Rembrandt
Al foar de nacht, net lykas Jakob,
gean ik mei Ien it striden oan,
de wapens fan de dei
nim ik nei ’t slachfjild mei
op hope fan in oare moarn.
Ik bin allinnich, oars as Jakob
diel ik de earste klappen út:
de flok fan Mammons wei,
de krisis fan de dei
wylst Bonnefooi besit de bút.
Noch fiel ik neat, hiel oars as Jakob
jou ik de stek út Amsterdam,
’t wie midden op ‘e dei
dat hy dêr bliedend lei
en dat de dea syn hertslach naam.
Ik rop om Him, net lykas Jakob,
en slaan foar de misdielde bern,
har libben is dernei,
har diel de misse dei,
myn slach giet yn de lucht ferlern.
Dan fiel ik Him, ’t is lykas Jakob,
in rekke klap, hy komt fûl oan:
‘Ik joech hjoed dy in dei,
in fraach, wat diest dêrmei?’
Doe kaam de lêste slach: ‘No moarn!’
|