skip der bringe, dat wol sizze ôfstimme op wetter en wyn.
Wetter en wyn hat er gjin ynfloed op, mar spylje wol mei om de wedstriid te winnen.

Behalve de trije-ienheid fan skip, wetter en wyn, is de hillige Trije-ienheid op dizze snein it tema.
Soene wy it byld fan skip, wetter en wyn dan net ferbine kinne mei de Heit, de Soan en de Geast?
Nee, net God de Heit as skip, mar as skipper.
Jezus de Soan as libben wetter.
En de Geast as de wyn.

Dan misse wy it skip noch.
Wa’t it skip is?
It sil yn de rin fan de tsjinst dúdlik wurde.

6. Koar
Liet fan Trije: 1
Wize: Liet 255 út it Lieteboek foar de tsjerken

Trije is it rjocht fan skippers:
skip op weagen en op wyn,
farrend oer it dragend wetter
krije skippen gong deryn,
trije is it tal dat oanjout
God de Heit en Soan en Geast.

Image
Andrej Roebljev

Gemeente: refrein

Ear oan God de Heit, de Skepper,
ear oan God de Soan dêrta,
ear de Geast dy’t hillich strielet,
trije-ien, halleluja!
Halleluja, halleluja,
trije-ien, halleluja!

7. Ferkundiging 1
Hillige Geast

Ha jim de Geast ferline wike op it Pinksterfeest krigen? As ik earlik bin, ha ‘k der yn dizze Fermanje fan ‘e moarn neat fan fernommen. Alles stiet en leit noch kreas op it plak. De kreake is net nei ûnderen kommen, it doopfet leit net op ‘e flier en de gerdinen binne net foar de finsters weiwaaid. Wis jim ha my fan ‘e moarn freonlik begroete, guon ha ‘k by de hân hân, neat mis mei, mar strielen jim gesichten noch fan it Pinksterfeest fan ferline wike? Of binne jim op dat feest mei itselde gesicht de tsjerke útrûn as jim deryn kommen binne? It kin fansels wêze dat de Geast der gjin beweging yn krije koe, om’t jim wer fakant binne. Want leau mar dat de Hillige Geast en de geasten fan minsken opinoar ôfsteld wêze moatte foar’t it begjint te waaien.

Dat moat sa west ha op it Pinksterfeest yn Jeruzalem. Nee, ik sil it ferhaal fan ferline wike net werhelje. Dat ha jim al heard, al sa faak yn jim libben dat it miskien begjint te ferfelen. Ferfele, seit er… is dat net flokken yn tsjerke? In flok tsjin de Geast? It is in flok as wy nei safolle jierren noch net witte wat wy mei de Geast oan moatte. Dan begjint it ferfelend te wurden. As wy de Geast net mear fele kinne, dan wit Dy ek net wat Hy mei ús oan moat en wurdt it in stille, sels in deade boel.

Image
Ikoan   Utstoarting fan de Hillige Geast

Lit ús dochs mar efkes weromgean nei Jeruzalem. Ik ha in ikoan meinommen, makke nei in skilderij fan Morazonne. Hy libbe om 1600 hinne en hie de Geast krigen om it barren op it Pinksterfeest mei wyn en fjoer út te byldzjen. It is ien en al dynamyk. Yn de midden rôlet in wolk yn de rûnte… in wolk, sa’t God op ‘e Sinaï by Mozes delkaam yn in wolk. Trije ingeleftige bern sweve mei, bern as symboal fan iepenheid. Want wa’t troch de Geast rekke wurde wol, moat dêrfoar iepen stean. En sjoch wat der mei de minsken bart, se sweve mei op ‘e wyn fan de Geast, rjochtop, lizzend en op ‘e kop.

De folgelingen fan Jezus krigen de wyn yn de seilen, wyn as ien fan de rjochten fan de skipper. Sûnder wyn komt men net op ‘e bestimming. Wat dy bestimming dan is? In libben fan hope, leauwe en leafde. Hope op takomst, op wat op jin takomt. Leauwe as fertrouwen dat it goed komt. En de leafde dy’t fuortkomt út God, delkomt op ús en opkomt foar de neiste.

