It moast der dochs fan komme:
de skerpe bocht let yn it jier,
dy’t kleuret troch de moarntiidsloft;
de einbestimming is noch fier,
der bloeie noch gjin wite blommen.
De hannen yn de wanten,
sa rûn ik troch de rôze bocht,
it sicht op guozzen yn in kloft,
en tocht de wei wurdt letter rjocht,
mar blommen binne noch net plante.
Doe seach ‘k as yn in spegel,
want grûn en himel wiene ien…
hoe lang is dan de wei… in skoft?
In skoft ha ‘k foar de spegel stien
en tocht gjin mins bepaalt de regel.
|