Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan âld op nij

Keunst
PDF Print E-mail
fan Akseli Gallen-Kallela*

Image

Tusken âld en nij fljocht fjoer
de nacht troch by de himel lâns,
op elke klap in lumineus idee,
de oeren jouwe rêst noch doer,
lit ploffe ’t brein, dit is dyn kâns.

Drinke op in heech konsept,
dat wie it doel fan âld op nij
en nei twa romers rap nei de wc,
se ha noch mei de hannen skept,
want wetter makke ’t brein wer frij.

Frij fan dize troch de reek
fan ’t fjoerwurk en de sigaret,
foar elke klap wie ’t kleare brein wer ree,
net nei te kommen foar de leek,
mar keunstners ha opnij ferlet.

Folle net genôch, noch ien
idee, dan is de flesse leech
en fleane sy oer ’t plattelân nei see,
de wjukken binne wol te lien,
de alderlêste, dan omheech…

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
hearde by de rûnte fan jonge Finnen,
dy’t yn restaurant ‘Kämp’ te Helsinki
praten oer keunst en polityk.
Skilderij ‘Symposion’
It Gryske wurd ‘symposion’ betsjut
mei elkoar drinke.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum