fan William Holman Hunt*
’t Is net it Deade See sâlt
dat him yn de poaten byt,
mar wol dat hy allinnich stiet
yn dizze godferlitten wrâld.
Hy wie fan ’t jier de bok,
tegearre mei syn maat,
wat lei oan ’t sûndich minske-aard:
de sûndebok of oars de flok.
Syn freon kaam yn it fjoer,
it offer oan Jahweh,
mar hy mocht rinne, tankebè,
syn poaten hiene rêst noch doer.
Hy krige ’t read as kroan,
it teken fan it bloed
dat floeie moast, op ’t alter hjoed
en dat fan him miskien wol moarn.
De bôge jout gjin hoop,
ferblikke troch it sâlt,
it is wol wis, hy wurdt net âld,
op nei dy kop, syn lêste loop.
’t Is net it Deade See sâlt
dat him yn de poaten byt,
mar wol dat hy allinnich giet
yn dizze godferlitten wrâld.
* William Holman Hunt (1827-1910)
makke earst religieuze skilderijen,
dêr’t er foar nei bibelske lokaasjes gie.
|