Al lang wie ’t eilân drok beset
fanwege ’t mannichfâldich brieden
op aaien freegjend om mear tiid,
wat skaaide nei in fêste wet,
’t belied wie tuike tuike liede.
Miuw Jorrit kaam mei syn berjocht
fan fuort, hy koe it better krije
as op it eilân, ’t waard syn tiid
en boppedat hie hy syn nocht,
it wie mei ’t brieden faakris lijen.
It eilân rekke yn panyk,
it waard derboppe fleanend krieze,
de aaien rekken út it each,
miuw Jorrit naam al gau de wyk,
wa soe dêrnei de nêsten wize?
Fiif miuwen sieten op it stek
en woene it net better krije,
de put wie djip sa op it each,
dus wie in frjemde miuw net gek
as nêstoanwizer, ’t koe wat lije.
|