Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bonustsjinst

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 10 maart 2010 yn Offenwier

Image

1. Liet foar de tsjinst
Liet 21: 1 en 22. Tarissing

No’t de fraach om in Alvestêdetocht
net it antwurd krigen hat dêr’t it folk
op hope hie, binne wy jûn yn dizze tsjerke
kommen mei in oare fraach, it gebed
om groei en wurk, mar dêr boppe-út
de fraach fan kening Salomo om wiisheid.

Mar foar’t it safier is, roppe wy God oan,
dy’t de ierde as plak foar minske, dier en plant
skepen hat,
de ierde dêr’t it groeit en bloeit
en dêr’t de minske it wurk foar himsels
en syn neiste dwaan kin.
Dat de Geast fan God ús jûn mei wiisheid
tarisse mei.
Amen

3. Sjonge
Liet fan it hûs: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Tuskentiden 1

De wiisheid liedt ús nei dit hûs,
dat bringt de biddei mei,
God ropt syn Namme út oer ús,
wy sjonge fan syn wei.

Dit hûs fan hout en stien, dat lang
oerlibbe stoarm en striid,
jout wjerlûd oan gebed en sang
fan ’t folk út earder tiid.

As hjoed dit hûs in oarde is
dat nei Gods wiisheid wiist,
dan is de groei yn ’t gea wol wis,
de griene hope riist.

Lear ús jo wurd opnij ferstean
en brek foar ús it brea
ta iten om ús wei te gean
troch libben en troch dea.

Dit hûs slyt, mar de wiisheid net,
dy drage wy hjoed út,
om’t God ús yn de romte set
en nea syn wente slút.

4. Ynlieding

Bonustsjinst en biddei foar gewaaks en arbeid
soe by jim wolris de reaksje oproppe kinne
dat it as in tange op in baarch slacht.
As de biddei de tange is en de bonus de baarch,
dan sit it wol goed (dan sitte wy hjir wol goed)
en sille wy fol goede moed oer in oerke op hûs ta sette.

Nimme wy it wurd ‘bonus’ letterlik, dan is dy sa min noch net.
Net min, mar wol goed, want bonus is ôflaat fan it Frânske ‘bon’
en dat betsjut oars net as goed.

Van Dale, it wurdboek, ha ‘k dochs ek mar efkes frege.
Hy joech as antwurd: ‘uitkering van bijzondere aard’.
En krekt dêr leit it knyppunt, want elkenien wit
dat God it aard fan de minske goed (bon) skepen hat,
mar dat it ek ûntaardzje kin (bonus).
Kening Salomo en profeet Amos kinne ús mear fertelle
oer dit probleem, dat de ieuwen troch spile hat.

5. Sjonge
Liet 21: 5

6. Gebed

It bidden wurdt sjongend ûnderstreke
mei Kyrie eleison

Image

Goede God, tankewol foar it libben op dit stikje ierde,
de Legeaën, it lege lân fan groei en wurk.
Tankewol dat wy yn dit gea rom sykhelje kinne
en dat wy sa wurkje meie oan jo goede ierde.

Wy bidde dat jo goede ierde
yn de maitiid wer opbloeie mei,
de greiden grien fan hope wurde
en de kij glânzich fan hûd
en dat de molkpriis en de leanen
yn ferhâlding steane mei it wurk
dat dien wurdt.
Hear, ûntfermje Jo.

Wy bidde om jo seine op ús wurk,
oft dat no as boer of boerinne,
leanwurker, húsfrou of húsman is
of watfoar berop ek.
Hear, ûntfermje Jo.

Wy bidde foar minsken yn de Legeaën
dy’t wurkleas binne of troch sykte
of ynvaliditeit it wurk net mear dwaan kinne.
Hear, ûntfermje Jo.

Wy bidde foar de lytse man en frou,
dy’t harren yn ús hurde maatskippij
misdield fiele.
Hear, ûntfermje Jo.

Wy bidde foar de wrâld yn need,
it folk fan Haïti en Chili,
sa swier troffen troch ierdbeving
en oerstreaming.
Dat dêr wer groei en wurk komme mei.
Hear, ûntfermje Jo.

7. Ferkundiging 1

Lit dit ferhaal him mar ôfspylje yn de Legeaën, sis mar yn Offenwier. Dêr wenne in jongkeardel dy’t it libben serieus naam. Hy hie in universitêre stúdzje wiskunde achter de rêch, dêr’t er cum laude foar slagge wie. De takomst lei foar him iepen. Mar tagelyk sloech de twivel ta, want wie in libbenlang achter de kompjûter sitte om mei wiskundige formules goede útkomsten te krijen no it doel dêr’t er foar berne wie?
Nei lang en djip tinken besleat er oan it begjin fan syn karriêre de wike te ferdielen tusken twa banen. Hy keas in kantoarbaan op in leanbedriuw mei de mooglikheid om ek mei de trekker it fjild yn, want hy hold fan de natuer. De oare helte fan de wike waard er oannommen as help yn in ferpleechhûs mei de mooglikheid in diplomearre ferpleger te wurden, want hy hold fan minsken. De kar dy’t er makke hie, foldie him skoan fanwege de ôfwikseling fan wurk mei de holle achter de kompjûter, mei de fuotten op gaspedaal en rem fan de trekker en mei de hannen om de sike meiminsken te steunen. Boppedat die er syn wurk út ‘e oertsjûging wei dat der mear tusken himel en ierde wie as kompjûters, trekkers en ferpleechhûsbêden.
Nei in goed jier waard er útnoege op in feest fan syn eardere stúdzjematen. Dêr sloech op ‘e nij de twivel by him ta, want de karriêreperspektiven fan syn freonen wiene mei goud ynlein. Der wiene al in pear dy’t mei in dikke bonus pronken fanwege nije kompjûterprogramma’s dy’t se ûntwikkele hiene.
Dy nacht, doe’t er yn syn âld Fiatsje drankfrij nei hûs ried, wâle it him sa yn de kop om dat in flok út ‘e mûle rôle. Hy waard der sels kjel fan, want it wie de bedoeling net om syn agresje te ferbinen mei de namme fan ús Leave Hear.
Doe’t er op bêd lei, koed er mar min yn sliep komme. Yn de neinacht soe it dan einlings wêze, mar doe waard er steurd troch in trekkerlûd. De sjauffeur sprong derôf en rûn op him ta. De man, dy’t er noch nea earder op it leanbedriuw sjoen hie, stelde him foar as Judas Iskariot.
‘Ik bin op dyn gebed ôfstjoerd,’ heakke er ta.
‘Gebed?’ frege de jongkeardel ferheard.
‘Fannacht yn de auto.’
‘Mar dat wie in flok.’
‘Dat wie foar ús Leave Hear in gebed.’
‘Hat de Hear jo stjoerd?’
Judas knikte: ‘Omdat ik ûnderfining ha mei in bonus, moast ik nei dy ta. Do witst wol dy tritich sulverlingen.’
‘Mar ik ha hielendal gjin ûnderfining mei in bonus!’ rôp de jongfeint.
‘Dat mienst net,’ sei Judas.
‘Jo kinne it de baas neifreegje. En ek yn it ferpleechhûs. Jo tinke dochs net dat ik in bonus krij as ik in pasjint út ‘e stront help?’
‘Dat stelt de Hear wol op priis,’ sei Judas.
‘Mar in bonus sit der net oan fêst,’ herhelle de jongfeint.
‘Wol oan dy,’ woe Judas ha.
De leanwurker en ferpleger seach him ferheard oan.
Doe sei Judas Iskariot glimkjend: ‘Ik moast fan ús Leave Hear trochjaan dat er dy de folgjende bonussen al jierrenlang takent: in skrandere holle foar de kompjûter, linige fuotten foar gaspedaal en rem en warbere hannen om de sike minsken te steunen.’
De dagen dy’t folgen, gie de jongkeardel fluitsjend nei syn wurk ta.

