It slûgjen leit wol yn syn aard,
benammen nei de plicht as jerke,
dy’t er die mei macht en nocht;
hy hat in heger plakje socht
fanwege sa’t it liket syn prostaat,
sa grut wol as de flerken.
De flerken misse mannich fear,
nei moannen lang as jerke pronkje:
heech it krop en lang de sturt,
sa makke hy syn harem grut,
wie nea mei al it willewurkjen klear,
fergrutte waard syn ponkje.
Dêr stiet er yn syn feale dracht,
ûntdien fan alle maitiidsfearren,
mei as sier noch de prostaat,
de simmer troch ekstern syn maat,
as kompensaasje foar de harempracht,
hy is sa net mislearre.
|