Tsjinst op 20 juny 2010 by De Jouwer
1. Tarissing
Sa’t yn it ferline ús bruorren en susters
by elkoar kamen yn de romte fan de natuer,
sa komme wy no ek by elkoar, mar der is ferskil.
Sa moasten wol fanwege ferfolging,
wy meie dit bûtenfeest fiere.
Dêrby sprekke wy út dat ús feestfreugde stiet
yn it teken fan de Hear fan himel en ierde,
dy’t de gaos skieden hat fan it libben,
libben jout oan minske, dier en plant
mei as doel dat de hiele skepping útrint
op it feest fan de ivichheid.
Amen
2. Sjonge
Liet fan it feest: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Tuskentiden 1
De freugde liedt ús nei dit hiem,
de wike troch it plak
fan ’t deistich wurk mei ynmoed dien,
dat is it boerefak.
De pleats jout mins en dier beskûl
as ’t kâld oer ’t miedlân strykt,
mar foar de boer bliuwt bodzjen doel,
wat wyks net fan him wykt.
Dit hûs fan hout en stiennen hat
oerlibbe stoarm en striid,
it tsjûget fan de boude skat
troch folk út earder tiid.
It folk fan hjoed komt dizze snein
op ’t hiem foar wurd en sang,
it lêste is noch lang net sein,
de freugde duorret lang.
De freugde fan in lange dei:
yn ’t gea fan gers en blom,
dit hiemfeest is de ein fan wei,
de Geast, kom dêr mar om.
De Geast waait ús de leafde oan,
in dûbel feest wurdt fierd:
de heit ferwolkommet de soan
en hark, in brulloftsliet.
3. Foar de bern
– Feest op it boerehiem
– Wat fine jim it moaiste feest?
– Wat heart by in feest?
– Ballon falle litte: gjin feest.
– Ballon opblaze.
– Ballon sweeft: in feest is om te sweven, licht fan freugde.
– De Geast.
4. Sjonge
Feestliet
5. Gebed
Hear fan himel en ierde, it is hjoed feest,
de jonges en famkes ha derfan songen.
Wy fiere hjoed dit feest bûten de tsjerke,
mei it sicht op it griene gers en de blauwe loft.
Wy tankje jo foar dit sicht op jo skepping.
Wy freegje oft de Geast ús oanwaaie wol
sa as wy lucht yn de ballonnen blaze.
Want dan kinne wy sweve op muzyk, liet en wurd.
Of om it oars te sizzen: jou ús de godlike ynspiraasje.
Dan rinne wy net stadich leech as in ballon,
mar bliuwe fol fan de Hillige Geast.
Dan sil de Menniste gemeente fan De Jouwer
en omkriten omheechgean as in loftballon,
sa as op ‘e ballonfeesten.
Dan sil foar elkenien sichtber wêze
dat de Hillige Geast wurksum is ûnder ús minsken,
de geast fan hope, leauwe en leafde.
Wy freegje foar de minsken dy’t hjir net wêze kinne,
de âlderen en de siken.
Wy fiele ús ferbûn mei har.
Meie se har ek ferbûn fiele mei ús.
Amen
6. Ynlieding
It libben is as de seizoenen: it heechliet fan de simmer en de kleisang fan de winter.
It libben is as it waar: it ljocht fan de sinne en it skaad fan de wolken.
Wy kinne it ek mei Preker sizze:
Der is in tiid fan skriemen en in tiid fan laitsjen,
in tiid om te gûlen en in tiid om te dûnsjen.
In tiid foar de persoan allinnich en in tiid yn de húshâlding en yn de gemeente.
Dy ferskillende tiden sil elkenien oer meiprate kinne.
Noch net sa lang lyn wie yn de Fermanje plak te min
by de ôfskietsjinst fan Hylke Hanje, in tiid om te gûlen,
mar tagelyk in tiid om yn tankberens op syn libben werom te sjen.
En op dizze heechsimmersnein fiere wy it bûtenfeest
op it hiem fan syn broer. In tiid om te dûnsjen?
Yn alle gefallen in tiid om muzyk te meitsjen en lieten te sjongen
oer ús foargongers fan tusken de trije- en twatûzen jier lyn:
Kening David dy’t foar de arke út dûnse
De dichter fan Heechliet dy’t sjongt fan de leafde
De heit fan de beide soannen, de iverige âldste en de ferlerne jongste
Mar ek alle oprjochte neisten dy’t ús foargien binne nei it brulloftsfeest fan it Laam.
It sil de ierde net wêze of by elk sinnich feest driuwt wol in wolk oan:
David de sinne en Michal de wolk
De jongste soan de sinne, de âldste de wolk
It leafdespear de sinne, de keaper fan leafde de wolk
Mar oan de ein fan alle ierdske tiden is de himel blau, de kleur fan Gods kleed,
en komt de gemeente as breid yn blinkend wyt linnen, it wyt fan de goede dieden.
7. Sjonge
Liet fan de trou
Wize: Tuskentiden 1
De skepping giet it libben troch,
God makke it begjin
en jout syn leafde altyd noch
yn mannichfâlde sin.
De hiele skepping jout in byld
fan mannichfâld yn ien,
it is de Geast dy’t Him ferdielt,
sa wurdt syn trou ferstien.
It sân wjerkeatst syn himelsk ljocht,
syn wêzen is loftblau,
dat wêr’t de minskegeast ek sjocht,
jout God syn wjerglâns ôf.
Ferblinet it lemieren ús
of falt op jûn it skaad,
God soarget foar in feilich thús
en fiert ús oer syn paad.
8. Lêze
2 Samuël 6, 12-16
9. Ferkundiging 1
Hoewol’t wy wiis binne mei ús auto, rint it libben net op rôltsjes. Wy bedoele dan dat it libben soms dreech is. Mar wa’t letterlik altyd op rôltsjes giet, tusken de tsjillen sit, ferliest syn kondysje, it draachfermogen en giet net mear dûnsjend troch it libben.
Dat hat kening David ek ûnderfûn. Wis, hy dûnse wol foar de arke út, de troan fan God, om dy werom te bringen nei Jeruzalem. Mar dat die er yn generaalsunifoarm. Boppedat hied er de arke op in wein sette litten, op rôltsjes. Dat rûn folslein út ‘e hân, want doe’t de wein troch in kûle hompte, stiek Oezza de hân út om him te kearen. Yn plak fan in feest, waard it in begraffenisstaasje fanwege de ûnferwachte dea fan Oezza.
De twadde kear wurdt it wol in feest. Want no lit kening David him oansprekke troch de Toara, de fingerwizings fan God. Dêr stiet de opdracht yn om de arke te dragen. Gjin rôltsjes mear, mar skouders derûnder. Grutter draachfermogen is der net. En wa’t op ‘e skouders droegen wurdt, kin de wrâld oersjen. David hat syn generaalsunifoarm yn it paleis litten en hat in wite efod oan, in skoudermantel. Hy dûnset út alle macht foaroan as foarst, mar tagelyk troch syn klean en syn dwaan en litten ien mei it folk.
En sjedêr, wa’t út ‘e hichte op him delsjocht. Syn frou Michal, de dochter fan kening Saul, yn de rol fan wolk foar de sinne. Sy hat poer de gek mei dy slavinnekening. Watfoar kening dûnset no mei slavinnen?
Michal, dat docht allinnich in messiaanske kening mei in wite mantel om de skouders, in kening dy’t syn folk op hannen draacht. En it folk draacht him op ‘e skouders, dat er oer it lân hinne sjen kin nei de takomst. In kening mei fisy.
David dûnset troch en oan de ein fan it feest dielt er de tekens fan bôle en wyn út. Bôle foar it deistich bestean en wyn foar it feest. Tsjoch… proast!
Noch ien fraach: hoefolle messiaanske politisy soene wy yn ús lân ha? As it der mar fiif wiene, dan soe Nederlân de tinte út swinge.
10. Sjonge
David dûnset (sjonggroep mei gitaar en gemeente)
11. Lêze
Lukas 15, 22-28a
12. Ferkundiging 2
Jim as Menniste gemeente fan De Jouwer wurkje trou op ‘e buorkerij fan de Heit. Troch de wike ha jim allerhande aktiviteiten om it spul draaiende te hâlden. En sneins komme jim by elkoar om it spul te oersjen mei it each op ‘e takomst. Want jim leauwe noch altyd yn in goede opbringst. De Heit is wiis mei jim ynset, dêr is gjin twivel oer.
Jim ha se gean sjoen, de minsken dy’t earst mei jim op it boerespul wurken, mar der skjin genôch fan krigen:
‘Wat deale, de wrâld is grutter en hat mear te bieden as de Menniste tsjerke op De Jouwer.’ Jim seagen harren gean, mei pine yn it hert, want it hiene jim broers en susters west. Mei’t sy it spul de rêch takearden, waard it foar jim dreger om it spul fan de Heit draaiende te hâlden, mar jim bodden troch.
De berjochten dy’t jim berikten fan de eardere broers en susters lieten gjin twivel ta: sy hiene it poerbêst yn de grutte wrâld, hoegden net op ‘e bargen te passen en út ‘e trôch te iten.