Image

8. Sjonge
Liet 21: 8

9. Lêze
2 Kroniken 1, 7-13

10. Ferkundiging 2

Do silst yn dizze tiid fan resesje mar wurkleas wêze! De fêstichheid yn it libben sakket dan foar in part ûnder dy wei. Wis, do hast dyn famylje noch om dy hinne, frou en bern (of man en bern), dy’t foar dy in thúsbasis binne, mar dêrst dy ek ferantwurdlik foar fielst troch it hawwen fan wurk en it fertsjinjen fan in goed lean.
Hast ast wurkleas bist, noch ferlet fan in biddei foar gewaaks en arbeid of mei oare wurden: groei en wurk?

Salomo hie gjin soargen oer wurkleazens. Hy hie krekt it keningskip op ‘e skouders krigen en dat weage der swier yn, sa swier dat it swit him op ‘e offerhichte útbriek. It wie yn dy tiid de gewoante  dat de nije kening oan de goaden offere. En oan wa koe Salomo dat oars dwaan as oan Jahweh, de God fan Israel, dy’t syn heit David as kening ryklik seinige hie.
Wolno, op de offerhichte fan Gibeön kamen de kening en alle  pommeranten fan it folk by elkoar. It wie, om it mei ús eigen tiid te ferlykjen, in soarte fan ynauguraasje fan de presidint fan de Feriene Steaten mei dit ferskil dat der net offere waard oan Mammon yn syn moaiste galakostúm op in grut bal, mar oan Jahweh. En dat liigde der net om, want der waarden yn Gibeön tûzen brânoffers brocht. Miskien stie it swit dêrom de kening ek wol op ‘e foarholle.
Dochs fielde er him dêr op ‘e offerhichte tusken al dy pommeranten net op syn gemak. Hy frege him ôf hoe’t er sa’n grut lân mei sa’n grut folk wol goed bestjoere koe, sûnder draaierij, mar rjocht troch see, dus rjochtfeardich.
Dy nacht koed er op ‘e offerhichte mar min yn sliep komme. En doe’t er fan de iene side op ‘e oare draaide, liet Jahweh it rjocht fan it derby wêzen jilde, sa’t Hy dat ek by Mozes dien hie by it toarnbeiboskje yn de woestyn: ‘Ik bin derby.’
‘Sis it mar, wat moat Ik dy jaan?’
Salomo skrille op, hy krige it foar it sizzen. Hy mocht sizze wat him dwers siet, wat er net rjocht krije koe. Boppedat mocht er sizze wat er behalve it keningskip ha woe. Hy mocht syn hert iepenlizze en it hert iepenhâlde om it fol rinne te litten.
De nije kening hoegde net lang nei te tinken. Op ‘e offerhichte tusken al dy pommeranten hied er mar twa winsken om de rjochte wei te gean: ‘Wiisheid en ynsicht, dat binne de alderheechste wearden foar in kening… Alderheechste,’ sei er beskieden.
Sjogge jim Salomo by de offerhichte delrinnen? Mei it hert fol wiisheid en ynsicht streekrjocht nei Jeruzalem. Wiis is er om’t er ûntsach foar Jahweh hat: ‘Sizze Jo it mar, Heare, ik harkje wol.’ Dus krekt oarsom as God him oansprutsen hie: ‘Sis it mar, wat moat ik dy jaan?’
En doe’t de nije kening goed harke hie, krige er ynsicht yn it Wurd fan Jahweh, dat fan Mozes syn tiid ôf de ieuwen troch it folk de wei wiisd hie.
Mei dy wiisheid en dat ynsicht koe Salomo, de kening fan de sjaloom, fan de frede, it keningskip oan.

