fan Andrej Andreevitsj Mylnikov*
Yn Ruslân of yn Oekraïne,
it is de keunstner dy’t it wit,
mar dy’t it net mear witte lit,
de sinne lit syn ljocht wol skine.
Se rinne sjongend by ’t lemieren
de fjilden foar de risping yn
of stil… dat wit de soele wyn,
gefoel taast hjoed de dei nei ’t wiere.
Of komme se werom en rinne
se sjongend oer it diene wurk
op hûs oan, stimt ek mei de ljurk,
it antwurd komt net fan de sinne.
Wol harkje nei in wier ferline
doe’t honger ware troch dit gea,
miljoenen rûnen mei de dea
foar eagen sûnder wat te finen.
Yn Ruslân of yn Oekraïne,
de froulju sjonge ’t selde liet
lykas dat yn in krisis giet,
oer beide skynt deselde sinne.
* Andrej Andreevitsj Mylnikov (1919-2012)
Skilderij ‘Op ‘e fredige fjilden’
|