8. Koar
Liet fan Trije: 2

Ear de Geast dy’t hillich striele
mei it fjoer op ’t Pinksterfeest,
doe’t it ek begûn te waaien,
hege wyn foar minskegeast
mei it boadskip fan it heil troch
God de Heit en Soan en Geast.

Gemeente: refrein

9. Lêze
Mattéus 28, 16-20

10. Koar
‘Jubilate Deo’

11. Koar
Liet fan Trije: 3

Galiléa, gea fan fiskers
mei de netten yn de see,
dea lei doe it stille wetter
foar gjin minskefisker ree,
dy’t it heil dochs bringe moast fan
God de Heit en Soan en Geast.

Gemeente: refrein

12. Ferkundiging 2
Jezus

Image
Ikoan   Jezus

Hoe faak hat de namme fan Jezus yn dizze Fermanje klonken? De preekstoel kin it ús net fertelle en de muorren werkeatse syn namme net. Dy namme is net te tellen. It is as mei de weagen fan de see, dy’t troch de wyn oandreaun wurde. Ek net te tellen, mar wol as in ivich rûzjen te hearren.

De wyn fan de Geast ha wy krekt field, mar wat moatte wy mei wyn as der gjin wetter is om nei ús bestimming te silen? Moatte wy dêrfoar net by Jezus wêze? Jezus as it wetter dat ús draacht.

Mar ha de dissipelen it nei de krúsdea fan Jezus ek sa field? Gjin sprake fan, want der wie foar har gefoel gjin dragend wetter mear, se wiene as sinkende skippen. Sels nei it berjocht fan de opstanning fan Jezus koe Tomas it amper driuwende hâlde. Hy moast de djipte fan de wûne fiele foar’t er it leauwe koe.

Doe gongen alve dissipelen werom nei Galilea. Judas koe der net by wêze, hy wie yn de djipte fan syn skuld weisonken. De alve moasten by de berch op, dêr’t it barre soe. As der sprake is fan in berch, dan rekket men op ‘e hichte fan wat boppe it minsklike útgiet. Dan bart der wat!
Mar der wie op dy hichte yn de fierste fierte noch gjin wetter te sjen. Doe seagen se Jezus en de measten foelen op ‘e knibbels. Want wa’t op ‘e hichte reitsje wol, moat nei de bedelte.
Hoe is it mooglik dat der ûnder har noch in pear wiene dy’t distânsje holden. Hearden se noch net it rûzjen fan wetter, it lûd dat har maten wol opheinden?
Doe kaam Jezus sels tichterby. It rûzjen waard sterker, weage yn wurden oer har hinne: ‘My is alle macht jûn yn de himel en op ‘e ierde. Gean der dus op út en meitsje alle folken learlingen fan My…’
Se hapten nei de siken, doe’t dy wurden oer har hinne kamen. Se hiene it gefoel dat se weisakken yn de weagen sa’t Petrus op ‘e See fan Galilea fuortsakke. Jezus, it machtige wetter, dat oer himel en ierde hearske, Jezus as libben wetter, woe har nei alle folken ta weagje.
En doe wie it ien en al wetter: ‘Doop har yn de namme fan de Heit en fan de Soan en fan de Hillige Geast.’
It wetter waard oandroegen troch de Trije-Ienheid, dêr op ‘e berch, út ‘e hichte wei nei de bedelte ta, dêr’t it minskdom wie dat rôp om droegen te wurden.
En de alve learlingen? Sy begûnen te driuwen en by de lêste wurden fan Jezus fielden se har droegen troch de weagen: ‘Ik bin alle dagen by jimme oant de ein fan de tiden ta.’

13. Koar
Liet fan Trije: 4

Galiléa, domisily
fan dat jonkje, Minskesoan,
dy’t weromkaam om te stjoeren
op it nije libben oan:
‘Doop elk minske yn de namme
fan de Heit, de Soan en Geast.’

Gemeente: refein

14. Lêze
Exodus 34, 4-9

15. Koar
‘Benedicamus Domino’

16. Koar
Liet fan Trije: 5

Mozes kappe stiennen platen,
’t wie al foar de twadde kear
dat hy klom mei iepen earen
foar it Wurd fan God de Hear:
‘Do silst hearre nei myn Namme,
trettjin kear sprek Ik dy út.’

Gemeente: refrein

17. Ferkundiging 3
God

Image
Fra’ Bartolomeo (detail)

De namme fan God en de Bibel, is dat net in Twa-Ienheid? Dy Twa-Ienheid sprekt fansels. De Bibel, it Wurd fan God, sprekt ús dochs as kristenen oan? Mar as der no frege wurdt wa’t God is, wa fan jim kin dêr dan in klear antwurd op jaan? … Of ferwachtsje jim dat fan my? Ik tink net dat ik dy ferwachting fan ‘e moarn wiermeitsje kin.
Mozes dan! Yn de âlde tiden wie der gjin minske dy’t tichterby God west hat as Mozes. Sjogge jim him by de Sinaï opklimmen? Wer in berch om op ‘e hichte te reitsjen fan wat boppe it minsklike útgiet. Hy hat twa swiere stiennen ûnder de earms, it twadde pear, want it earste pear hat er út grimmitigens yn gruzeleminten smiten, doe’t er syn folk ûnderoan de berch om it gouden keal dûnsjen seach.

Image
Rembrandt

No klimt er yn de iere moarntiid by de berch op, God yn de mjitte. Wit Mozes wa’t God is?
Ik bin der wis fan dat Mozes better op ‘e hichte wie fan de Ivige as ien fan ús, want al twa kear hat God by him yn de buert west. De earste kear yn it fjoer dat yn it toarnbosk lôge.
‘Ik bin dy’t Ik bin,’ klonk doe, ‘Jahweh, Ik bin derby.’
De twadde kear wie noch net salang lyn, yn wjerljocht en tonger, doe’t de Tsien Wurden klonken en tagelyk yn de stiennen tafels gravearre waarden.
Trije kear is it rjocht fan de skipper. Doe’t Mozes mei it twadde pear stiennen boppe kaam, barde it. Wat moat dat in yndrukwekkend barren west ha, doe’t God yn in wolk delkaam. Middenyn in wolk, want lykas by it fjoer en de wjerljocht, koe Mozes God net sjen. Mar Hy wie der wol: ‘Ik bin derby!’
It folgjende barren wie noch yndrukwekkender, want Gods namme, ‘Ik bin derby’, klonk net allinnich, mar ek hoe’t Hy is, syn eigenskippen: barmhertich, genedich, lankmoedich, goedgeunstich, trou. God brocht Mozes dêr op ‘e berch op ‘e hichte fan trettjin fan syn eigenskippen. Trettjin, net te leauwen, mar leau it wol! De wolk striele as in diamant mei trettjin flakken.
Sa waard Mozes God gewaar. Mar de trettjin flakken bleauwen net yn de hichte hingjen. Se kamen nei de bedelte foar tûzenen geslachten dy’t ferjouwing krigen.
Ynienen like it as fertsjusteren de trettjin flakken: ‘De ferkeardens fan de heiten ferhelje Ik op bern en bernsbern yn it tredde en fjirde geslacht!’
Wie dit God ek? De wolk sûnder útstrieling, dy’t feroare yn in tongerwolk? Net te leauwen dat bern en bernsbern de dupe wurde fan it ferkearde fan heit en pake!
Mozes foel op ‘e knibbels en bûgde de holle. Wêrom fregest net hoe’t dit mooglik is, Mozes? Kinst sa tichtby God gjin wurd mear útbringe? Is dat tredde geslacht dan it tredde rjocht fan de skipper? God as skipper dy’t de bernsbern ûnder de kyl trochhellet?
Doe kaam de holle fan Mozes justjes omheech en nei’t er de rêch fan de skipper sjoen hie, sei er deemoedich: ‘As ik dan genede yn jo eagen fûn ha (eagen dy’t er net seach), lit de Hear dan yn ús fermidden meigean, al is it dan ek in dôfhûdich folk. Mar ferjou ús ferkeardens en ús misslaggen en nim ús oan as jo besit.’
En God gie mei, ek mei de bern en bernsbern, want sy hearden ek by syn besit.

