Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rûtetsjinst yn Broek

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 5 maart 2006 yn Broek

Image


1. Tarissing

Wy komme yn dizze tsjinst by elkoar
om de rûtes fan Gods wei mei ús
ûnder eagen te sjen
en oer ús eigen rûtes troch it libben
nei te tinken.
Mar earst sprekke wy út
dat ús help is yn de namme fan de Hear
dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk dat
Hy op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Psalm 98: 1, 2, 3 en 4

3. Ynlieding

Gods wei mei ús troch it libben hat ferskillende rûtes,
earst de skepping, doe’t de ierde der kaam,
dêr’t wy op libje meie.

Sa’t God de ierde skepen hat,
yn kleuren, sûnder wyt en swart,
sa mei de minske ek bestean
en kleurich troch it libben gean.

Doe kaam der in floed fan kwea oer de ierde,
dat God besleat mei syn floed it kwea út te wiskjen.
Mar dêrnei kaam de belofte fan in nij libben.

Mar as it libben kleurleas wurdt,
it giet op ierde hurd tsjin hurd,
dan komt der nei de floed fan kwea
’t beloofde libben nei de dea.

De minske krige mei de komst fan Jezus
it foarútsicht op Gods Keninkryk,
in wrâld fan rjocht en frede.

Dan ljochtet op de fiere kym
en sjocht men fan de Geast in skym,
it Keninkryk komt neieroan,
de kleuren fan de nije moarn.

Sa ha wy in foarútsicht krigen op wat noch komme sil,
yn it foarste plak yn dizze tsjinst,
mar oer de grins fan dizze tsjinst hinne op ‘e nije moarn.

Tagelyk sjogge wy nei de rûtes fan ús eigen libben,
ús feart troch it libben.
Dy rûtes spegelje wy oan dy fan Noach en Jezus.

4. Gebed

Hear, de skepping, de belofte en it Keninkryk,
it binne de trije rûtes fan jo wei mei it minskdom.
En ús eigen libbenswei liket dêr wat op:
berte, de belofte as wy noch jong binne
en it foarútsicht op wat komme sil,
as wy linkendewei âlder wurde.
Mar der is noch in rûte, God,
dat is dy fan de besiking,
ús woestynreis troch de oarde
fan soarch, sykte, lijen, rou en iensumens.
Wy lizze dizze rûte hjoed ek oan jo foar:
help ús der trochhinne, God,
dat wy der útkomme mei it sicht op dat lêste,
dêr’t ús langstme nei út giet,
in wrâld fan rjocht en frede,
it Keninkryk, dêr’t alle triennen fuortwiske wurde.
Amen

5. Lêze
Genesis 9, 8-17

6. Sjonge

It wetter fan de grutte floed
ferdronk it libben net foargoed,
want Noach mei syn arke foer
de lichten en de hichten oer.

De arke rekke oan de grûn,
dêr’t libben wer de romte fûn,
nei’t Gods belofte klonken hie
dat nea de floed sa heech wer stie.

Doe ljochte dêr de bôge op,
in kleurepracht fan foet nei top
as teken fan in droech bestean
dat minsken foar it libben gean.

7. Lêze
Markus 1, 12-15

8. Sjonge

It wetter hie syn wurk al dien,
doe is Hy nei de droechte gien
fan sân en stien yn de woestyn,
de fjirtich hongerdagen yn.

Dêr sliepte Hy by ’t wylde bist
dat fan syn hege ropping wist
en nei’t syn tocht foltôge wie,
soe Hy dy folgje mei de die.

Hy kaam foar ’t ljocht út ‘e woestyn
en oandreaun troch Gods fjoer en wyn
brocht Jezus foar in elk wrâldwiid
it boadskip fan de nije tiid.

9. Ferkundiging
Gemeente fan de Nije Tiid

Nije tiid, it klinkt as in belofte, in belofte foar de gemeente fan Broek, en yn de rin fan de ferkundiging sil dúdlik wurde dat it dat ek is.
It kin net oars as it berjocht yn de kranten fan 7 febrewaris ha jim ek lêzen: ‘Onderzoekers vinden paradijs op aarde’. Yn it eardere Nieuw-Guinea, ieuwenlang in ûnderdiel fan it ‘Koninkrijk der Nederlanden’, hawwe Amerikaanske ûndersikers planten en dieren fûn dêr’t it bestean net bekend fan wie: fûgels, kikkerts, flinters en planten, allegearre yn paradyslike kleuren. It like op in wûnder dat se dêr in pearke paradysfûgels gewaar waarden mei seis streken op ‘e kop. Seis, krekt net it himelske paradys, want dêr heart it getal sân by. En sjoch, de wylde dieren ferkearden ûnder de minsken sûnder eangst.

Image

No, sille jim miskien sizze, dan hawwe dy Amerikaanske ûndersikers noch nea yn Broek west, want wy wenje hjir wier yn in paradys op ierde. Maitiids tilt it hjir op fan de fûgels en sjoch ris nei de jerke yn brulloftskleuren! En kom hjir ris op ‘e earste snein fan septimber, as trije preammen klear lizze om foar in iepenlofttsjinst nei de Langwarder Wiellen te farren. Wis en wrachtich, in paradys op ierde!

Image

Dat soest op it earste gesicht net sizze fan de arke dêr’t Noach, syn famylje en de dieren mei boppe wetter bleauwen. In godswûnder dat se rêden waarden fan de wrâldwide en himelhege floed, dy’t der mei fjirtich dagen wetter fan boppen en ûnderen kommen wie. Mar om no yn de beheinde romte mei al dy dieren fan in paradys te sprekken… no nee. Tink allinnich mar ris oan wat der allegearre oan dong loskommen is. En hoe’t de manlju yn de arke mjukse ha, bliuwt in fraach.

Fan in paradys kinst no ek net sprekke, ast it oer de woestyn hast. Fjirtich dagen swalke Jezus dêr om, oerdei gleonhjit en nachts roetkâld. En dan dy droechte, de tonge kleeft dy oan it ferwulft en de lippen komme groeven yn. Ja, ast dan in oase berikke kinst, komst yndie yn it paradys. Mar de woestyn… no nee.

Mar dochs! It giet yn it ferhaal fan de arke net om mjuksjende manlju en yn it ferhaal fan Jezus yn de woestyn net om gleonhjitte dagen, roetkâlde nachten, in klevende tonge en barsten lippen. Wêr’t it wol om giet, is om de earste rûte nei it paradys. Lykas de organisaasje fan de preamtsjinst de earste rûte is nei in stikje paradys op ierde.

Want sjoch ris hoe’t it yn de arke om en ta giet. De minsken ferkeare ûnder de dieren, ek de wylde dieren en der bart neat. De liuw is by wize fan sprekken sa nuet as in laam. As it wetter oan it sakjen is, sa seit de leginde, giet Noach nei de fûgelôfdieling. Dêr sit er, de grutte earn, mei syn skerpe klauwen en snaffel, nêst it moskje en de do. Noach freget om in frijwilliger om te sjen oft de ierde al boppe wetter komt. De earn stekt de flerk omheech en kriezet dat hy it wol dwaan wol, om’t er in heechfleaner is. Mar Noach skodhollet ,want sa tinkt er, as de earn ienkear lân sjocht, komt er nea werom. Dan tsjilpt it moskje dat hy wol wol. Mar dat liket Noach op fleanen, want de mosk sil nea it paad nei de arke weromfine. Dan sjocht er de wite do sitten en dêr sjocht er it wol mei sitten of leaver mei weromkommen, nammentlik it boadskip fan heil dat de ierde droech rekke is. Sjoch, dêrom is it libben yn de arke de earste rûte nei it paradys. I seach er it wol mei sitten of leaver mei weromkommen.t paad nei de arke weromfine.

En de woestyn dan, dêr’t Jezus fjirtich dagen wie? Hy ferkearde ek tusken de wylde dieren en der barde neat. Lykas de liuwen Daniël yn dy djippe kûle gewurde lieten. De jakhals liet him by wize fan sprekken troch Jezus aaie.
Nei syn doop troch Jehannes moast Jezus fjirtich dagen yn de woestyn ferbliuwe om him ta te rieden op syn taak yn de wrâld. De woestynperioade as earste rûte op wei nei it paradys.
Om de earste rûte fan it ferhaal fan Jezus en Noach te keppeljen oan ús eigen tiid, is it miskien wol tapaslik om it foarbyld fan ús heit te neamen. Guon fan jim hawwe him grif kennen as de beakenmaster fan de Jousterslûs. Nettsjinsteande it feit dat er it grutste part fan syn libben hurd wurke hie, foaral as skûtsjeskipper, hat der yn dy tiid gjin earste rûte west dêr’t it paradys yn opljochte. Dy rûte gong yn yn de jierren dat er wist dat syn earste frou net wer better waard. En nei’t se stoarn wie, moast er in goed jier de woestyn fan de iensumens troch.
Guon fan jim sille grif witte hoe swier it is om yn dy woestyn te ferkearen. Dyn leave man of frou misse dêrst dyn libben mei dield hast. Mar dochs kin der yn sa’n woestynperioade wat opljochtsje fan in nij begjin, fan de earste rûte nei it paradys. De do fan Noach en it ferkearen fan Jezus yn de iensumens tusken de wylde dieren sûnder dat se Him tenei kamen.
Der ljochte yn de woestynperioade ek wat op foar ús heit en doe kaam de twadde rûte: hy troude wer mei in leave frou en tegearre setten se har yn foar de âlderein yn it Snitser Wumkeshûs, dêr’t se in oanleunwenning hiene.
Dêrmei joegen se oan dat it ûnmooglik is om allinnich op rûte te gean nei it paradys. Men soe ek sizze kinne dat se it lêste part fan Noachs ferhaal goed begrepen hiene.

Wat wol dat part fan Noachs ferhaal sizze?
De do is weromkommen mei in tûkje yn de snaffel as teken dat der wer wat op ‘e ierde groeit. De earste rûte nei it paradys, seit de leginde.
It is wier, de arke rekket de grûn op it berchte Arrarat. De doar giet iepen en de dieren streame en fleane derút. En ek de acht minsken komme wer foar it ljocht.
Dan bart it! Noach komt net fan de iene woestyn (de arke) yn de oare (de droechfallen, mar slikerige ierde). Nee, hy mei de twadde rûte yngean mei de romme wyn fan Gods seine. God slút nammentlik in ferbûn, in trijefâldich ferbûn:
* Mei de minsken en alle libbene wêzens, dat is Gods earste sizzen.
* Mei de ierde, dat is Gods twadde sizzen.
* En it tredde sizzen fan God slút minsken, libbene wêzens en ierde yn ien gehiel.
De minske giet dus net allinnich op rûte. God giet mei him of har. En God seit dat de minske ferbûn is mei alle libbene wêzens op ierde en mei de ierde sels. Sa as yn it paradys fan Nieuw-Guinea. En lykas yn de woestyn dêr’t Jezus fjirtich dagen en nachten yn ferkearde.

It bliuwt dêr op dy berch Arrarat net inkeld by wurden. Der wurdt ek wat sichtber: de reinbôge as teken fan it ferbûn tusken God, minsken, libbene wêzens en ierde. Hoe prachtich komme yn de reinbôge de werklikheid en it byld of symboal byinoar. De reinbôge is yn de werklikheid in kombinaasje fan rein en sinne, wetter en ljocht. It wetter fan de doop en it ljocht fan de wite do of de seisstrekerige paradysfûgel.
Nee, wy binne mei dy seis streken fan de paradysfûgel en de seis kleuren fan de reinbôge noch net yn it paradys. Dêr is it getal sân foar nedich.

Image

Wêr’t wy dan wol binne nei de earste rûte en nei it ferbûn, is oan it begjin fan de twadde rûte. De ropping om de wrâld yn te gean en de ienheid tusken minsken, libbene wêzens en ierde wier te meitsjen. Dat wie de opdracht foar Noach en syn famylje: oan it wurk! Dat die Jezus ek nei syn doop yn de Jordaan troch Jehannes, doe’t der in wite do út ‘e himel kaam en nei syn ferbliuw yn de woestyn:

Nei’t Jehannes oppakt wie, gong Jezus nei Galiléa ta en ferkundige Gods boadskip.
Hy sei: ‘It is sa fier, it Godsryk is tichteby kommen, bekear jimme en leau
it bliid boadskip!’

En de tredde, de lêste rûte nei it Godsryk dat tichteby is?
Fan Jezus witte wy it wol: dat wie de rûte fan syn lijen, dea oan it krús en syn opstanning.

En de lêste rûte fan de minske?
Dat kin hiel ferskillend wêze. Miskien ha jim it foarrjocht hân om in lêste rûte nei it paradys of Godsryk fan in minske fan tichtby mei te meitsjen.
Wy ha dat foarrjocht wol hân. Want nei’t ús heit tegearre mei tante Meintsje dy twadde rûte, dy fan it wurkjen oan Gods Keninkryk, ôflein hie, waard er siik. Hy krige it benaud, rekke oan it soerstof en kaam net wer fan syn stoel en letter net mear fan it bêd. En de foarhinne sa gystene skipper, joech him oer en waard rêstich. Hy hie noch ien soarch, dat wie net dy fan de dea, mar wol dat er foar de grutte Rjochter ferskine moast. Dat wie it swarte gat dêr’t er noch yn stoarre. Mar de dei foar syn dea, doe’t er te swak wie om te praten, riisde er oerein en sei: ‘Dêr yn de fierte… de fierte.’
Wat er seach? Nimmen kin it krekt sizze. Mar soe it net wêze kinne dat er in paradysfûgel seach mei sân streken op syn kop of in do mei sân blêden oan it tûkje of wa wit de reinbôge mei sân kleuren.

Amen

10. Oargelspul

11. Sjonge
Liet 172: 1, 2, 3 en 4

12. Gebed

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

13. Sjonge
Liet 288: 1, 4 en 8

14. Seine

Wy farre de folgjende rûte fan ús libben yn,
dat kin foar elk in oare rûte wêze,
mar oft it no de earste, de twadde of de lêste is,
God de Skepper jout dêr syn seine oer,
de leafde fan de Skepperssoan sil ús begeliede
en de wyn fan de Skeppersgeast blaast ús libben oan.
Amen

Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum