De loft hold hjoed de azem yn,
de sinne friet it lêste suchtsje op,
de spanning bonkte yn it silerskrop,
de mar bleau leech, der stie gjin wyn.
Sa rûn it út op fêste grûn
oer ’t skulpepaadsje by it wetter lâns,
folslein mei beide fuotten yn balâns,
wa’t nochter bleau, waard kampioen.
It blau-giel liet bolbjirken sjen
fertier, by wedstriidsilen surrogaat,
it skûtsje, út balâns, rûn ’t eigen paad,
wa’t swart seach, hie de striid ferlern.
It kleed deroer, ’t is gjin gesicht,
de boaten steane klear op fêste grûn,
de bus rydt stappers nei in lêste jûn,
dus komt de ein mei skom yn sicht.
|