Tsjinst fan 20 maaie 2007 yn Broek
1. Tarissing
Wy komme fan ‘e moarn by elkoar
om nei te tinken en mei te fielen
oer ôfskie en weromkommen,
dat ôfskie net it lêste is,
mar it begjin fan it weromkommen.
Us tinken en fielen siket om ferbining
mei wat boppe ússels útgiet.
Dêrom sprekke wy út
dat ús help is yn de namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat er op Him nommen hat.
Amen
2. Sjonge
Psalm 33: 1 en 8
3. Ynlieding op ‘e tsjinst
Ofskie en weromkommen.
Samuël, Jehannes en Jezus binne
de haadpersoanen yn de tsjinst.
Samuël naam ôfskie en kaam werom.
Jehannes, de evangelist en skriuwer fan
Iepenbiering naam ôfskie doe’t er hûndert wie.
Jezus naam ôfskie by syn himelfeart
en hat tasein dat Hy weromkomme sil.
Samuël lei de klam op ‘e wei fan it gean mei God.
Jehannes en Jezus hawwe de leafde
as de wei troch it libben oanjûn.
De leafde sil as in reade trie troch de tsjinst rinne.
4. Lêze
1 Korintiërs 13, 1-3
5. Sjonge
Liet fan de leafde: 1, 2 en 3
Wize: Lieteboek foar de tsjerken, liet 446
Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.
Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.
Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.
6. Gebed
God dy’t mei ús op wei is, sjoch ús libben oan,
hoe’t wy freugde en fertriet belibje,
de freugde as fan de kleuren fan de maitiid,
dat wy bewege kinne,
dat wy sûn fan lichem en geast binne
of sa lang sûn west ha.
Jo komt de tank ta foar ús maitiidslibben.
Wy lizze ek ús fertriet oan Jo foar,
as it bewegen minder wurdt,
de sûnens ús yn de steek lit,
de hjerst linkendewei oergiet yn de winter,
ús neisten en freonen om ús hinne weifalle,
as it ôfskie foar ús gefoel sa skrinend en definityf is
en it perspektyf op it weromkommen lyts liket.
Hear, ûntfermje Jo oer ús yn ús gemis.
Untfermje Jo oer de wrâld
dêr’t macht en jild it foar it sizzen ha
en wy as lytse man en frou oerspield wurde.
Lit net ta dat de leafde ferdrinkt yn machtstinken,
mar begelied ús mei himelske muzyk
by it sjongen fan it liet fan de leafde.
Amen
7. Lêze
1 Korintiërs 13, 4-8
8. Sjonge
Liet fan de leafde: 4, 5 en 6
De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.
De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.
Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.
9. Lêze
1 Samuël 12, 1-5, 13-25
10. Ferkundiging 1
‘Partir c’est mourir in peu’, seit de Frânsman, as er ôfskie nimt en fuortgiet: in bytsje stjerre. Ofskie nimme, hoe faak ha wy dat wol net dien! De eagen bleauwen der soms net droech by.
Myn frou en ik ha it der noch wolris oer. Wy brochten ús dochter nei Grins, dy’t dêr studearje soe. Mei de lift rûtsten wy nei njoggen heech, de etaazje dêr’t se in keamer hie.
“Hawwe jim noch sin oan in broadsje?” frege se.
Dat hiene wy net, want wy fûnen dat de tiid foar it ôfskie net te lang duorje moast. Dus wy namen ôfskie mei in dikke tút: “No faam, dan geane wy mar, do hâldst dy goed, no?”
Wy kamen op it parkearterrein en leine de holle yn de nekke. Dêr stie se, njoggen heech, de holle boppe de balustrade út, de hân omheech. It wie as waard wat fan ús lossnien, as stoaren wy in bytsje. Tusken Grins en Drachten ha wy neat tsjin elkoar sein fanwege de wiete eagen.
Wie it foar Samuël ek in bytsje stjerre, doe’t er ôfskie naam fan it folk dat er fan syn jonge jierren ôf tsjinne hie? Earst as helper fan Eli yn it hillichdom fan Silo, letter as profeet. Hy hie it al bestoarn, doe’t it folk frege om in kening. Hoe wie it mooglik! God wie dochs de kening fan Israel. Mar in kening soe der komme, sa woe God ha.
