fan William Powell Firth*
fan Thomas Eakins**
Wa soe net mei de stoomtrein wolle
op ‘e wjukken fan de reek
bewege sûnder ’t sels te dwaan
en sjen hoe’t hiel it lânskip fljocht,
de greiden, paden, ek de beek,
in stream as wie men yn de waan,
net suver by de holle.
En op it treinstasjon is ’t folle
net genôch, gesellich drok,
it is in nimmen en in jaan,
want immen is de beurs al kwyt,
in oare hân glydt oer de rok,
it is mei sizzen net te dwaan,
dus moat er fierder dolle.
Mar hy fersmyt de massaboeien,
wol perfoarst net yn de reek
opgean fan koalen yn it fjoer,
mar siket solo syn fertier
op wetter breder as in beek,
hat sels oer sterke spieren stjoer
mei troch syn wrâld te roeien.
* William Powell Firth (1819-1909)
die twa jier oer ‘It treinstasjon’
en krige in rekordbedrach foar it skilderij.
** Thomas Eakins (1844-1916)
wie ien fan de grutste Amerikaanske
keunstners fan de njoggentjinde ieu.
|