Letter libbe yn Israel in rabby dy’t him ferdjippe yn de wolk mei de trettjin skitterjende flakken en op ‘e hichte rekke fan Gods wurden: ‘Ik ferjou tûzenen geslachten… ik ferhelje de ferkeardens fan de heiten op bern en bernsbern yn it tredde en fjirde geslacht.’
‘Ha jim it goed heard?’ freget Rashi. ‘Gean mar út fan twatûzen geslachten dêr’t God goed foar is en fjouwer geslachten fan bern en bernsbern. Dan is Gods goedens fiifhûndert kear sa grut as syn straf en giet gjin bern en bernsbern ferlern.’

18. Koar
Liet fan Trije: 6

God kaam del yn folle gloarje
op ‘e berch dêr’t Mozes stie,
rôp doe trettjin kear syn Namme
en ferbûn dy mei de die:
‘Grut yn goedens sil Ik wêze,
wit dat Ik it kwea ferjou.’

Gemeente: refrein

19. Ferkundiging 4
Wy

De wyn fan de Hillige Geast.
It dragende wetter fan Jezus.
God as skipper.

En wy dan?
It kin net oars as wy binne de skippen, droegen troch it wetter fan Jezus, mei de wyn fan de Hillige Geast yn de seilen en God as skipper dy’t derby is. Sa sile wy nei ús bestimming.

Image

Ik wit it, it is in byld, want wy binne gjin stielen Jouster skûtsje, dat troch Dirk Jan Reyenga stjoerd wurdt mei Baint as adviseur. Sa’n byld is te passyf foar ús as minsken. Wy hawwe as kristenen sels it roer yn hannen. By dat byld heart Jezus as loads.
Sa sile wy dan ûnder Gods trettjinfâldich skitterjende wolk, mei de wyn fan de Geast yn it túch en Jezus as loads nei ús bestimming.
Amen

20. Koar
Liet fan Trije: 7

Trije is it rjocht fan skippers
dy’t wy binne yn ’t bestean,
farrend op it dragend wetter
is de geast as wyn ús lean,
trije is it tal dat oanjout
God de Heit en Soan en Geast.

Gemeente: refrein

21. Iepen romte

22. Kollekte

23. Sjonge
Wy fiele hjoed de wyn fan God: 1, 2 en 3

Wy fiele hjoed de wyn fan God
dy’t driuwt ús nei de mar,
want farre is it minskelot,
de koers ús eigen kar.
Wy hysje heech de fok en ’t seil,
de skoaten komme oan,
de kimen ljochtsje hoop en heil,
wy sile nei de moarn.

Wy nimme hjoed in fêst beslút
noch foar’t it tsjuster wurdt
en farre rom de haven út
by wyn dy’t skaait nei hurd.
Gjin noed, in loads fart mei oan board,
bekend as God syn Soan,
de koers is ’t lang beloofde oard,
wy sile nei de moarn.

Wy farre op ‘e wide see,
de weagen wâlje heech,
ús skip is noch it iennichst stee,
wy skreppe steech en dreech,
want as de Geast waait as de wyn,
dan sjongt de skoat op toan
en sile wy de haven yn,
no daget al de moarn.

24. Koar
‘Blessing and glory’

25. Seine

Wy sile de haven fan de Fermanje út
de see fan it libben op.

Us wurdt meijûn
de krêft fan de Grutte Skipper,
de dragende leafde fan Jezus
en de wyn fan de Hillige Geast.
Amen

26. Koar
‘Mar, o mar’

Image

27. Koar
‘Ga in vrede’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum