fan Jacob Pietersz van der Croos*
It wetter lûkt, de fierte noeget,
lit de paden rinne oer de see,
want ropt dêr net de oare kust
dy’t mear hat as dit keale stee,
dêr’t boer of fisker slaafhurd ploeget.
De trijekleur brûst oer de weagen
fan de Noardsee op Gibraltar oan
en ankeret op ‘e Bosporus;
wannear’t de nacht lûkt nei de moarn,
dan skuorre Friezen grutte eagen.
In kapitein raast rau de mjitte,
wylst de slaven seesâlt switte.
It langstme driuwt, de noardkym noeget,
dêr’t it earste sprietseil boppe stekt,
sjoch fiskers dûnsjen foar de kust
en op ‘e bou, sa is ’t mar krekt,
dêr draaft de boer dy’t fluitsjend ploeget.
Jacob Pietersz van der Croos (1642-1683)
wie in skilder fan lânskippen en seegesichten.
|