Jim begûnen te twivelen oer jim eigen situaasje op it spul fan de Heit. Want as it yn de grutte wrâld poerbêst wie, wêrom soene jim dan op it spul bliuwe? Mar jim bodden troch, de hiele wike en alle sneinen, want jim woene de Heit net teloarstelle.
Op in dei stelden jim de Heit foar om in feest te organisearjen, op it hiem, want as de muzyk oer it gea klonk, dan wie der kâns dat de eardere broers en susters it hearden en der wer by kamen. De Heit fûn it poerbêst.
En sa barde, it feest begûn mei de dûnsjende David foar de arke. No sjogge jim as âldste soannen en dochters de kant út fan de wrâld oft de jongste soannen en dochters al yn sicht komme. Hoe soene jim jaloersk wêze op ‘e wrâld? Want jim fiere it feest fan de Heit. Mar de jongste soannen en dochters kamen net werom, mar wol koe de Menniste gemeente fan De Jouwer fjouwer nije leden wolkom hjitte. In reden om feest te fieren. Tsjoch, proast!
Rembrandt
13. Sjonge
Sit net yn noed (sjonggroep mei gitaar)
14. Lêze
Heechliet 8, 5-7
15. Ferkundiging 3
De kening hat dûnse op it feest fan de arke. It wie it feest fan de wei.
Op it feest fan de Heit wiene beide broers wolkom. It wie it feest fan it wolkom, oer de wei nei hûs.
Kening, Heit… en mem dan? Foar de ‘âlde Heit’ oer stiet de jonge mem. Beide binne skeppers fan libben. De Heit skoep de earste man út it stof fan de ierde en de earste frou út ‘e ribbe fan de man. Yn de mem groeit nij libben en út har komt nij libben fuort, sadat it libbensproses trochgean kin. Under de apelbeam komt it bern op ‘e wrâld. Yn Heechliet is dat net de beam fan kennis fan goed en kwea, mar de beam fan it libben. Want as de mem de earms yn leafde om har bern hinneslacht, kin der gjin kweamacht bykomme. Hoewol’t de nâlestring trochknipt is, bliuwt it bern troch de geast fan de leafde mei de mem ferbûn oant syn lêste siken ta.
Gelokkich de mem dy’t loslitte kin. Nee, de jongste soan freget har net om syn erfdiel om himsels yn it wrâldske libben te smiten, it paad fan hoer nei hoer. It belanget no de dochter oan, dy’t nei de woestynperioade, de tarieding op it libben, har leafste fûn hat en op syn skouder leunt: “Goed datst my loslitst, mem, want de leafde is like sterk as de dea. Dêrom fielt it as hat de dea gjin macht oer my. Ik stean yn de brân fan de leafde, it binne hillige flammen, dy’t troch gjin wetterstream út te krijen binne.”
“Mar famke, wêr giest hinne?”
“Mei myn leafste de wrâld yn, mem.”
“Mar faam, de wrâld is sa grut.”
“Foar de leafde kin de wrâld net grut genôch wêze.”
“Wat sikest yn de wrâld, myn dochter?”
“Oars net as wat harmoniearret mei de leafde.”
“Ut leafde lit ik dy gean, mar wêr silst útkomme?”
“Yn it lân fan de belofte, dêr’t de brulloft ûnder de apelbeam fierd wurdt… wolkom, mem.”
“Ik sil derby wêze, myn dochter, want ûnder de apelbeam ha ‘k dy ûntfongen, de beam fan it libben.”
En sa gie it libben fan apelbeam nei apelbeam, fan berte nei brulloft, dêr’t de mem tsjûge waard foar de dochter, omdat se troch de geast fan de leafde ferbûn bleauwen. It feest fan de leafde. Tsjoch, proast!
Rembrandt
16. Sjonge
Set my as in segel (sjonggroep)
Set my as in segel op dyn hert,
byn my mei it sieraad fan dyn namme,
want de leafd’ is as de dea sa sterk,
like hurd as ’t deaderyk dat oan ús fret,
is de hertstocht dy’t yn ús ûntflammet,
wjerljocht dy’t de nacht yn flammen set.
Leafde is de dûns fan libben fjoer,
wetterstreamen kinne har net dwêste,
noch de hege seeën wyld oerstjoer.
Al hie immen syn fermogen foar har oer,
foar de leafde, leafste jildt it bêste,
do en ik, de pearel oan har snoer.
17. Lêze
Iepenbiering 19, 6-8
18. Sjonge
Liet fan Jeruzalem
Wize: Tuskentiden 1
Jeruzalem, dit is de dei
dat God syn gloarje komt,
it ljocht streamt út it tsjuster wei,
it neare lûd ferstomt.
De folken tsjogge nei dy op,
de keningen foaroan
en klear klinkt elke freugderop,
in symfony dy moarn.
Jeruzalem, de fleur deryn,
sjedêr dyn eigen bern
út alle streken fan de wyn,
har blydskip is te sjen.
De seeën weagje rykdom oan,
it keninklike goud,
de mirre, wijreek foar dyn soan,
’t is him wol tafertroud.
Jeruzalem, dit is de dei
datst bist yn fyndoek klaaid,
de brêgeman nimt ienheid mei,
foar ivich bist syn breid.
19. Ferkundiging 4
It giet fan arkefeest nei wolkomsfeest nei brulloftsfeest om út te kommen by de klimaks: it himelske brulloftsfeest.
Leau ik yn sa’n feest? Ja, want op 4 juny ha wy sawat sa’n brulloftsfeest belibbe, dat fan ús dochter Jacoba en skoansoan Wiebren. De hiele wrâld wie op dat feest oanwêzich: Melanesiërs fan de Salomonseilannen yn de Stille Oseaan, swarte minsken út Malawi yn Afrika, yndianen út Amearika en gean samar troch. Net yn it stal fan minsken, mar yn harren muzyk, lieten, leauwe en rituelen. Hoewol… der wiene wol twa froulju dy’t har yn de rituelen fan de yndianen ferdjippe hiene en mei brêgeman en breid de fredespipe smookten.
De jûns yn de midsieuske tsjerke fan Swichum waarden mei wurd en byld de libbens fan brêgeman en breid ferbûn mei de leafde fan Heechliet: ‘Wetterstreamen kinne de leafde net dwêste, rivieren kinne har net fuortspiele. Set my as in segel op dyn hert, as in segel op dyn earm… as in segel om dyn finger.’
En foar’t de ringen om de fingers skoden, stiene se foar elkoar en ferklearren se elkoar op it beamerskerm yn byld en wurd de leafde. Oan de ein song Jacoba in selsmakke liet foar har leafste, dat troch de treflike akoestyk in sawat himelske klank krige. Wite doekjes skoden oer de wangen om de triennen op te heinen.
Jawis, ast dat as heit en foargonger meimakke hast, leaust yn in himelsk brulloftsfeest, wêr’t dat feest ek is: ûnder de apelbeam dêr’t it heechste liet songen wurdt, op ‘e buorkerij fan de âlde heit, op ‘e wei nei Jeruzalem dêr’t de arke lâns droegen wurdt… of hjir op it hiem fan Jouke Hanje yn Skarsterbrêge.
Jehannes, de skriuwer fan Iepenbiering siet oan de kust fan it eilân Patmos en boppe de Middellânske See ljochten de bylden en lûden fan it himelske brulloftsfeest op. It Laam as suver byld fan God de Heit en de Soan is de brêgeman en de wrâldwide gemeente fan trouwe bruorren en susters is de breid. In prachtich wyt kleed as teken fan de goede dieden kriget sy om de skouders. Lûden klinke op as fan rûzjende wetterfloeden en bolderjende tonger, mar ierdske rampen kinne de brulloft net mear bedriigje, allinnich in swakke echo klinkt noch nei.
Boppe alles út sjongt de breid har leafdesliet foar de brêgeman, want neat giet boppe de leafde. Menniste breid fan De Jouwer, lit ús drinke op it brulloftsfeest fan de leafde. Tsjoch, proast!
Marc Chagall
20. Wietse sjongt en spilet
Menniste Blues
21. Sjonge
God fan fier en hein (sjonggroep mei piano en gemeente)
God fan fier en hein ús Heit,
dat wy hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.
Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wy sykhelje ferromme.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wy misdiene,
sa’t ek wy ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.
Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wy yn duvels macht,
Hear, ferlos ús fan ‘e kweade.
God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen
22. Seine
Wy geane fan it hiem ôf wer op hûs oan,
noch swevend op ‘e wyn fan de Geast.
Mei God de Heit ús syn seine jaan,
Jezus, de Soan, syn leafde
en meie wy bliuwend besiele wurde
troch de Hillige Geast.
23. Sjonge
De frede fan de greiden (sjonggroep en gemeente)
De frede fan de greiden wês oer dy,
de frede fan mar en lân;
de frede fan de loften wês oer dy,
de frede fan waad en strân.
Djippe frede mei komme oer dy.
Mei Gods frede no groeie yn dy.
|