Wa sil de wrâld fernije
fan de lange winterdei,
fan stâlen, yn de stoarmen faai,
it sie sil faasje krije.
De wyn sil it befrije
fan de stâlen, fan de dea,
de geast waait siedzjend oer it gea,
wa kin noch langer swije?
Fertel fan al it lijen
troch de helske herten brocht,
dy’t bûgden, brutsen wat wie rjocht,
lit har de stilstân krije.
Dan sil de wrâld fernije,
bloeie maitiidsdagen op,
in bern sjongt mei de dowerop
en pubers stean te frijen.

|