Image
Gustave Doré

Wat hast hjir no oan ast moarn wer nei dyn wurk giest? Of ast wurkleas bist? Wy binne no ienkear gjin kening of keninginne. Soms soest dat winskje, dan soe it al oars yn dit lân! Of net? Gjin politike draaierijen en kabinetskrisissen mear, sa regeare dat elk ta syn of har rjocht komt, foaral de swakken yn de maatskippij. Mar ja, wy moatte it dwaan sûnder kroan op ‘e holle. Wy ha wol it foarbyld fan de kening fan de sjaloom foar eagen: in bidnacht om wiisheid.
In bidnacht om wiisheid? Soe dat net folle better wêze as in biddei foar gewaaks en arbeid? Want skonk Jahweh oan Salomo behalve wiisheid ek net rykdom, skatten en eare? As dat de godlike en keninklike wei is, dan meie wy fan God, as wy bidde om wiisheid, ek gewaaks en arbeid ferwachtsje. Of groei en wurk. Groei op it fjild en yn ús geast. Wurk mei holle, hannen en fuotten, want dy ha wy fan Him as bonus krigen.
Hoe’t it fierder gie mei kening Salomo? Foar de wyn, want de skippen en kamielen namen út alle wynstreken rykdom en skatten mei. Twa bonussen fan Jahweh. En de keninginne fan Skeba en oare bûtenlânske pommeranten brochten him eare. De tredde bonus fan Jahweh. Neat mis mei, want de Alderheechste makke syn belofte oan de kening fan de sjaloom wier. Sa barde it no ienkear yn it beloofde lân.
Hoe’t it fierder gie mei kening Salomo? Foar syn gefoel noch altyd foar de wyn, mar syn skip fan steat en syn priveeboat foeren gjin rjochte koers mear.
Hy túgde 1400 weinen mei likefolle hynders oan en rôp 12.000 ruters yn tsjinst. Sa kende er himsels in dikke oarlochsbonus ta. De kening fan de sjaloom waard de machthawwer dy’t him op oarloch tarette.
Hy helle 700 froulju fan heech komôf en 300 bywiven yn syn paleis en liet foar harren offerhichten fan de ôfgoaden oanlizze. Tûzen frouwen, dat wie wat oars as de tûzen brânoffers op ‘e offerhichte fan Gibeön. Sa kende de kening himsels in dikke frouljusbonus ta. De kening fan de bidnacht om wiisheid wie haremfoarst wurden.

11. Sjonge
Liet fan Salomo: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Liet 446 út it Lieteboek foar de  tsjerken

Hoe’t Salomo in wize waard,
dat is in ryk ferhaal,
troch Israel rûn ’t keningspraat
fan alles grut op skaal.

Wol tûzen offers waarden brocht,
oan God alhiel de ear,
mar noch seach Salomo gjin ljocht,
hy socht wat oars, net mear.

Dyselde nacht klonk ’t godlik lûd:
‘Wat sil Ik oan dy jaan?
Sit, soan fan David, net yn noed,
do fregest, Ik sil ’t dwaan.’

It antwurd liet gjin fraach mear ta:
‘Jo wiene foar heit goed,
ik wol graach wiisheid yn my ha,
dan gean ‘k myn wei mei moed.’

De keninklike wei rûn op
nei wiisheid, rom en skat,
sa kaam de kening op ‘e top,
sjaloom foar ’t folk fan God.

Sjaloom feroare yn it fjoer
foar tûzen kear in frou,
de reekwolk liet gjin wiisheid oer
en makke minder trou.

Image
Gustave Doré

12. Lêze
Teksten út Amos

De wurden fan Amos, ien fan de skieppefokkers út Tekóa,
dy’t him iepenbierre binne oer Israel.

(Amos, 1, 1a)

Dit hat de Heare te sizzen:
Fanwege al de misdieden fan Israel, iderkear wer,
sjoch Ik der net fan ôf.
In ûnskuldich man ferkeapje se samar,
in earme ferkwânselje se foar in pear sandalen.
Se binne derop út om de holle fan de lytse man
yn de modder te traapjen en de stumper it libben
ûnmooglik te meitsjen.

(Amos 2, 6-7a)

Rjochtdwaan witte se net fan, is de godsspraak fan de Heare,
dy lju steapelje yn har stinzen mar op
wat se mei macht en geweld byinoar klauwe.

(Amos 3, 10)

Hear nei dit wurd, froulju fan Samaria,
glânzich as kij út Bazan;
jim dêr op ‘e berch fan Samaria,
jim hâlde de lytse man derûnder,
jim ferwâdzje de earme
en sizze tsjin jimme manlju:
‘Tôgje oan en lit ús drinke!’

(Amos 4, 1)

Image

Jimme dy’t derop út binne de earme út te rûpeljen
en de lytse man yn dit lân omkomme te litten;
jimme mei jim sizzen:
wannear komt der dochs in ein oan nijmoanne,
dat wy wer nôt ferkeapje meie?
En oan de sabbat,
dat wy wer weet slite kinne?
Dan meitsje wy de mjitte lytser
en sette de priis heger,
dan ferrifelje wy de lju mei falske skealjes,
dan kinne wy de earme keapje foar jild,
de lytse man foar in pear sandalen.

(Amos 8, 4-6a)

13. Ferkundiging 3

Do silst mar yn in tiid libje dy’t dy it gefoel jout datst de lytse man of frou bist. Datst it gefoel hast dat de hearen en dames yn Ljouwert, De Haach, Brussel, Washington en yn megabanken en -bedriuwen harren eigen gong geane. Dat partijen mei in C (yn it Frysk in K) yn de namme noch nea heard ha fan in biddei om wiisheid. En datst sels by de tsien prosint wurknimmers hearst dy’t mar 10 euro bruto per oere fertsjinje en datst mei dyn húshâlding ûnder de earmoedegrins libje moatst.

Amos, de skieppeboer en figekweker út Tekoa, oan de râne fan de Judeeske woestyn, koe
dêroer meiprate. Net dat er sels ûnder de earmoedegrins libbe, want hy hie in bloeiend bedriuw. En om earlik te wêzen siet Israel yn dy tiid alhiel net yn in resesje. Krekt oarsom, kening Jerobeäm II kloppe himsels op it boarst, want it wie yn syn lân in tiid fan oerfloed en wielde. Mar de kening seach inkeld ien kant út, de kant fan de pommeranten, de rike keaplju en wielderige dames, glânzich as kij.
De eagen fan Amos binne wiid iepengien doe’t er de holle de kant útdraaide fan de lytse man en frou.
‘Sjoch, Amos,’ sei Jahweh, ‘dêrom rop Ik dy, om tsjin dy misstannen te profetearjen.’
Dat is wier net mis, want stel dy foar datsto fannacht in dream hast, dêrst alles sa klear as by deiljocht yn sjochst. Do hearst in stim sa dúdlik as siet ús Leave Hear sels nêst dy: ‘Sjoch … (folje dyn namme mar yn), dêrom rop ik dy dus, om tsjin de misstannen yn Ljouwert, De Haach, Brussel, Washington en yn megabanken en -bedriuwen dyn stim hearre te litten.’
Soe it earste wat troch dy hinne giet dan net wêze, it is mar in dream. En ast der djipper oer neitinkst, dus der serieuzer op yngiest, soe dan it twadde net wêze, yn ús tiid binne der gjin profeten. En it tredde, ik bin mar in lytse man of frou, wêrom ik?
Soe it yn ús opkomme om in eigen bidnacht om wiisheid te hâlden, lykas kening Salomo?

Image

Mar Amos hat grif by syn keppel skiep knibbele en om in wiis hert frege, syn bonus. Miskien hat er ek wol efkes tocht oan David, de hoedersjonge, dus in kollega fan him. Hoe’t dy reus Goliat fersloech. Soe hy, Amos, dan bang wêze om de iepenbiering fan Jahweh nei de hollen fan de pommeranten yn Israel te slingerjen? Want it liicht der net om wat er seit: ‘Jim steapelje yn jim stinzen mar op wat jim mei macht en geweld byinoar klauwe, wylst de holle fan de lytse man yn de modder trape wurdt.’

Yn de tiid fan Amos steapelen de riken de bonussen en it ûnrjocht al himelheech op. En de profeet sette syn stim út om yn namme fan Jahweh dêrtsjin te protestearjen.

Ik freegje my wolris ôf wêrom’t yn ús eigen tiid it profetyske lûd fan de tsjerken of fan de kristlike partijen amper te hearren is. Sy hawwe ommers de profeet Amos as foarbyld. Of is it roppende lûd fan Jahweh en ús God yn dizze tiid net mear te hearren? Ropt God noch wol streekrjocht? As dat net mear sa is, dan hawwe wy it bibelboek Amos noch as oprop om op te kommen foar minsken dy’t ûnrjocht lije troch Ljouwert, De Haach, Brussel, Washington, mega-banken en -bedriuwen.

Wy geane aansen wer op hûs oan en moarn sjogge wy om ús hinne dat der neat feroare is. Neat? Wêrom ha wy dan dizze bidjûn foar gewaaks en arbeid holden? Of groei en wurk? Binne wy jûn net geastlik groeid troch de wiisheid dêr’t wy om frege ha? En geane wy moarn net oan it wurk, of mei ússels om de wiisheid fêst te hâlden of mei ús neiste om yn ús eigen lytse rûnte op te kommen foar in wrâld dy’t de muoite wurdich is? En leau dan mar dat God ús as bonus de Geast jout.
Amen

14.  Oargelspul

15. Sjonge
Liet fan Amos: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 474 út it Lieteboek foar de tsjerken

Tekóa, doarp by de woestyn,
dyn namme waard bekend,
want Amos wenne yn dyn oard,
oan ’t boerelibben wend.
Fier wiesto fan de keningsstêd
mei foarst Jerobeäm,
syn rykdom wie rûnom bekend,
mar dôve wie de flam.

God rôp doe Amos ta de die,
by skiep en figen wei,
hy moast op wei mei ’t wurd dat God
him yn de mûle lei:
‘De Heare brinzget as in liuw,
syn lûd klinkt oer it gea,
de greiden lizze toar en feal,
de berchtop eaget dea.’

Doe bûgde Amos nêst syn skiep
de holle nei de grûn,
want as profeet moast hy it dwaan
mei wiisheid troch God jûn.
Wa’t wiisheid mingt mei ’t fjurrich moed,
sjocht by gjin kening op,
syn hert rint oer fan hillich fjoer,
oer ’t gea klinkt lûd syn rop.

De wierheid hie in skelle stim:
‘It is in grut skandaal,
ûnskuldigen ferkeapje jim
foar twa kear in sandaal.
Jim slaan it jild yn stinzen op,
fertsjinje sels gjin stoer,
mar klauwe ’t yn mei swier geweld,
jim misdied is moarn oer.’

Mar oan de ein wie Amos’ lûd
fol fan in kommend heil:
‘Oer is de neare ballingskip,
God bringt syn folk op ’t peil
fan kening Davids hoederskip,
de greiden wurde grien,
de berchtop dript fan druvesop,
sjaloom foar elkenien.

Image

16. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

17. Kollekte

18. Sjonge
Liet 425: 1, 3 en 5

19. Seine

‘Wy geane oer in oerke nei hûs,’ klonk oan it begjin fan de tsjinst.
Dat is net hielendal slagge: it is in goed oere wurden.

Hooplik is it twadde wat doe sein is, wol útkommen: ‘Fol goede moed.’

Yn alle gefallen stiet God boarch foar syn bonus oan ús, de seine.

Lit ús fol goede moed nei hûs ta gean mei
de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus Kristus, de Soan
en de besieling fan de Hillige Geast.
Amen

20. Sjonge
De frede fan de greiden

De frede fan de greiden wês oer dy,
de frede fan mar en lân;
de frede fan de loften wês oer dy,
de frede fan waad en strân.
Djippe frede mei komme oer dy.
Mei Gods frede no groeie yn dy.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum