Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tsjinst fan de trijeslach

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 26 april 2009 yn Drylts

Image

1. Tarissing

Wy binne hjirhinne kommen om
de twadde snein nei Peaske te fieren.
Dit is foar de Menniste gemeente fan Drylts
de snein fan de trijeslach,
de see,
de wei
en de berch.
Wy geane fan de skomjende see
oer de wei nei de berch.
Dêrby roppe wy de Heare oan
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t de see fan it lân skieden hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Psalm 98: 1 en 2

3. Foar de bern

Skilderij fan Turner: Rêding by skipbrek
Wa fan jim hat wolris op in echte see west?
Wiest ek seesiik?
De see om siik fan te wurden.
De see om yn te ferdrinken.
De see as teken fan ‘it giet need’.
Mar sjoch no ris: fiskers dy’t rêde.

Image
Joseph Mallord William Turner   Skipbrek

Skilderij fan Repin: Prosesje
Wa fan jim hat wolris yn in optocht meirûn?
Fieldest dy doe ek seesiik?
Hoe fieldest dy dan?
In optocht om bliid fan te wurden.
De minsken op it skilderij binne rêden.
Se hearden der net by, mar no rinne se mei
yn de optocht.
Hoe soene se rêden wêze?
(Troch fiskers fan Jezus)

4. Sjonge
Psalm 98: 3 en 4

5. Gebed

Hear, wy binne fan ‘e moarn wer yn de haven fan de tsjerke syld.
Wy wolle yn ús gebed neame hoe heech en hol de see wol net stiet.
It kin wêze dat guon der fan de wike siik fan wurden binne.
It libben om ús hinne is soms as de see, in gaos fan weagen.
De iene weach slacht ús de kant út fan ‘sa is it’.
Mar op ‘e oare glide wy werom nei ‘sa is it net’.

Hear, wy bidde mei ynmoed jou ús de wiisheid
om in fêste koers te farren op it kompas
fan ús grutte broer Jezus,
want dan meie wy ek soannen en dochters neamd wurde,
bern fan jo Keninkryk, de fêste grûn ûnder de fuotten.

It falt net ta om yn lykwicht te libjen, Hear.
Sykte, skieding, rou, iensumens en de dea binne benearjend…
as de stoarm op see.
Soargen om bern en bernsbern slaan as weagen oer ús hinne.
Wy bidde wol loads wêze om ús troch stoarmen hinne te bringen
yn rêstige wetters dêr’t de seilen, swier fan it wetter, droegje kinne.

No’t wy fan ‘e moarn de haven yn syld binne,
jou ús in iepen ear, each en hert foar jo Wurd,
om de ferhalen te ferbinen mei ús eigen libben,
want dêr giet it om: jo Wurd is om te hearren en te dwaan.
Jou ús dêr de wiisheid foar.
Amen

Image
Chrstian Krohg   Skerp oan de wyn

6. Sjonge
Ik fiel de wyn hjoed waaien, God: 1

Ik fiel de wyn hjoed waaien, God,
en heech set ik it seil.
Tehaav’ne is ’t, mei skom bespat,
mar ‘k hoopje op it heil!
Te roere stiet jo eigen Soan,
Hy stjoert nei kalme ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
oer wylde, hege see!

7. Lêze
Micha 4, 1-5

8. Sjonge
Liet 294: 1, 2, 3 en 4

9. Lêze
Jehannes 21, 15-19

 10. Sjonge
Liet fan de stim: 1, 2 en 3
Wize: Liet 437 út it Lieteboek foar de tsjerken

Wol trije kear klonk Petrus’ stim
dat hy gjin kunde wie fan Him,
der brânde doe ûnhillich fjoer,
de leafde wie in oere oer.

De tiid rûn troch, de dei rûn leech,
fan ier oant let wie ’t libben dreech,
dat yn de nacht gie ’t fiskjen oan,
it net wie leech en kâld de moarn.

Wol trije kear klonk Jezus’ stim
oft Petrus wier wol hold fan Him,
hy seach wer dat ûnhillich fjoer,
syn leafde waard doe lang fan doer.

11. Ferkundiging 1

Trije kear is skippersrjocht, seit it sprekwurd. Is trije kear ek fiskersrjocht? It liket der wol op:
– In leech net
– In net mei 153 fisken
– Deselde trije fragen oan fisker Petrus:
‘Simon, soan fan Jehannes, hâldsto fan My?’

Sa sil dizze tsjinst ek ferrinne:
– Fergees fiskje yn de gaos fan de see, mei oare wurden: de gaos fan it libben.
– De fraach oan ús: ‘Asto fan My hâldst, bist dan op wei, omdat Ik dy roppen ha?’
– In net mei 153 fisken, in berch fisken, in berch ûnder de sinne, in ljochtsjende takomst.

Of om it mei trije wurden te sizzen:
– See
– Wei
– Berch

1. De see
De Ingelsman Turner hat yn 1805 in skilderij makke fan 1 meter 70 by 2 meter 40. Hy hat twa jier lang oan dit skilderij fan in fleanende stoarm ûnder in inketswarte loft wurke. Skippen binne op metershege weagen yn need rekke. Hoefolle seelju binne yn de rin fan de ieuwen ûnder sokke gaotyske omstannichheden wol net omkommen?

Hoe koene seelju harren holle
boppe wetter hâlde as de brot
fan hout en seildoek net mear kearden
’t bearen fan de gaos, ’t djipste lot
fan hûnderttûzen drinkeldeaden?

Hâld dit byld by de earste fraach fan Jezus foar eagen: ‘Simon, soan fan Jehannes, hâldsto mear fan My as de oaren?’
Nee, net dat it dy nacht op ‘e See fan Tiberias stoarme, doe’t sân fan de dissipelen it fiskersbestean wer op har namen. It fiskersbestean, in bestean fan skreppe en slimerige hannen, in bestean fan dei en nacht, in gaotysk bestean, in bestean dêr’t op delsjoen waard.
Mar it stoarme wol yn de herten fan de sân dissipelen. Sy libben noch altyd tusken eangst en hope, tusken krúsdea en opstanning. Wêr wie Jezus? Yn de gaos fan it libben weiwurden? No’t Hy der net mear by wie, drige har eigen bestean in gaos te wurden. Foaral Petrus hie it dreech mei de trijeslach: ferleagening mei de kraaiende hoanne, krúsdea mei de rop Myn God, myn God, wêroms hasto My ferlitten? en de froulju dy’t as earsten de libbene Hear by it grêf sjoen hiene.
En no’t it net yn dy neare nacht leech bleau, drige er ek noch te mislearjen yn syn âlde berop fan slimerige hannen.

Image
Winslow Homer   Mistwarskôging

Hoe stiet it der mei ús foar op ‘e See fan de Súdwesthoeke? Grutter, grutter en noch grutter… Rêde wy it yn de stoarm fan dizze tiid mei krisis en resesje? Nei mear, mear en noch mear kaam it minderjen. Of om tichterby hûs te bliuwen: hasto yn dyn eigen libben de skoat noch wol yn hannen? Of driget de gaos fan soargen, sykte, iensumens en dea dy oerboard te slaan?
En dan komt dy earste fraach: ‘Hâldsto mear fan My as de oaren, …,  mear as it folk dat net nei tsjerke giet, de minsken dy’t der yn dyn eagen mar in potsje fan meitsje, de moslims, it Jan Poepsfolk …?’ Folje mar yn. Want al dat frjemde, earme en stumperige folk is miskien yn dyn eagen it folk fan de gaos, fan de see. It folk dat der foar it each net by heart.
Asto fan My hâldst, mear as al dat folk, dan wurdsto roppen, lykas Petrus, fisker fan dy minsken te wurden. Omdat dy seefisken der ek by hearre.
En ast no njoggentich jier bist en dyn skonken binne te stiif om yn de boat te stappen en dyn hannen te krom om it net binnenboard te heljen? Rin dan mei dyn rollator nei it strân, fertel dyn libbensferhaal as fisker en wiis nei it fjurke dêr’t Jezus de fisken op bakt. Troch dyn foarbyldige hâlding kinst ek in goede fisker wêze.

12. Sjonge
Liet fan de stim: 4 en 5

As ’t libben inkeld gaos is,
in hege see, gjin oere wis,
dan komme netten leech oan board,
de wyn wurdt kâld want krimpt nei noard.

Mar heart de fisker nei de rop,
dan stjoert er ’t skip de see wer op,
hy hellet folk de goas út,
de wyn wurdt soel, giet út nei súd.

13. Ferkundiging 2

2. De wei
Fan de see nei de wei. Want wy kinne dochs net op see, yn de gaos bliuwe. Nei de rôljende weagen moatte wy fêste grûn ûnder de fuotten krije.
Petrus miende dat er al op dy grûn stie. Tefreden stiek er de hannen út nei de flammen fan dat fjurke fan Jezus, want nei sa’n kâlde nacht hied er ferlet fan waarmte troch de lea. It antwurd dat er krekt jûn hie op ‘e fraach fan Jezus, dêr fielde er him ek waarm by wurden. Fansels hold er fan Jezus, dêr wie gjin twivel mooglik. Hy stie wer, krekt as by syn ropping as dissipel oan deselde see, yn fjoer en flam. Want hie Jezus net reagearre mei: ‘Weidzje myn bokjes?’
Net dat er presiis snapte wat de Hear dêrmei bedoelde, mar it hie grif te krijen mei de gelikenis fan de hoeder. En hie kening David ek net hoeder west? Wa wit klom hy nochris op fan fisker nei hoeder nei kening. Kening Petrus, soan fan fisker Jehannes, learling fan kening Jezus.
Hy soe krekt roppe dat elk by it fjoer fan de Hear komme moast, doe’t er wer opskrille fan Jezus syn stim: ‘Simon, soan fan Jehannes, hâldsto fan My?’
It hert kloppe him yn de kiel, doe’t er antwurde: ‘Ja, Hear, Jo witte dat ik fan Jo hâld!’
‘Hoedzje myn skiepkes.’
Hoewol’t it byld fan de hoeder Petrus op ‘e nij foar eagen kaam, wie it keningsbyld yn flammen opgongen. Hy stoarre nei it fjoer, dêr’t de fisken op leine te systerjen, en dizich seach er oare flammen dûnsjen, dy’t it gesicht fan in jongfaam ferljochten. Foar’t dat byld him dúdlik waard, skrille er wer op: ‘Simon, soan fan Jehannes, hâldsto fan My?’
Op datselde stuit klonk der in oare fraach trochhinne: ‘Bisto ek net ien fan syn learlingen?’
It gesicht fan de jongfaam ljochte op. Hy hearde in hoanne kraaien. Kaam it lûd fan de kant fan Kapernaüm of wie it ferbylding… de hoanne fan Jeruzalem.

Image
Rembrandt   De ferleagening fan Petrus

‘Hear, Jo witte alles, Jo witte, dat ik fan Jo hâld,’ sei er mei bûgde holle.
‘Hoedzje myn skiepkes.’
Dêr stie Petrus, like ferslein as doe’t er yn it paleis fan Kajafas trije kear roppen hie dat er gjin learling fan dy Jezus wie. Nei dy trijefâldige ferleagening, trije fûle klappen op Jezus syn siele, like de wei foar him ôfsletten. En no hie Jezus him in trijeslach weromjûn, trije klappen om syn leafde te hifkjen. Syn hiele lichem fielde oan as ferlamme. Wêr moast er hinne mei de leafde dy’t er útsprutsen hie? Dan koest dochs net samar in fisk fan it fjoer pakke, yn de mûle stekke en derom tinke datst gjin bonke yn de kiel krigest. Yn dyselde mûle dy’t sokke grutte wurden útsprutsen hie. Sizzen is neat, mar dwaan is in ding. Wêr moast er hinne om wat te dwaan?
Doe klonken op ‘e nij wurden fan Jezus: ‘Petrus, jou dyn mulriem ris.’
Hy seach ferheard op, knope syn riem los en fielde dat syn fiskerskleed him op ‘e fuotten sakke.
‘Noch altyd makkest de riem sa fêst datst de fuotten frij hast,’ sei Jezus, ‘dat docht al it jongfolk. Foaral do rinst mei dyn hastich aard it gefaar datst minsken dy’t dy nedich ha, foarbydraafst. No meitsje Ik foar dy de mulriem fêst… sjochst?’
Petrus seach dat it kleed him oer de fuotten hong.
‘Ast âlder wurdst,’ heakke Jezus ta, ‘makket in oar de riem foar dy fêst, dan hast neat mear te kiezen, want dan wurdst keazen om de wei te gean dyst te gean hast. Dy wei leit nei dyn trijefâldige leafdesferklearring foar dy iepen. Fan hjoed ôf oan silst dysels en oaren nea mear foarbydrave… hoedzje myn skiepkes, Petrus, do rots yn de brâning fan de see.’

Hoe sit de mulriem by dy fêst? Hooplik hinget broek of rok jim net oer de skuon, want wy moatte gjin ûngelokken ha. In heup is gauwer stikken as dat er wer hiel is.
De measten fan ús ha de figuerlike mulriem al om krigen. Dy is al troch de Oar mei in haadletter fêstmakke. Hoe lang bist al net op wei? Miskien no mei steun fan de rollator nei it strân om dyn libbensferhaal te fertellen en op Jezus’ fjurke te wizen. Of bist op wei nei it earme Jan Poepsfolk om sjen te litten dat sy der ek by hearre?

14. Sjonge
Liet fan de stim: 6 en 7

De tiid rûn troch, de dei rûn fol,
want Jezus frege Petrus tol,
syn ynset op ‘e libbenswei,
de mulriem om, de leafde mei.

Sa fierde hy de staasje oan,
de nacht troch nei de nije moarn,
de berch op nei Jeruzalem:
‘Wês wolkom,’ sei dyselde stim.

15. Ferkundiging 3

3. De berch
Nei de see en de wei komt de berch boppe de kym. Mar foar de berch weaget noch de see, want dat is ek it byld fan de gaotyske wrâld mei al dat Jan Poepsfolk. En sjoch no ris wat der bart. Petrus, syn kollega-fiskers en do as jongere fisker hingje yn de fiskersboat achteroer, sa moat der oan it net skuord en raamd wurde om it binnenboard te krijen. It is leadswier fan de fisken. Se telle 153, in sulveren berch.
En sjochris wat der dan bart. Al dy 153 fisken feroarje yn it Jan Poepsfolk. Sjogge jim Petrus? Hy rint foarop, mei syn fiskerskleed op ‘e skuon, want Jezus hat syn mulriem fêstmakke. Nee, it giet net hurd, want elkenien moat meikomme. En jimme, jongere fiskers fan Drylts, rinne oan wjerskanten om lju dy’t net meikomme kinne, te steunen. En jim, âlderen fan Drylts, rinne mei de rollator achteroan, nei’t jim op it strân it libbensferhaal ferteld ha. En as guon fan it Jan Poepsfolk net mear kinne fan wurgens, dan meie se by jim foarop de rollator sitte.

Nei it skilderij fan de see fan Turner komt no it skilderij fan de Narod fan de Russyske skilder Ilja Repin. De Narod wie it earme Jan Poepsfolk fan Ruslân, dat ûnder it bewâld fan de tsaren, suver as slaven de rike lâneigners tsjinne ha. En dan komt oan de ein fan de njoggentjinde ieu yn Ruslân in beweging opsetten om it Jan Poepsfolk op te fiskjen út ‘e gaotyske see. En sjoch no ris, yn in prosesje giet it op ‘en paad.

It boerefolk yn hurde striid
liedt hjoed gjin slavelibben mear,
it wurk foar hearen naam in kear
nei eigen grûn, foar ’t fielen wiid
en siid, op wjukken nei de kym.

Sjedêr har klearebare kâns
om yn prosesje, weach nei weach,
as ien fan ear en ien fan each,
te foet te gean, de wrâld wol mâns,
lûd sjongend fan de nije tiid.

Image
Ilja Repin   Prosesje yn it gûvernemint fan Koersk

Kom op, wy slute ús mei Petrus by de Narod oan. Do foarop, Petrus, want noch altyd sit dyn mulriem goed. Wêr liedt it paad hinne? Dêr riist in berch boppe de kym, dy’t boppe alle heuvels en oare bergen út stekt. En boppe-op dy alderheechste berch stiet it hûs fan de Heare. In ûnbidich lange staasje set al sjongend op dy berch ta, it folk fan Petrus, Jan Poep, Drylts, de Súdwesthoeke en gean samar troch.
‘Wy komme deroan, Jeruzalem, Jeroesjalaïm, sjaloom!’
Amen

16. Oargel

17. Sjonge
Liet fan de leafde: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: Liet 446 út it Lieteboek foar de tsjerken

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

Image
Rembrandt   It joadske breidsje

18. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

19. Sjonge
Liet 474: 1, 2 en 3

20. Seine

Wy binne oer de see gien,
hawwe de wei folge fan ús ropping
as folgeling fan Jezus
en binne ûnderweis nei de berch.

Lit it sa wêze
dat de Hear foar dy is, datst it paad net bjuster rekkest,
dat de Hear achter dy is om dy te behoedzjen foar it kwea,
dat de Hear nêst dy is om in earm om dy hinne te slaan,
dat de Hear ûnder dy is om dy te heinen ast ûnderút giest,
dat de Hear yn dy is om dy te treasten ast fertriet hast,
dat de Hear om dy hinne is as oaren dy tenei komme,
dat de Hear boppe dy is om dy te seinigjen.
Sa seiniget de Ivige hjoed, moarn en yn ivichheid.

20. Sjonge
Liet 456: 3

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum