Tsjinst op 12 desimber 2010 yn Hjerbeam
1. Tarissing
De loft wie pears,
de noch donkere kleur fan de iere ferwachting.
Mar sjedêr, it rôze fan de dei komt der trochhinne.
Op dizze tredde, rôze snein fan Advint,
daget it yn it easten.
Wy binne by elkoar kommen om dat te fieren.
Wy sprekke dêrby út dat ús help is
yn namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skieden hat,
dy’t stiet foar it wurk dat Hy
op Him nommen hat
en trou bliuwt oant yn ivichheid.
Amen
2. Sjonge
Tuskentiden 1: 1, 2, 3, 4 en 7
3. Gebed
Hear, Jo komt de tank ta dat de ierde net yn it tsjuster bleaun is,
dat Jo by de skepping de gaos feroare ha yn himel en ierde
en dat wy hjoed yn it tsjusterste fan de dagen de rôze gloede
fan de nije dei boppe de kym gewaarwurde.
Foar in protte minsken op ierde binne de dagen tsjuster.
Sy sitte yn noed oer de takomst,
oft der moarn wol genôch te iten is,
oft de goalera oan harren tinte foarbygiet,
oft de fulkaan tenei swije sil,
oft de loop fan de kanonnen kâld bliuwt,
oft sy grûn ûnder de fuotten hâlde,
oft de grutte weach it strân net berikke sil.
Hear, ûntfermje Jo oer harren.
Mar ek om ús hinne sitte minsken yn noed
oer de lege dagen fanwege wurkleazens,
oer de folle dagen dy’t te swier weage,
oer de stille dagen troch iensumens,
oer it eigen lichem dat net mear mei wol,
oer de eigen geast dy’t fertsjustere rekket,
oer âlders dy’t nei de ein fan it libben rinne,
oer bern dy’t oan it begjin fan it libben
it paad bjuster reitsje.
Hear, ûntfermje Jo.
Wy freegje Jo om in sletten geast foar de roppers en razers fan dizze wrâld.
Dat sels gjin echo klinke mei en de spoaren fan har arrogânsje útwiske wurde.
Wy freegje om in iepen ear foar Jo Wurd fan heil dat hjoed klinke sil.
Fanwege dat heil sille wy it halleluja sjonge.
Amen
4. Sjonge
Psalm 146: 1 en 2
5. Ynlieding
Sa geduldich as Job, sa is de siswize.
Wy kenne it Job-ferhaal fan de rykdom dy’t net allinnich yn folsleine earmoede ferkearde, mar ek yn it ferlies fan bern en sûnens.
Ik ha in ikoan meinommen mei Job, syn frou en syn trije freonen. De ikoan is makke nei in skilderij fan de Russyske skilder Ilja Repin.
Dêr sit Job, ferslein troch de ellinde dy’t er meimakke hat. Syn frou, achter him, hat de rie jûn om God mar farwol te sizzen en syn trije freonen sykje de oarsaak fan syn lijen yn wat er sels mooglik ferkeard dien hat.
En Job sit ferslein mei bûgde holle en lege hannen en noch sûnder werwurd. Wat moat er in geduld opbringe om tsjin God, syn frou en trije freonen net yn grimmitigens út te brekken.
Wêr wachtet Job op?
Wat ferwachtet er noch?
Der is mar ien antwurd mooglik:
Op ‘e takomst
Op wat út ‘e oare wrâld op him takomme sil
Ikoan makke nei it skilderij fan Ilja Repin
Kinne wy ús identifisearje mei Job?
Gjinien fan ús is safolle ôfnommen as fan Job.
Mar dochs… ast siik bist sûnder útsicht
… ast dyn libbenspartner ferlern hast
…. of ien fan dyn bern
Wêr wachtest dan op?
Op ‘e takomst?
Op wat út ‘e oare wrâld op dy takomt?
Wêr wachtsje wy op dizze tredde Advintssnein op?
Op it feest fan it krystbern?
Op ‘e takomst?
Op wat út ‘e oare wrâld op ús takomt?
Op ‘e weromkomst fan Kristus? Mar wy wachtsje al sa lang!
Ik kundigje trije ferhalen oan:
It ferhaal fan de Nefilim, bewenners fan de tolfde planeet
It ferhaal fan de Israeliten
It ferhaal fan Jakobus en ússels
6. Sjonge
Psalm 146: 3
7. Ferkundiging 1
It ferhaal fan de Nefilim
Ferkundiging stiet by dit ûnderdiel fan de liturgy, mar is it wol ferkundiging? It hat mear fan science fiction, sa’t der films binne oer wêzens fan oare planeten. Marsmantsjes, waard ús as bern al ferteld. Fantasy dus… mar dochs…
Lit my begjinne mei Zecharia Sitchin, de skriuwer fan it boek ‘De tolfde planeet’. Zecharia Sitchin, in Joad? Jawis, syn namme hat wat profetysk. Mar hy wie gjin profeet, earder in wittenskipsman. Tritich jier lang hat er studearre foar’t er syn boek klear hie. Hy hie him ferdjippe yn de Bibel, mar ek yn de âlde teksten fan de Soemeariërs, Assyriërs en Babyloaniërs. Dy teksten kamen by opgravings op klaaitabletten boppe de grûn, by tûzenen, safolle wiene yn de eardere keningshôven skreaun. Net yn ús alfabet, mar yn spikerskrift, dat wittenskippers yn de rin fan de jierren ûntsifere ha.
Der waarden by de opgravings ek byldsjes fûn fan Soemearyske, Assyryske en Babyloanyske
goaden.
Zecharia Sitchin kaam by syn stúdzje ta in wichtige fraach dêr’t er earst gjin antwurd op wist: hoe kin it dat nei wol trijehûnderttûzen jier fan primityf libben ynienen in hege beskaving yn Soemearië opbloeie koe? Dat wie sa likernôch 3600 jier foar Kristus.
Hy fûn yn de teksten op klaaitabletten en nei it sekuer besjen fan de goadebyldsjes syn eigen antwurd: yn dy tiid moatte astronauten fan in oare planeet op ierde west ha.
Hoe seach er dat dan oan de goadebyldsjes? De goaden hiene in helm op en in piloatebril foar eagen.
‘Jim leauwe myn antwurd net?’ freget Zecharia Sitchin.
‘Leauwe jim de Bibel dan ek net?’
Hy ferwiisde nei Genesis 6, 4: ‘Yn dy dagen wiene der reuzen op ierde. Doe’t dy soannen fan God by de dochters fan de minsken kamen, krigen se bern. Dat wiene de sterke mannen út ‘e âlde tiden, de mannen fan namme.’
‘Sjedêr,’ wol Zecharia Sitchin ha, ‘dy reuzen of soannen fan God wiene de astronauten fan de tolfde planeet, ek wol Nefilim neamd.’
Dy Nefilim holpen de Soemeariërs mei de bou fan stêden, dêr’t se teminsten ien hege toer yn oprize lieten, in ziggoerat, lykas de toer fan Babel. Want de Nefilim stribben de hichte nei, it wiene en bleauwen loftwêzens. Se waarden troch de Soemeariërs fereare as goaden, soannen fan God, sa’t de Bibel seit.
En dy tolfde planeet dan? Mercurius, Venus, Mars, Jupiter, Saturnus, Neptunus, Uranus, Pluto? Dizze planeten fan ús sinnestelsel draaie allegearre yn in rûnte om de sinne hinne en kinne de planeet fan de Nefilim net wêze. De tolfde planeet hat in ellipsfoarmige baan en komt ien kear yn de 3600 jier yn de buert fan de ierde, neffens Zecharia Sitchin.
Ien kear yn de 3600 jier? Kamen de Nefilim 3600 jier foar Kristus mei har loftskip net del yn Soemearië om dat gebiet ta in hege beskaving te bringen? Dan arrivearre de tolfde planeet om it jier 0 hinne wer yn de buert fan de ierde. Wie dat dan de stjer fan Betlehem boppe de stâl, de stjer dy’t de wizen út Babel ûntdekten?
Oer likernôch 1600 jier sil de planeet fan de Nefilim wer by de ierde lânssjitte. Wy moatte dus noch efkes geduld dwaan om de wierheid te ûntdekken.
Gustave Doré
8. Lêze
Jesaja 35, 1-10
9. Sjonge
Liet 128: 1 en 2
10. Ferkundiging 2
It ferhaal fan de Israeliten
Wêrom earst it ferhaal fan de Nefilim en dan no dat fan de Israeliten?
Moast dat earste ferhaal fan ‘e moarn wol ferteld wurde?
Wat ha dizze ferhalen te krijen mei Advint?
It binne fragen dy’t ik mysels ek steld ha.
De antwurden ljochtsje miskien yn de rin fan it ferhaal oer de Israeliten op.
De Nefilim loftwêzens, de Israeliten grûnminsken.
Dat begûn al yn Egypte, doe’t it neiteam fan Jakob as slaven yn de klaai fan de Nyl omwrotten om stiennen te meitsjen en dêrfan grinsstêden te bouwen… grûnminsken.
En doe’t se achter Mozes oan as befrijd folk troch de woestyn reizgen, fielden se ûnder de sandaalsoallen it brânende sân… grûnminsken.
En doe’t se smachten fan de toarst en de magen rattelen fan de honger, hongen de hollen foaroer en seagen se net mear de wolk oerdei en de fjoerkolom nachts… grûnminsken.
En doe’t se fjirtich jier yn de toarre woestyn omdoarme hiene en einlings oankamen yn it lân fan belofte, struiden se it sied út oer it fjild om letter rispje te kinnen… grûnminsken.
Nea ha se yn it beloofde lân in toer boud lykas de Soemeariërs, de Assyriërs en de Babyloaniërs, dy’t dat leard hiene fan de Nefilim, sa’t it ferhaal fan Zecharia Sitchin giet.
Mar sjoch… doe kaam in tiid dat de Israeliten fergeaten dat se de grûn fan de belofte krigen hiene fan Jahweh, harren God. Se hiene wol each foar oare goaden, Baäl en Astarte, dêr’t se fan leauden dat dy it fjild fruchtber makken, want it bleauwen grûnminsken, de Isaeliten.
En doe’t de profeet Jesaja warskôge dat it op ‘e kop ferkeard rinne soe, bûgden se de holle, mar noch altyd de knibbels foar Baäl en Astarte… grûnminsken.
En doe’t it op ‘e kop ferkeard rûn en se meifierd waarden troch de Assyriërs, rûnen se mei de holle foaroer troch de Syrysk-Arabyske woestyn en fielden se it brânende sân ûnder de sandaalsoallen… grûnminsken.
En doe’t se wennen yn it lân fan de ballingskip, hoewol’t se de hege tuorren foar eagen hiene, boud mei help fan de Nefilim, bleauwen it grûnminsken.
Gustave Doré
Mar doe, as hearre wy it lûd fan de hoarn, klonk de stim fan de profeet Jesaja:
Grûnminsken? Jawis, jim moatte werom troch de woestyn, mar dêr wellet no wetter op.
Grûnminsken? Jawis, jim hiene sloppe earms, lamme skonken en triljende knibbels, bline eagen, dôve earen en in stomme mûle, mar jim sille oereinrize en rinne oer de hillige wei dy’t apart oanlein is foar minsken, fertroud mei de grûn.
Grûnminsken? Jawis, mar sjoch op nei de berch Sion, nei Jeruzalem, want dêr is hillige grûn, apart foar elk ornearre dy’t troch it lijen hinne de freugde belibje mei fan in nije tiid.
En sa mochten de grûnminsken it each opslaan nei de berch, fol ferwachting nei it heil… Advint.
11. Sjonge
Liet 128: 3, 5 en 7
12. Lêze
Jakobus 5: 7-11
13. Sjonge
Liet fan it geduld: 1, 2 en 3
Wize: Tuskentiden 5
Lit ús harkje nei Jakobus,
broer fan Jezus wurdt wol sein,
neier as Jehannes, Petrus,
hy hie langstme nei de ein:
Wit dat Jezus libbet fierder
yn de rûnte fan syn Heit,
Hy hat hjir op ierde siedde,
wachtet op it lêste pleit.
Ha geduld, Hy komt net earder
as it is oan rispjen ta,
wachtsje wurkjend troch de jierren,
dan sil elk grif takomst ha.
14. Ferkundiging 3
It ferhaal fan Jakobus en ús
Kenne wy Jakobus? Net faak fan heard… wa is dy man?
In broer fan Jezus, wurdt sein; in healbroer, wolle oaren ha.
Mar hy is wol grutwurden yn deselde húshâlding as Jezus.
Grif binne se tegearre oplutsen, ha se tegearre boarte.
Miskien fûn Jakobus syn broer wol in sedepreker mei syn fromme praatsjes.
Hy moast nei alle gedachten neat ha fan syn godstsjinstich swalkjen: lju bystean, mar sels libje fan de bystân fan oaren, want hoe kaamst oars oan dyn deistige kost.
Nee, folle respekt foar en geduld mei syn broer hie Jakobus net.
Dat feroare nei Jezus syn dea en opstanning.
Yn 1 Korintiërs 15, 7 stiet: ‘Dêrnei is Kristus ferskynd oan Jakobus, fierder oan alle apostels.’
Jakobus wurdt apart neamd, de broer fan Jezus moat dus wol in wichtich persoan west ha yn de earste kristlike gemeente te Jeruzalem.
Mar tink net dat er it maklik hân hat, want nei de stienniging fan Stefanus flechten de kristenen út Jeruzalem wei alle kanten út.
Rembrandt
Is it in wûnder dat Jakobus langstme hie nei it wersjen fan syn broer, syn weromkommen op ierde? Hy libbe by wize fan sprekken yn Advint, de tiid fan de ferwachting. Mar wat duorre dy tiid lang. Faak frege er him ôf oft er it noch wol belibje soe. Mar dan bêde er himsels en oaren del: ‘Geduld, minsken, wy moatte geduld dwaan lykas in boer dy’t wachtet op ‘e hjerst- en maitiidsrein, want as dy komt dan sille de fjilden wyt wurde om te rispjen. Sjoch nei de profeten, Jesaja bygelyks, wat hat er geduldich it kwea ferneard, mar hy wachte net fergees op ‘e befrijing út ‘e ballingskip. Sjoch nei Job, wat hat er in geduld opbrocht yn syn lijen, mar hy libbe yn de ferwachting dat Jahweh him rjocht dwaan soe en it kaam sa.’
Dat wie Jakobus, de broer fan Jezus,
de apostel fan wurden en dieden,
de apostel fan de grûn, dy’t bewurke wurde moast nei it reinwetter,
de apostel fan it geduld en de ferwachting.
Us ferhaal
Wat ha wy no noch oer ússels te fertellen?
Wy binne gjin loftwêzens, sa as de Nefilim, hoewol’t der al minsken yn de romte sweve.
Binne wy grûnminsken? Wis it lân moat bewurke wurde en soms rinne wy mei bûgde holle,
fol fan fertriet om it ferlies fan sûnens, in leave neiste of it ferlies fan fertrouwen en ferwachting.
Wat ferwachtsje wy eins noch? Jawis, it is Advint en oer fjirtjin dagen is it krystfeest,
mar hoe faak ha wy wol net fierd dat Jezus yn Betlehems stâl op ‘e wrâld kommen is? Nee, net as Nefilim mei helm en astronautebril, mar as lytse poppe. Der is wol in oerienkomst: de Nefilim waarden, neffens Zecharia Sitchin, troch de Soemeariërs as goaden fereare en by Jezus’ berte songen ingels en leine hoeders en wizen foar Him op ‘e knibbels.
En hoe siet it hast ek al wer mei de stjer fan Betlehem, dy’t boppe alle oare stjerren útstriele en it paad wiisde nei de stâl? De tolfde planeet wie doe nei 3600 jier wer yn de buert fan de ierde, sa wol Sitchin ha. Fantasy, tafal of is tusken himel en ierde noch mear as dat wy al leauwe?
Wat ferwachtsje wy nei Advint en Kryst eins noch? De werkomst fan…
It duorret noch 1600 jier foar’t de tolfde planeet en de Nefilim wer yn de buert fan de ierde binne. Geduld oer ús dea hinne is net reëel.
Hoe lang duorret it noch foar’t Jezus wer op ierde komt?
Jakobus ferwachte him noch by syn libben. Geduld foar’t de dea komt, is noch op te bringen,
dêrom rôp Jakobus op ta geduld. Mar wy binne ûndertusken al mear as 1900 jier fierder.
Bottenbley fan de Betheltsjerke ferwachtet Jezus noch by syn libben werom op ‘e wolken. Wolno, bêste Drachtster loftprofeet, safolle geduld kinst grif noch wol opbringe.
Mar wy dan, hjir yn Hjerbeam?
Lit ús as grûnminsken mei Kryst de holle yn de nekke lizze en sykje nei de helderste stjer, dy’t fertelt dat it heil 2000 jier lyn al kommen is en dat ús eigen takomst yn godlik skrift oan de himel skreaun stiet.
Amen
15. Oargelspul
16. Sjonge
Liet fan it geduld: 4, 5 en 6
Nim in foarbyld oan profeten
dy’t fernearden fijâns kwea,
sy ha fan de takomst witten,
dulden lijen oant de dea.
Jim ha Job noch wol foar eagen,
hoe’t er folhold oant de ein,
hy wist fan bedroch noch leagen,
God hat him it lok tasein.
Dêrom ha geduld yn ’t lijen,
want broer Jezus komt hjir wer
om foargoed ús te befrijen,
sjoch dan op nei wolk en stjer.
17. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
18. Sjonge
Liet 124: 1, 2, 3, 4 en 5
19. Seine
Wy geane wer op ‘en paad nei hûs
mei it geduld as fan Job
yn de ferwachting fan de komst fan Kryst
en it weromkommen op ierde fan Kristus…
mei de seine fan God, de Heit,
de leafde fan Kristus, de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast
Amen
20. Sjonge
De frede fan de greiden
|