fan Vincent van Gogh*
It is mar wêr’t men berne is,
in lytse poppe hat neat yn de gaten,
mar lettert wit men: mis of wis.
Sy sjocht it lytse wrâldsje oan
mei grutte eagen lykas rotte jirpels,
en noas en lippen ek bedoarn.
Har mûle jout de krekte toan
fan jûntiidskleuren foar ’t folsleine tsjuster,
wa wit, sjocht sy de himel moarn.
De wrâld is grut sa’t sy dêr sit
yn ’t stamkafee, it eigen lytse rûntsje,
want neat wat sy foar oaren lit.
Sy sjocht harsels allinnich oan
mei eagen dy’t wat hawwe fan amandels,
al ryp, sy wachtet net op moarn.
De prúk ûntflammet fan har fjoer,
de reek giet nei in smookje ek nei boppen,
sy wit har himel hat gjin doer.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Kop fan boerinne’
Skilderij ‘Frou yn it ‘Kafee du Tambourin” |