Hoewol’t it dei wurdt, bliuwt it nacht 
en stûkje banen op healwei, 
dy’t sykje nei it fertikale; 
de sinne mist hjoed alle macht, 
de finsters flústerje ferhalen. 
Gjin finster hat de kûgels keard 
doe’t oare lûden rekken wei 
en ’t swarte stoarme troch de poarte; 
wa’t foel en ’t flakke kleuren read, 
’t wie as de duvel dêrmei boarte. 
Gjin ierdske duvel wurdt sa licht 
dat hy al swevend giet de wei 
nei bleate fammen yn de poarte; 
syn stof wurdt wei, komt nea yn ’t sicht, 
dy geast hie dêr net wêze moatten. 
Dy oare geast stiet op en ropt 
de dei wer út it tsjuster wei, 
de rop dy’t klinkt yn alle talen: 
de frijheid set it haatskot stop, 
stim, folken, mei yn har ferhalen.  |