fan Pietro Longhi*
fan Giovan Battista Piazzetta**
De frou is nuveraardich sûn,
mar ’t is somtiden yn de war,
sysels derby, as wie se as in hûn
sa min, sy stiet dan foar in kar.
De apoteker sprekt wol oan,
omdat er medisinen jout,
in bril hat en in winkel mei fertoan,
syn diagnoaze is fertroud.
Fan boppen is in goed begjin,
want mei de lucht komt ’t miel deryn;
de tonge doocht, de luchtpiip eaget tin,
wol brekber by in protte wyn.
Gjin sprake fan it ûnderein,
dêr’t soele wyn faak lûdop waait;
de apoteker hat noch ien sin sein:
‘Goed blaze as it dêroan leit.’
‘Jo binne nuveraardich sûn,’
sa seit it wiif dy’t wierheid fielt,
‘ien hat oan ’t ûnderein de wille jûn,
it is de frou dy’t dêryn dielt.’
* Pietro Longhi (1701-1785)
Skilderij ‘De apoteker’
** Giovan Battista Piazzetta (1683-1754)
Skilderij ‘De wiersister’
|