Hy skreaut mei felle tinten,
hat ek noch in grutte bek
as allochtoan;
hawar, it liket lang net gek,
sa docht ús folkje kleurryk oan,
al sit er yn in glêzen tinte.
Lit him mar moai gewurde,
yn syn kleurich fearrepak
stelt hy de show;
hy fielt him yn ús lân teplak
as yn de greide skiep en ko,
dus sparje him te skerpe wurden.
Sy docht har wurk beskieden,
makket har de kop net gek
as autochtoan
en blanke, wachtet op ‘e brek;
dy kundiget nij libben oan,
dat freget om rom op te fieden.

|