In wike letter rûn ik wer
by alle Snitser grêften lâns
om fan de spanning by te kommen,
dat beide rekken yn balâns,
de lea en geast… sjedêr!
Ynienen stie ik stokstiif stil
mei ’t each op fierder, wat dêr lei…
fergetten om dat op te romjen?
Ik moast wol trochgean, want de wei
rûn troch, sa sei myn wil.
It gie hjoed net om earst of lêst,
lavearje of de skoaten oan…
wat koe dat my noch langer bomme!
Dêr lei in minske fan ‘e moarn
mei lea en geast yn rêst?
It wie in keardel as in beam
mei Gaastra as reklamemaat,
ik seach dernei, alhiel ferstomme;
de spanning soarge dochs foar praat…
hy sei wat yn syn dream.
|