En dan komt it ôfskie foar it front fan it hiele folk. Samuël hâldt in ôfskiedspreek, dêr’t er weromsjocht op it ferline, hoe faak it folk fan de rjochte wei ôfslein wie en telâne kaam op in paad mei as bestimming ‘dingen fan neat’. Ast dy yn it libben ophâldst mei dingen fan neat, is dat sûnde. Dit ôfskie falt Samuël swier, yn de ‘dingen fan neat’ fernimt er de dea; hy stjert al in bytsje.
It folk is djip ûnder de yndruk, beseft dat de fraach om in kening de skuld noch swierder makket. En no nimt de grutte gids Smauël ek noch ôfskie! Wa sil harren de wei wize? Se roppe: “Bid foar ús dat wy net stjerre!”
Dat is wat oars as in bytsje stjerre, de dea riist as in freeslike mooglikheid boppe har libben út, as in wâljende tongerloft.
Mar Samuël lit boppe de dea út de wei fan it libben sjen, nei de hichte: dat is de wei fan it gean mei God. Mei God op ‘en paad troch it libben, net nei de ‘dingen fan neat’, mar nei wat it libben fol makket, fol fan leauwe, hoop en leafde.
En dan krije wy de omslach yn byld, de omslach foar it folk, mar ek foar Samuël, dy’t seit: “Wat mysels oangiet, ik tink der net oer op te hâlden mei foar jim te bidden en jimme it goede en rjochte paad te wizen.”
Samuël hat krekt ôfskie nommen, mar oan de ein fan syn ôfskiedspreek is er al werom, werom as gids, op wei nei in fol libben. In bytsje stjerre? Wolnee, folút libje!
Ofrûne tongersdei ha wy de himelfeart fan Jezus betocht. De dissipelen stiene mei de holle yn de nekke te sjen hoe’t Hy opriisde yn in ljochte wolk. It grutte ôfskie. Foar Jezus in bytsje stjerre? Wis net, Hy libbet nei de opstanning folút!
En foar de dissipelen? Sis it ris, Jehannes, do dyst sa’n bysûndere leafdesbân mei Jezus hiest.
“Wy wisten dat it net duorje koe, Jezus yn ús midden, mar doe’t it ôfskie kaam, wie it as waard der wat fan mysels ôfnommen. Ja, op dat stuit stoar ik in bytsje.”
Doe’t it ôfskie kaam…
Ofskie fan de bern, mar dy komme meastal werom.
Ofskie fan dyn âlders, doe’t se stoaren… do stoarst in bytsje mei.
Ofskie fan dyn man of frou. Fan guon fan jim hat it al west, foar oaren sil it noch komme.
As it dy treft, fielt it as wurdt wat fan dysels ôfsnien, stjerst in bytsje mei. Mar ast mei God en minsken giest, yn leauwe, hoop en leafde, dan jildt de belofte fan it folle libben.
11. Sjonge
Liet fan it ôfskie: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Liet 392 út it Lieteboek foar de tsjerken
De sinne sakke, it rûn nei de jûn,
doe’t Samuël gjin heil yn ’t folk mear fûn.
Hy spriek it ta mei pine yn ’t gemoed,
de loft yn ’t westen kleure read as bloed.
Ik wie jim gids by dei, mar ek by nacht,
brocht jim op wei, hold by Gods wet de wacht.
Sis my, ha ik wat fan it folk ôfnaam,
in ezel, skiep of sels ek mar in laam?
Jo ha ús brocht op wegen fan it rjocht
en nea jo eigen paad en foardiel socht.
Wy smeke, no’t de dei rint nei de jûn,
ferlit ús net, mar bliuw mei ús ferbûn.
Jim ha in minske keazen, mar net God,
de kening bynt jim oan syn eigen lot.
God hat de hiele ierde yn de hân,
in minske is mar kening oer syn lân.
Wy sjogge ’t felle ljochtsjen fan de loft,
de tonger dreunt en duorret al in skoft.
Bid foar ús libben, want it giet ferkeard,
de keningskar, it wie in wei fan neat.
Wês mar net bang, jim ha it kwea wol dien,
mar binne net de neare nacht yngien.
Ik nim gjin ôfskie, want it wurdt wer dei
en wiis jim op ‘e nij de rjochte wei.
12. Lêze
Iepenbiering 22, 8-10
13. Ferkundiging 2
Jehannes, de skriuwer fan ien fan de fjouwer evangeeljes en de Iepenbiering. Jehannes, likernôch like âld as Jezus, de learling dy’t in bysûndere leafdesbân mei Jezus hie. By de himelfeart fan syn Master stoar er in bytsje, fertelde er niis. Mar nei Pinkster krige er de Geast en troch de jierren hinne groeide yn him leauwe, hoop en leafde. Jezus sels like weromkommen te wêzen, net op ierde, mar yn syn inerlik. Sa groeide er geastlik troch en nei syn njoggentichste wied er safier dat er it evangeelje skriuwe koe, jim witte wol: ‘Yn it begjin wie it Wurd der. It Wurd wie by God en it Wurd wie God.’
Doe’t Jehannes 96 jier wie, waard Domitianus keizer fan it grutte Romeinske ryk. Hy ferplichte elkenien om in offer te bringen oan syn byld. Om’t de measte kristenen wegeren, brieken der ferfolgingen út. In protte minsken moasten harren leauwe mei it libben betelje, ek yn de gemeente fan Jehannes yn de stêd Efeze. Jehannes sels waard ek finzen nommen, folge troch in deportaasje nei Rome. It ferhaal fertelt dat dêr foar him in fet kôkjende oalje klear stie. Jehannes waard yn de oalje dompele, mar troch boppenatuerlike krêften, syn beskermingel, riisde er út ‘e kôkjende dea op ta it libben, noch folút op syn 96ste.
Soldaten brochten him werom nei Lyts-Azië. Hy waard ferballe nei it eilân Patmos en wenne dêr yn in grot. It wie op dat eilân dat foar syn eagen in stream fan fisioenen boppe de see útriisde. Hy seach it ljocht by de skepping opkommen, it tsjuster fan de djipte dêr’t it minksdom trochhinne moast om nei de hichte fan in geastlike wrâld te gean. Wat er seach, diktearre er oan syn learling Prochorus.
Sa is it boek Iepenbiering ûntstien. Dat prachtige boek mei in oerfloed oan bylden wie der net kommen as Jehannes net groeid wie nei in libben fan leauwe, hoop en leafde, dus as syn Master en grutte foarbyld syn inerlik net oandien hie.
Doe’t Jehannes in healjier op Patmos west hie, stoar keizer Domitianus. Jehannes naam ôfskie fan it eilân (miskien stoar er wol in bytsje) en gie werom nei syn gemeente yn Efeze. Alle sneinen brochten se him op in draachstoel nei de gearkomste fan de gemeente. En alle sneinen spriek er deselde wurden: “Berntsjes, ha elkoar leaf.”
Op in snein, hy wie doe al hûndert, fielde Jehannes de ein fan syn ierdske libben oankommen. Hy stapte fan syn draachstoel en de gemeente seach mei iepen mûle oan dat er wer rinne koe. Doe’t er by de iepen sarkofaach kaam, gie er dêryn lizzen en stoar. Mei Jehannes stoaren de oanwêzigen ek in bytsje. Mar op datselde stuit striele in skitterend ljocht en der weage in hearlike rook troch de romte. As teken fan in trochgeand libben fan leauwe, hoop en leafde, in libben folút.
14. Sjonge
Liet fan it wolkom: 1 en 2
Wize: Liet 440 út it Lieteboek foar de tsjerken
Lit my, Jehannes, no net swije
oer wat ik hearde en ek seach:
God sil de wrâld alhiel fernije,
in paradys foar ear en each.
De ingel hat dy bylden jûn,
ik tankje him foar ’t fisioen.
Ik bin in ingel út ‘e hichte,
de tank komt God allinnich ta,
as tsjinstfeint kaam ik nei de lichte,
sa wol de Hear de takomst ha.
Jehannes, it is hast safier,
de fisioenen wurde wier.
15. Lêze
Iepenbiering 22, 12-21
16. Sjonge
Liet fan it wolkom: 3 en 4
As Soan fan God bin Ik de stjerre
dy’t skynt yn de betide moarn.
Wa’t earen hat, lit dy no hearre,
de eagen sjogge ’t ljochtsjen oan,
de mûlen bliuwe ticht en stom,
myn wierheid klinkt en blinkt: Ik kom.
Wy as gemeente ha lang wachte
op wat de ingel hat fersein:
hoe’t boppe alle ierdske machten
de moarnsstjer riist, dat oan de ein
ús mûlen sjonge fan syn rom:
Wês wolkom, Heare Jezus, kom!
17. Ferkundiging 3
De Russyske skilder Ilja Repin hat yn de jierren tachtich fan de njoggentjinde ieu in prachtich skilderij makke fan in man en heit dy’t nei jierren fan ballingskip wer thúskomt. Omdat er foar it gewoane folk (Iwan mei de mûtse) opkaam, waard er troch de tsaar nei in strafkamp yn Siberië stjoerd.
De nije tsaar Alexander III kundiget amnesty ôf en de balling mei werom nei hûs. En dêr komt er sa meager as branhout troch de doar de keamer yn. Syn âlde mem, dy’t efkes yn de briedstoel sitten hat te slomjen, werkent har soan as earste: “Myn jonge, bisto dat?”
Yn de eagen fan syn frou, dy’t achter de piano siet te spyljen, leit fernuvering en soarch: “Dit kin net wier wêze.”
De jonge en it famke, dy’t by de tafel húswurk meitsje, reagearje hiel ferskillend. It famke ken har heit net mear, mar de eagen fan de soan glânzje: “Hoi, heit.”
Ilja Repin hat it skilderij hiel sprekkend ‘Unferwachts’ neamd. Gjinien hie de soan, man en heit ferwachte.
Dat kinne wy net fan Jezus sizze. Nee dochs? Jehannes hat net fergees op Patmos yn de grot sitten en op it strân rûn. Wat hat de ingel him wat sjen en hearre litten! De ingel sei sels dat Jehannes de fisioenen dy’t er Prochorus diktearre hie, net fersegelje mocht: “Net ôfslute mei in segel, Jehannes, want it is hast safier.”
Nee, wy kinne net sizze dat wy it net witten ha: “Ja, ik kom mei gauwens en ik ha myn beleanning by My, om te jaan oan wa’t gien is mei God.”
“Mar Hear, wat wol dat sizze: gean mei God?”
“Yn leauwe, hoop en leafde de wei fan God gean.”
“Dat foel net altyd ta, Hear, want jo weromkommen duorret al sa lang.”
“Mar witst dan net dat Ik sûnt it ôfskie mei myn himelfeart al hiel faak weromkommen bin?”
“Ik ha Jo net op ‘e wolken sjoen.”
“Hast My ek net yn dyn inerlik fernommen as gids op ‘e wei fan leauwen, hoop en leafde?”
“No’t Jo it sizze, soms wie ik oandien troch in hichte- of djiptepunt yn it libben, ús troudei, de doop fan ús bern en hiel soms troch in tsjerketsjinst, mar…”
“No dan!”
“Mar Hear, wannear komme Jo werom sa’t Jehannes dat sjoen en heard hat?”
“Woest in jiertal of in datum?”
“It leafst it jiertal en de datum, Hear, dan kin ik der al fêst rekkening mei hâlde.”
“Wa’t rekkenet, is mei matearje en macht dwaande, dingen fan neat.”
“Mar wêr moat ik my dan mei dwaande hâlde, Hear?”
“Harkje mei dyn geastlik ear.”
“Wêrnei?”
“Nei My, dy’t altyd weromkommen is as dyn gids op ‘e wei fan leauwen, hoop en leafde en dy’t weromkomme sil.”
“Amen, kom, Hear Jezus.”
Amen
18. Oargelspul
19. Lêze
1 Korintiërs 13, 9-13
20. Sjonge
Liet fan de leafde: 7, 8, 9 en 10
No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.
Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ‘k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.
Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.
De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwen hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.
21. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
22. Sjonge
Liet 300: 1, 5 en 6
23. Seine
Wy nimme ôfskie fan dizze tsjinst
en geane op ‘e nij ús libben yn
om werom te kommen.
De leafde fan God giet mei ús op wei
en wy geane mei Him,
yn de hope op it weromkommen
fan Jezus, de Minskesoan,
oant salang is de Geast ús gids yn it leauwe.
|